Der wienen ek twa skoalfamkes, dy rounen altyd by Brante Willemke oer 't hiem. Doe joech Willemke ien fan dy famkes ek ris in grouwe apel. Dat famke biwarre dy apel, se iet him net op. Hja lei him yn 't laed fan in kastje.
Op in dei, doe't it thédrinkerstiid wie, soe se de apel dêr wei krije, mar doe wie 't in grouwe pod.
As 't famke dy apel fuort opiten...
nl.verhalenbank.29750
Soms dan hâldden dy katten in forgadering. Dan raesden se hiel bot, as se by elkoar wienen. Dan gong der letter in minske dea. Dêr waerd dan troch dy katten oer praet.
In frou út 'e Kule sei: "De katten ha fannacht wer sa bot raesd, nou giet der gau wer ien dea."
't Wie krekt as songen dy katten.
nl.verhalenbank.29781
Men moest noait op in pod traepje, hwant dan kaem der tonger.
In tsjoenster koe harsels yn in pod foroarje.
nl.verhalenbank.30082
Baeije (de tsjoenster) har suster hie in feint. Dat wie Durk fan Sibe Tieke. Mar dy suster fan Baeije wie ek in tsjoenster. Sy siet njonken Durk yn in pânse. Ek us in kear, doe wie hja wer fuort, doe hie der in klok mei pykjes om him hinne roan. Doe hie se har dêr yn foroare. Har mem wie ek in tsjoenster. 't Wie in echt tsjoensterslaech.
nl.verhalenbank.17503
Ien krige hjir in apel fan in âld minske. Dy waerd fuort net opiten, mar weilein. Doe't se him opite soenen, wie 't in pod. Dat âld minske, dêr't dy apel fan wie, wie in tsjoenster.
nl.verhalenbank.29788
Brante Willemke wie ek in tsjoenster. Op in kear, doe wie der in famke, dat krige in hiele moaije grouwe apel fan Willemke. It wie sa'n moaije apel, hja poetste him glêd, dat it bigreate har om him fuort op to iten. Hja lei him yn 'e kast del.
In pear dagen letter soe se de apel krije en him skile.
Mar doe wie de apel fuort en der siet in grouwe pod yn 'e...
nl.verhalenbank.29749
Us mem krige in pop. Hja krige de molke fan Wigers Wyts. Dy molke krige de pop. Op in kear hie se wer molke helle en even letter soe se dêr guon fan oan 'e pop jaen. Mar doe wie 't gjin molke mear, 't wie in tsyske.
Alde Lolk wie by ús mem. Mem liet it Lolk sjen.
"Dit soe de pop ha", sei se.
Doe sei Lolk: "Dû mast noait wer molke fan Wigers Wyts ha, hwant...
nl.verhalenbank.29752
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje. Hjir op dit eintsje, it Sikkema-hûs in eintsje foarby - foar in meubelsaek oer, hat ek in tsjoenster wenne. Dat wie Piters Willemke. Dy kaem as in kat samar by in oar ta de huzen yn. As hja der op út wie, sei har man Piter: "Der leit wer in pânse op bêd." De pânse liet se altyd thús achter.
Se neamden Willemke...
nl.verhalenbank.29780
Tsjoensters foroaren samar yn katten.
nl.verhalenbank.32140
Hjir yn 'e Westerein kaem ris op in joun in fremde kat by guon yn 'e hûs. Dat wie har buorfrou, dat wie in tsjoenster. Dy koe har yn in kat foroarje. Doe hat de man mei in klomp op dy kat smiten. De oare deis hie de buorfrou in grouwe bult oan 'e holle.
nl.verhalenbank.29786
Alde Hanne fan 'e Westerein wie der altyd op út om katten to fangen. Dy strûpte er dan, en de fellen forkocht er. 't Wie in kattefanger.
Sa kom er op in kear by in hûs, dêr sieten in stik-of hwat katten by elkoar yn in beam. Hanne soe se der út slaen. Mar doe bigounen dy katten to psalmsjongen. Doe waerd Hanne bang en naeide út.
It wienen tsjoensters, dy...
nl.verhalenbank.29748
Betsje wenne froeger yn Kûkherne. Hja hienen keallen, dy hienen se achter 't sket.
Betsje har man dy wie der altyd op út to werken, dan bleau er soms wiken oanien wei, dan wie Betsje allinne thús. Dy forsoarge de keallen dan.
Op in kear sei Betsje tsjin har suster: "Ik doar hjir net mear allinne to bliuwen, hwant alle nachten om tolve ûre binne de keallen...
nl.verhalenbank.29745
Wy hienen in famke, dat waerd bitsjoend. Hja is dea gong. It bern waerd siik en dat waerd minder en minder. Op in nacht waerd ik wekker en doe gûlde it bern sa. Ik sei: "Wolst by my lizze, leave?" Doe kaem se by ús to lizzen.
Hja hie noch mar even by ús lein, doe sei 'k tsjin myn man: "Nou mast dêr ris hearre, sa raer docht dy kat it." Doe stie der in kat...
nl.verhalenbank.29740
Myn kammeraetske wenne oan 'e Swâdde yn in hiel âld hûs. Yn dat hûs doogde it net. It spûke dêr.
De hiele boel wie dêr bitsjoend. Hja hienen in keal yn 't hok. Dat siet altyd fêst, mar moarns wie 't grif los, alle moarnen wie dat sa. Der wie in ûnsichtbere macht, dy't it yn 'e nacht losmakke.
Dêr wienen altyd lûden yn dat hûs. Der kamen guon yn, dat wie...
nl.verhalenbank.30075
By myn skoanheit wie ien fan 'e bern siik. It wie bitsjoend. Doe gong skoanheit nei de duvelbanner Wopke ta. Wopke joech him in drankje mei. Doe sei Wopke: "Mast goed op it drankje passe. Der komt dy aenst ûnderweis in grouwe houn tsjin, dy hat it op it drankje forsjoen. Tink derom en lit dy houn net passeare oan 'e kant dêrstû it drankje hast."
Mar de...
nl.verhalenbank.30067
Tsjoensters kunnen haar in alles feranderen.
nl.verhalenbank.24281
Wytse Bosma wenne yn 'e Kule yn 'e Westerein.
Op in nacht wie der in hiele swerm katten bûtendoar oan 't sjongen. Wytse gong der út mei de biezemstok en hy jowt ien fan dy katten in goeije reis.
De oare moarns moest er oan 't wurk. Syn kammeraet komt by him en seit: "Ik mat nei hûs, hwant myn wiif rint mei de earm yn 'e doek."
"Fordomme," sei Wytse, "dat...
nl.verhalenbank.24580
As bern ûndogensk wienen seinen se: Tink der om, aenst nimt Sinteklaes jimme mei en foroaret jimme yn klontsjes.
nl.verhalenbank.31037
Us mem fortelde, ien fan uzes hie us in apel krigen fan in frommes. Sy wie mei dy apel thúskom. Mar mem hie him har ûntkrigen. De oare deis hie de apel fuort west en der stapte in pod yn 'e hûs om.
Doe hat mem dat frommes fuort it hûs forbean.
nl.verhalenbank.22258
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.24683