617 datasets found
Dutch Keywords: verandering Place of Narration: Twijzelerheide
By dokter Bontekoe yn Hurdegaryp gongen de hekken altyd samar fansels yn 'e nacht wer iepen, as men se ticht dien hie.
nl.verhalenbank.28704
Dedde kom op in joun thús, doe hied er in weinfol tsiis ophelle. 't Wienen allegear dikke fjirtich-pouners. Mar doe rekke de wein yn 't sân en kom tsjin in dampeal oan. Dedde fan 'e wein ôf. 't Hynderke koe neat mear dwaen. Dedde set de wein samar even oan kant troch der achter tsjin oan to stean, mei de rêch en de beide hannen der ûnder. Sa fortilde hy...
nl.verhalenbank.27386
Dy't him oan 'e duvel forkeapet kriget in wikseldaelder. Sa'n wikseldaelder groeit altyd wer oan ta it folle bidrach.
nl.verhalenbank.27392
Eibert Veenstra wenne ek yn 'e Westerein. Dy wie ek ôfgryslike sterk. Hy wie boer en fékoopman tagelyk. 't Wie yn 'e hjerst en om by him to kommen moest men in hiele smoarge modderreed lâns. 't Wie in hiel ein en 't wie ien en al brabze. Hindrik van der Veen ried altyd mei bargen nei Ljouwerter merke ta. Op in kear soed er bargen fan Eibert ophelje. 't...
nl.verhalenbank.27387
Wy hienen in buorman, dat wie in âld-feint. Dy forfeelde him jouns faek allinne en dan kom er wol gauris by ús to jounpraten. Om in ûre of njoggen gong er meastal wer fuort. It famke fan my siet ûnder 'e warten. Op in kear kom er wer by ús. Doe sei er: "Ha jim wol sjoen, dat Marijke al har warten kwyt is?" Dêr hienen wy net om tocht, mar doe't wy seagen,...
nl.verhalenbank.28705
Boardzer Bruining fan Boelensloane sei: Jan troedele Tryntsje en Tryntsje troedele Jan. Doe't Jan net mear troedelje koe, doe troedele Tryntsje Jan.
nl.verhalenbank.28711
Alde Tsearde Antsje () fan Hiltsjemuoi-wâlden seach fan tofoaren bigraffenissen. Hja fortelde gewoan hwa't der stjerre soe. Hja roan noait midden op 'e wei by 't tsjuster, hwant dan koe se samar tsjin in lykstaesje oprinne, sei se. Jouns wie se faek warber. Dan wie der wer in bigraffenis to sjen. Har broer Boardzer Bruning () fan Houtigehage wie èk mei de...
nl.verhalenbank.34476
Doe't myn frou stoar hie se ek alles al fan tofoaren sjoen. Hja wie doe útfanhûs by har dochter yn Bûtenpost.
nl.verhalenbank.34462
Hjir flakby, by de barte, spoeke ek altyd in pleachbeest. 't Like krekt op in greate, swarte houn. Doe't Jan Dykstra noch feint wie, hat er him faek troffen. Hy gong stiif neist Jan lâns en hy brocht him oan hûs ta. Dan gong er werom. Deselden dy't dat meimakke wienen dan deabinaud. It beest hie hiele greate egen. By dei wie hy der noait, allinne by nacht.
nl.verhalenbank.27378
Hiltsje hie soks al oan har, doe wie 't noch mar in fanke. Doe seach se al dingen dy't letter gebeure soenen.
nl.verhalenbank.22016
Jehannes Koaning (= Jhs. Postma) fan Twizelerheide koe in rige soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Hy hie ek in toverboek.
nl.verhalenbank.22002
Ik haw hjir in ein fierderop wenne yn in hûs, doe wie 'k izerkooopman. 2 jier ha 'k dêr tahâlden. Mar wy woenen dêr graech wei. 't Wie dêr net út to hâlden. As wy jouns healweitsienen op bêd leinen, dan gong 't der njonken ús alderheislikst oan wei. 't Wie krekt as smieten se mei grouwe bolstiennen. Altyd wie dat leven dêr, en der wie noait hwat to sjen....
nl.verhalenbank.10675
Alde Karste Lamke wie hjir in bekende tsjoenster. Hja fleach op in biezemstôk troch de loft. Alde Libbe Griet en Theunis Seely wienen ek tsjoensters. Wie der hjir ien bitsjoend dan gongen se faek nei in duvelbanner. Dat wienen almeast Ulke duvelbanner fan 't Wyldpaed en greate Wopke fan Kûkherne. As se duveldrek leinen ûnder 'e drompel fan 'e keet koe de...
nl.verhalenbank.38648
Ik haw in âlde Egbert Witteveen kend, dy kom noch út 'e famylje fan Sterke Hearke. Dy wie al in ein oer de tachtich, doe brocht er in kroadfol dong mei in dikke kop der op troch de buorren hinne nei 't lân ta.
nl.verhalenbank.28842
Fokke hie in jirappelbult. Dêr waerd gauris fan stellen. Doe frege Fokke de plysje, of hy sels wol mei de dieven rêdde mocht. Mar dat stie de plysje net ta, hwant hy wie sa sterk, dat er syn eigen kracht net iens koe.
nl.verhalenbank.38338
Ik hie in buorman, dy fortelde my, der wie in boer, dy hie in faem. Dy faem koe net in feint krije. Doe waerd it merke en dêr woe hja hinne. Doe't it joun woarde, sei se: "Nou krij 'k joun in feint, as wie it de duvel ek." Mar hja krige dy jouns net in feint. Doe gong se nei hûs ta. 't Wie sahwat acht ûre, it iten wie dien. Doe kaem der in hearskip oan....
nl.verhalenbank.38312
As ien bitsjoend is, mat men him nei de teannen sjen. Dan sit dêr skimmel tusken.
nl.verhalenbank.28840
Ien dy't op it stjerbêd hwat oan him hie, dat op snein naeid wie, dy koe net ta stjerren komme
nl.verhalenbank.22160
Twa kooplju út 'e Westerein wienen om handel út. Hja rieden yn in auto oer de ôfslútdyk en doe kommen se by in café. Dêr stoppen se en kochten in kop kofje. De kastlein sei: "Kooplju?" "Jonge ja", seinen se. "Is der noch hwat to finen?" frege de kastlein. "'t Is sykjen," seinen se, "wite jo soms noch hwat?" "Hjir wie juster in man, dy hie in pear moaije...
nl.verhalenbank.28459
As in tsjoenster dea is, is 't in slap popke. Us mem hat yn 1918 mei de Spaenske gryp in tsjoenster ôflein. Se woarde net stiif en bleau like slap as in flarde.
nl.verhalenbank.10688