Tsjoensters hâlde wol in forgadering. Dan foroarje se har yn katten. Dan sitte se yn in stik greidlân en de iene raest mear as de oare. Sy sizze wol, dat it psalmsjongen is.
nl.verhalenbank.22135
Tsjoensters kinne troch 't kaeisgat yn 'e hûs komme.
Nim noait hwat fan in tsjoenster oan, hwant dat kin yn in pod foroarje.
nl.verhalenbank.22134
Yn 'e Houtigehage wienen twa froulju by elkoar to praten. De iene hie in koeke meinom. It minske dêr't se to praten wie, traktearre dêrfan.
Foar harsels snie se in stik ôf mei noch in hiel lyts stikje. Dat lytse stikje iet se op. It greate stik die se tomûk yn in slútkoer, dy't oan 'e souder hong.
"Hwat ha jo jou koeke gau op", sei it minske, dat dêr to...
nl.verhalenbank.20099
In tsjoenster foroaret har faek yn in swarte kat. Hja mat om 'e sawn jier ien deatsjoene, oars giet se der sels oan.
De tsjoensters forgaderje yn 'e gedaenten fan katten.
Alde Tet fan de Bulten wie in greate tsjoenster. Se wienen yn 'e Harkema allegear bang foar har.
Hja tsjoende krânsen yn 'e kessens. Hie se trije krânsen klear dan gong dyselde dea.
Myn...
nl.verhalenbank.10686
Dat werd ok gezegd, as je een appel van een toverheks opat, dan werd 't
na verloop van een dag of wat een pad.
nl.verhalenbank.126559
Tsjoensters koenen har foroarje yn hinnen, hounen, katten en skiep.
nl.verhalenbank.16931
In apel dy't men fan in tsjoenster krige, foroare yn in pod.
nl.verhalenbank.22337
Tsjoensters kunnen haar in alles feranderen.
nl.verhalenbank.24281
De weerwolf dat was een zwarte hond. Bij Scherpenzeel is 't Spokebos.
Daar zatte ze altijd, daar hebbe ze de asem van de weerwolf
gehoord. Zulke dingen werden verteld, bepaalde mensen zouden in
een weerwolf veranderen.
nl.verhalenbank.126390
Der wienen ek twa skoalfamkes, dy rounen altyd by Brante Willemke oer 't hiem. Doe joech Willemke ien fan dy famkes ek ris in grouwe apel. Dat famke biwarre dy apel, se iet him net op. Hja lei him yn 't laed fan in kastje.
Op in dei, doe't it thédrinkerstiid wie, soe se de apel dêr wei krije, mar doe wie 't in grouwe pod.
As 't famke dy apel fuort opiten...
nl.verhalenbank.29750
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.30373
Alle Tet wie in greate tsjoenster. Hja hie bleke steden ûnder 'e egen en wie altyd blau om 'e kop. Hja foroare har yn in kat. As ien mei Tet oproan koe 't samar gebeure, dat er ynpleats fan in minske in swarte kat neist him hie.
nl.verhalenbank.20349
Tsjoensters kinne har yn hast alle dieren foroarje.
nl.verhalenbank.24885
Alle Tet koe har yn in skiep foroarje. Ik gong wol us to sichtsjen mei har soan Jetse. Jetse moest us in kear nei de W.C. Wylst er dêr siet, kom der in hiel dik swart skiep oan. 't Wie by Aen.
Aen kom bûtendoar. Jetse sei: "Hwat wie hjir in dik swart skiep."
Doe seagen se 't op in dyk fleanen, mei gewelt. Aen en Jetse der achteroan. By Alle en Tet woarde...
nl.verhalenbank.22204
In tsjoenster koe har yn alle soarten fan dieren foroarje.
nl.verhalenbank.32648
Tsjoensters koenen har foroarje yn katten, seinen se.
nl.verhalenbank.24599
As bern ûndogensk wienen seinen se: Tink der om, aenst nimt Sinteklaes jimme mei en foroaret jimme yn klontsjes.
nl.verhalenbank.31037
Us mem fortelde, ien fan uzes hie us in apel krigen fan in frommes. Sy wie mei dy apel thúskom. Mar mem hie him har ûntkrigen. De oare deis hie de apel fuort west en der stapte in pod yn 'e hûs om.
Doe hat mem dat frommes fuort it hûs forbean.
nl.verhalenbank.22258
Op 'e Godloas Singel spûken swarte katten om. Guon doarsten dêr net lâns, hwant dy katten, dat wienen tsjoensters.
nl.verhalenbank.30528
Dy't hwat fan in tsjoenster krijt, mat it net opite, hwant it foroaret yn in pod.
nl.verhalenbank.25510