1,341 datasets found
Dutch Keywords: veranderen Place of Narration: Opende
Tsjoensters foroarje har yn katten. Dy katten forgaderje wolris.
nl.verhalenbank.26007
In tsjoenster foroare har yn in kat. Sa'n kat gong altyd ta de skoarstien út.
nl.verhalenbank.26990
Boardzer Bruining fan Houtigehage wie de man dy't geregeld lykstaesjes seach. Mar hy seach ek allegearre oare dingen foarút. Sa sei er, dat hy hie sjoen dat de tsjerke yn in bioskoop foroarje soe. Dat wie de tsjerke fan Luchtenveld. Mar dat is noch net gebeurd.
nl.verhalenbank.38011
Tsjoensters foroaren as katten op in stik greid. Dêr woarde dan bisprutsen hwat se dwaen soenen.
nl.verhalenbank.38015
Tsjoensters foroaren har ek wol yn in dikke swarte kat. Der wie ien dy hie twa apels fan Rikele Myt krigen. Doe't hy der mei thús kom, mocht er dy net opite. Se hongen dy apels yn in kuorke oan 'e souder. Letter sieten der twa dikke podden yn.
nl.verhalenbank.38683
Krijt men hwat fan in tsjoenster en men berget it op, dan wurdt it in pod.
nl.verhalenbank.25960
Tsjoensters kinne har yn alle dieren foroarje. Sy kinne guon deatsjoene.
nl.verhalenbank.24128
In apel fan in tsjoenster foroare yn in pod. Fan Rikele Myt doarsten wy noait hwat oan to nimmen.
nl.verhalenbank.27536
Fan in tsjoenster moet je niets opeten. 't Ferandert in een pad.
nl.verhalenbank.24398
De tsjoensters koenen har yn katten foroarje. As katten hâldden se in forgadering. Dan sieten se yn 'e rounte. Ien wie de oanfierder, dy liedde de forgadering, dat wie de baes. Sy songen in soart psalm.
nl.verhalenbank.27537
Kreeg je een appel van een old mins en dat olle mins was een tsjoenster en je lei die appel in een kast, dan was die appel een poar dagen loater feranderd in een spin.
nl.verhalenbank.27319
De mem Janne learde op dat stuit har dochter Luts it fleanen. Janne koe har yn in kat foroarje. Se ha ris in kear op in fremde kat smiten en dy mei in klomp rekke. Doe wie de tsjoenster de oare deis kreupel. (dat waerd fan Janne forteld.)
nl.verhalenbank.38002
Der roan ris in man yn 'e nacht op 'e Folgersterloane. Doe tocht er: "Hwat ding rint der hyltyd njonken my?" It wie hwat, dat roan op 'e achterste poaten. 't Wie hast like great as hy sels. Doe't hy der hinne gong om to sjen wie it in gewoan skiep, dat op fjouwer poaten roan. Hwat it earder west hat hat er him noait bigripe kind. 't Gebeurde by de...
nl.verhalenbank.27309
Krijt men in apel fan in tsjoenster en men biwarret dy, dan wurdt dat in podde. De âlde boeren hienen froeger in podde op 't hûs stean op in prikje. Ik wyt net hwerom.
nl.verhalenbank.27881
In tsjoenster kin har yn in swarte kat foroarje. Soms joegen se in kat wol us in opdonder, dan koenen se de oare deis gewaer wurde hwa't de tsjoenster wie.
nl.verhalenbank.25981
Moeke fertelde ook: In tsjoenster hat hoar feranderd in een kat. Doe gaf een hoar een opdonder tegen de kop an. Loater sagen sij de tsjoenster met een doek om 'e kop. Doe had se pine yn 'e kop.
nl.verhalenbank.24397
By Ate Meter dêr wie altyd in grouwe, swarte kat om 'e doar hinne. Ate hie 't net op dy kat stean. Hy hie al in pear kear prebearre der in raem op to dwaen, mar hy koe him noait ûnder 'e hân krije. Op 't lêst hied er goed oppast. Doe't de kat der wer oankom hied er in dikke kneppel yn 'e hân, doe die er de doar fluch iepen en sloech ta. Hy rekke de kat....
nl.verhalenbank.25988
Alde Rikele Myt - ek faek Mytsje-muoi neamd - wie ek in tsjoenster. Dy wenne op 'e Skieding. Jouns wie se altyd op in paed. Dan foroare se har yn in kat. Op in kear kaem se sa ris wer by minsken. Mar de man hie har yn 'e rekken en sei: "'k Sil dy wol helpe." Doe sloech er in spiker yn 'e ein fan in stok. "As se nou wer komt, dan krijt se der fan", sei er....
nl.verhalenbank.32011
As Rikele Myt jin hwat joech, moest men dat noait opite, hwant dat foroare yn in pod. Rikele Myt joech sels ta dat se in tsjoenster wie. As se jin in apel joech, moest men dy ûnder in kop lizze en dan nei trije dagen der wer nei sjen. Dan wie 't in pod. Myt siet jouns mei in spjelde to prippen yn in popke. Dan wie se wer oan 't tsjoenen.
nl.verhalenbank.19511
Rikele Myt fan 'e Skieding wie in tsjoenster. Dy koe har yn in swarte kat foroarje. Op in kear wie der in man op jacht. Dy skeat op 'e swarte kat. It each wie der út. Dy kat, dat wie Rikele Myt.
nl.verhalenbank.31926