As wy hjoed-de-dei in dikke kat sjogge, sizze wy: "Sjoch, dêr giet de tsjoenster ek hinne."
nl.verhalenbank.29436
In tsjoenster koe har yn in swarte kat foroarje.
nl.verhalenbank.33650
Yn Grins op 'e kermis hat ien in fetfol wetter samar foroare yn wyn. Myn man hat it sels sjoen en der ek fan preaun.
nl.verhalenbank.17756
Hwat men fan in tsjoenster opyt, kin yn in pod foroarje.
nl.verhalenbank.18101
Yn Sumarreheide wenne in arbeider, dat wie Jehannes van der Zee. Dy soe op in moarn nei syn broer ta, dat wie Sjoerd Bonnes.
Hy is ûnderweis trije kear omheechsmiten woarn. Hy wie in rare, rûge keardel. Mar doe is er bikom. Hy is der alhiel troch foroare.
nl.verhalenbank.23037
In tsjoenster kin har yn in swarte kat foroarje.
nl.verhalenbank.21218
Tsjoensters foroarje har yn katten. As katten hâlde se ek forgaderingen op in stik lân achter de buorren. Dan sjonge se. De dikke boarre hat dêrby de lieding.
nl.verhalenbank.22063
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.32927
Tsjoensters foroaren har yn katten. Sa kamen se by de minsken yn 't bûthús en harken hwat der to rêdden wie.
nl.verhalenbank.21027
Krige ien in apel fan in tsjoenster, dan foroare dy yn in pod.
Guon ha sa'n apel wol biwarre. Letter wie 't in pod.
nl.verhalenbank.38166
Iksels fornim ek wolris dingen fan tofoaren. Ik ha fiif jier lang yn Limburch west yn 'e minen. Dêr hearde ik soms de lûden fan timmerjen. Dan woarde dêr op datselde plak letter hwat foroare. Dat kom altyd nei. Soms hearde ik it wol in healjier fan tofoaren.
nl.verhalenbank.28605
Dat weet ik ok nog. D'r waren heksen die vertoonden d'r eigen 's nachts,
zogezeid als dieren, een witte bever. En weetje wat ze dan deden? Een zilver
dubbeltje van vroeger in 't geweer. Dat was het bijgeloof, dat was het
enigste middel om de heksen te doden.
nl.verhalenbank.126660
In pikswarte kat moest men jin foar hoedzje. Dat wie faek in tsjoenster.
nl.verhalenbank.27889
Yn Skoat wenne ek in âld-wiif, dat tsjoene koe.
Ik haw ek wol ris heard dat in tsjoenster har yn in hazze foroare. In tsjoenster fleach samar oer de feart. Sy fleach mei in biezemstôk tusken 'e skonken yn 'e loft.
nl.verhalenbank.28366
In apel dy't men fan in tsjoenster krige, foroare yn in pod.
nl.verhalenbank.22337
De bakker fan Warten
'As ien in gesicht hie dat er sels net lije mocht, dan sei de bakker fan Warten: Do komst mar in kear by my! Dan koe er dat feroarje, in nije holle bakke. Tsjin immen dy't himsels net lije mocht, seinen se ek wol: Dan silst wol nei de bakker fan Warten moatte'(A.B.-S.).
nl.verhalenbank.13673
t Gebeurde bie dei wat lu ook wel, dat ze appels in de kaaste lign harn. As schaive Geesie dr den west har, wazn de appels veranderd in vieze porn.
nl.verhalenbank.44474
As kikkerts sjonge komt der oar waer.
nl.verhalenbank.21575
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje. Sy seinen altyd, dat yn 'e Harkema, dêr wenne Alle Tet, dat wie de helte fan 'e tiden in kat.
nl.verhalenbank.29314
Alde Jan Oenes siet yn 'e gefangenis, mar hy kom elke joun thús by syn mem. Dan siet er as in hazze op 'e tafel. Hy krige dan lekker iten fan har en hie er dat op, dan gong er wer nei de gefangenis ta. Hy wenne yn Sweagerbosk en wie in greate tsjoender.
nl.verhalenbank.16537