1,341 datasets found
Dutch Keywords: veranderen Place of Narration: Opende
Olde Bearn van der Woude fortelde over in hoas. Doe liep ik, seid ie en der was in dikke hoas. En doe seit er: ik der hinne met 't geweer om de hoas te skieten. En ik skiet der op en hij fliegt over de kop en weg was er. 't Schot was der uut. Ik kon niet meer schieten. De andere oavend kwam ik op 't selde plak. Doar was de hoas weer. "Nou bist der west",...
nl.verhalenbank.24393
Us heit wie hynstekoopman hjir yn Grinzerpein. Sierd de Vries en syn frou Wytske wennen hjir ek. Hja kamen wolris by ús om in hynder to keapjen, dan kaem Wytske mei en dan bleauwen se by ús to jounpraten. Se hienen fjouwer bern: Jelle, Ielkje, Foppe en Evert. As it hwat letter waerd, sei Wytske: "Wy matte wer nei hûs." Dat wie om Foppe, in lytse, bleke...
nl.verhalenbank.32010
Doe't wy to Grins wennen kom der us in âld minske fan Rotterdam by ús. Dy wie katholyk. Dy fortelde ús, njonken har hie in jonge frou wenne. En dêr wer njonken wennen twa ûngetroude froulju. Dat wienen tsjoensters. Dy wienen nachts op in paed. Dan wienen se alhiel yn 't swart mei greate kleden om har hinne. Ien fan dy froulju stie us op in nacht foar 't...
nl.verhalenbank.25967
Tsjoensters wienen hjir froeger wol. Hja tsjoenden by oare minsken krânsen fan fearren yn 'e kessens. Bern mochten fan in tsjoenster noait hwat oannimme en opite. Krigen se in apel of sa en dy leinen se ergens del, dan foroare dy yn in pod. In pod is feninich. Hie sa'n bern dy apel opiten dan hie 't bitsjoend west. In tsjoenster foroare har wol faek yn in...
nl.verhalenbank.27994
Tsjoensters kinne har yn alle dieren foroarje, meastal yn katten, mar ek wol yn fûgels.
nl.verhalenbank.16766
Tsjoensters foroaren har yn katten.
nl.verhalenbank.25727
Rikele Myt wie in biruchte tsjoenster, nei't se seinen. Hja wenne op 'e Skieding. Dy foroare har faek yn in kat.
nl.verhalenbank.27269
Der wie in âld minske, dat sukkele wol gauris. Op in kear kom dat âld-wiif oan 'e oare kant it spoar, dat de tsjerne bitsjoend hie, us by har. Sy hie in moaije apel meinom en woe ha dy soe dat âlde minske opite. Mar dat die dat âld minske net. Hja hie in pear âldmoaddrige koppen boppe op 'e kast stean en ûnder ien fan dy koppen lei se de apel. De oare...
nl.verhalenbank.17364
Te Schoorldam was iemand die water in wijn kon veranderen. (C. van de Nadort)
nl.verhalenbank.9347
In tsjoenster kin har yn alle dieren foroarje.
nl.verhalenbank.27271
Tsjoensters kinne har yn katten foroarje, sizze se altyd.
nl.verhalenbank.38194
Tsjoensters skrippe altyd mei krintebôlle. De krintebôlle dy't se jowe foroaret yn podden.
nl.verhalenbank.17363
In tsjoenster foroare har soms yn in swarte kat.
nl.verhalenbank.38046
Tsjoensters kinne har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.36859
Tsjoensters koenen har yn alle soarten dieren foroarje.
nl.verhalenbank.25563
In tsjoenster koe har yn in swarte kat foroarje, wie 't sizzen altyd.
nl.verhalenbank.33697
Ik ha wol us fan ien heard, dêr seinen se fan dat it in wjerwolf wie. In wjerwolf is in forskuorrend beest, dêr't in man him yn foroarje kin. Hy kin der sels neat oan dwaen, hy mat it dwaen, of er wol of net. 't Is syn twadde natuer. It gebeurd inkel by nacht. Dan mat hy der út en dan mat er hwat forskuorre. As er op in bipaeld ding trapet - hwatte, dat...
nl.verhalenbank.23486
Tsjoensters dy koenen har yn in swarte kat foroarje.
nl.verhalenbank.38074
Yn Aldegea hat in tsjoenster wenne, dy joech in bern in pear parren. It bern iet dy parren net op. Se woarden op in plak dellein. Doe't se der letter wer nei kommen to sjen wienen it podden.
nl.verhalenbank.15709
In swarte kat koe ek in tsjoenster wêze.
nl.verhalenbank.33569