Fan sawn dochters is ien in nachtmerje. In nachtmerje giet troch 't slotsgat.
Men die duveldrek ûnder 'e drompel. Dat wie ek om de tsjoensters to kearen. Se hienen ek altyd duveldrek ûnder 'e bargebakken.
Skoanheit helle de duveldrek fan David Flud fan Drachten (= D. de Vrieze). Dan sei er: "Ik mat in duvelspoepke ha."
"Even wachtsje," sei David Flud...
nl.verhalenbank.26908
Der wienen twa reuzen mei de Boarn oan 't graven. It gong hurd-op, hwant sy hienen elk in heale pream yn gebrûk. Dêr skepten se mei. Doe seach de iene achter him nei 't wurk dat se dy deis dien hienen. De feart wie hielendal bryk. "Aah - krom!" sei er tsjin syn maet.
Dat hearden de minsken, hwant in reus praet lûd. Doe joegen se dat plak dêr de namme fan...
nl.verhalenbank.26909
Hjir kom froeger in sekere Hindrik v.d. Molen, dy hie pikelhearrings to keap. Wy wienen allegear in bytsje bang foar him, hwant se seinen, as hy it fé oanrekke, dan woarde dat siik. Hy bitsjoende de beesten.
nl.verhalenbank.19509
Twa jonges yn Beets hienen in weddenskip. De iene wie nochal rêstich en hie net safolle to keep, de oare hie altyd gâns bombaerje en gewelt. Op it tsjerkhof wie in iepen grêf. Dêr moest de oare deis in lyk yn. De deagraver hie by it dollen twa deadskoppen tofoarskyn helle en dy hied er oan 'e kant fan 't tsjerkhôf dellein.
De beide jongfeinten hienen...
nl.verhalenbank.26921
Noch foardat de tram fan Grins nei Drachten der wie, ha gâns minsken by joun de ljochten al sjoen en guon hearden him ek wol oankommen yn de Pein.
nl.verhalenbank.32015
Yn Hantumer Utbuorren wenne in skatrike boer. Dat wie Jan Douma. Op in moarntiid kom er fan 't bêd doe stienen de doarren allegear iepen en alle kij stiene achterstefoar op 'e stâl. De tsjernmoune hie de hiele nacht draeid. It hie de hiele nacht in stik lawaei west.
nl.verhalenbank.23130
Der binne plakken, dêr doarre de skippers noait to lûken hwant dan komt der ien njonken harren, dy lûkt mei, sûnder dat se him sjen kinne. Dan giet it ynienen hiel licht. Dan binne se deabinaud, hwant it is de kweade, dy't dan meilûkt.
nl.verhalenbank.25970
To Koartwâld wienen fjouwer man dwaende mei in swiere parrebeam op 'e wein to tillen. Mar hja koenen it net rêdde. Doe kaem sterke Hearke dêr by. Hy sei: "Jimme krije dy beam by de forkearde ein beet." Doe naem hy de beam op en hy tilde him allinne op 'e wein.
nl.verhalenbank.31911
Ik ha wolris heard fan minsken dy't soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte koenen. As minsken ús froeger bang meitsje woenen, seinen se wol: "Tink der om hear, oars lit ik soldaetsjes út 'e hurddobbe komme!"
nl.verhalenbank.25964
To Hurdegaryp is in homeije, dêr wie 't krekt sa mei. Dy gong ek altyd wer iepen. Die wie mei gjin mooglikheit fêst to hâlden.
nl.verhalenbank.25958
Wy wennen oan 'e Drachtster wei, tichte by de bosk. Nachts om sa'n tolve ûre hinne hearden wy soms trije klappen fan in moker yn 'e Julianabuert. Myn broer sei, wienen jy yn 'e Julianabuert, dan hearden jy dy trije slaggen op 'e hoeke.
Letter is de bosk der útgong en de heide woarde ûntgonnen. Doe woarden der fredingen makke en dêrby hearden wy dyselde...
nl.verhalenbank.27168
Syn broer kom dêr op in moarntiid lâns yn 'e winter. 't Wie op 'e ein fan 'e Julianabuert. Doe kom datselde pleachbeest der wer oan. Doe hat it in hiel ein mei syn broer oproan.
nl.verhalenbank.23468
As in houn spûkgûlet, komt der binnen trije dagen in deaden.
nl.verhalenbank.27154
Ien dy't op 't stjerbêd klean oan hat, dy't op snein makke binne, kin net stjerre.
nl.verhalenbank.26302
Flak by de grote kerk bij 't groene kruis-gebouw de weg in woar nou Nijboer woont, doar stond froeger in ploatske. Verder was der niks. De reed is in hiel ein achteruut. Het boereploatske stond doar eensoam en ferloaten. 't Was doar toen nog allemoal heide. Nou is der in wegje, dat was der toen niet. Mem het foak forteld hoe it doar in dat ploatske goan...
nl.verhalenbank.26869
Pleachbeesten wienen sa great as in keal. Se hienen greate gleone eagen en greate earen. Se stienen faek by in omstap. Se joegen noait rûmte, mar se dienen de minsken oars gjin kwea. Se sprongen de minsken ek wol us op 'e rêch. Myn âlde mem hat us ien troffen. Sy roan fan Noard Drachten by de Dwarsfeart lâns en kom oer de Hege Brêge. Doe moest se fierder...
nl.verhalenbank.19496
Bearn van der Woude seach soms lykstaesjes fan tofoaren.
nl.verhalenbank.26896
Mei skoppenboer koe Edzer Brúntsje (= E. Bruining) in flesse drank helje. Edzer Brúntsje fan Surhústerfean wie in âld tsjoenster.
nl.verhalenbank.27544
Yn 'e Mieden stie us in kear in hûs yn 'e brân. Guon gongen der hinne om to sjen, mar doe brânde it net.
Letter is it hûs ôpbrând.
nl.verhalenbank.26894
Myn man, dat wie Ingbert Bijma. Dy syn swager seach froeger ris in ljocht yn 'e Parken, dat biweegde. Letter wist er hwat dat bitsjut hie. It hie de foarboade west fan 'e tram dy't fan Grins nei Drachten ried.
nl.verhalenbank.37999