18,425 datasets found
Dutch Keywords: toverij Narrator Gender: male Place of Narration: Twijzelerheide
As ien bitsjoend is, mat men him nei de teannen sjen. Dan sit dêr skimmel tusken.
nl.verhalenbank.28840
In kat kin him yn in minske foroarje en in minske yn in kat. Sa'n minske is in tsjoenster.
nl.verhalenbank.28445
As der ergens pasgeboaren bern wienen, dienen se duveldrek ûnder 'e drompel. Dat wie om de tsjoensters to kearen.
nl.verhalenbank.27379
Mem har broer wie troud mei in dochter fan âlde Minne Ael. Alde Minne Ael wie in greate tsjoenster, dêr hienen de minsken it net op stean. Har dochter wenne yn Kollum. It wie myn muoike. Dy koe èk tsjoene, seinen se. Froeger hienen jy altyd Kollumer merke yn oktober. Dêr gyng ik faek mei heit hinne. As wy dan by muoike oangongen woe heit net lije dat wy...
nl.verhalenbank.34477
Jehannes Koaning (= Jhs. Postma) fan Twizelerheide koe in rige soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Hy hie ek in toverboek.
nl.verhalenbank.22002
Foar âlde Minne Ael wienen guon spookbinaud. Omdat sy de bern bitsjoende, nei't se mienden. Guon seaden spjelden yn in griene têst oer 't fjûr. Dan hie de tsjoenster gjin macht mear oer 't bern, seinen se. Der is in foardracht fan froeger, mei dizze wurden: Ik ried dy oan en doch dyn bêst: Sied spjelden yn in griene têst!
nl.verhalenbank.27380
Mei Skoppenboer kinne guon in flesse drank komme litte.
nl.verhalenbank.10698
Yn 'e Harkema wenne in man dy't it fé siik makke. Hy rekke it allinne mar even mei de hân oan.
nl.verhalenbank.10695
Soms woe 't net bûterje, as de lju oan 't tsjernjen wienen. Dan wie 't fé bitsjoend, dêr't de molke fan kom. Dan sieten dy beesten ûnder 'e kwea-minsken.
nl.verhalenbank.34479
Om tsjoensters to kearen brûkten se duveldrek.
nl.verhalenbank.23773
In tsjoenster koe troch 't kaeisgat yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.23428
Dy't yn 'e Swarte spegel sjogge kinne sjen mei hwa't se trouwe sille. Trouwe se net, dan krije se in deakiste to sjen.
nl.verhalenbank.10700
Ik hie in suster Jitske, dy is sa'n fiif jier lyn forstoarn. Hja wenne yn Hiltsjemuoiwâlden, hwat achterút. Tichteby stie in húske, dêr wenne in man-allinne yn. Dy man dat wie in tsjoenster. Dêr stie nòch in âld húske, dêr wenne in âld wyfke yn. As myn suster by dat âld wyfke kom, dan wie 't sloof alhiel ûnstjûr. Myn suster fortocht dy frijgesel der fan...
nl.verhalenbank.34463
Op 'e Tille wenne Reid Keuning. Dy koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Myn swager hat der wol hinne west, dy hat it sjoen. Dy soldaetsjes marsjearden yn gelid. Mike Ruerd fan 'e Harkema koe 't ek.
nl.verhalenbank.10696
Tusken Twizel en Koatstermoune wenne Reinder Park. Dy hie in houten hân. Dy koe mear as sljochthinne. Hy koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. As it striemin waer wie dan dripte it bloed by him ta de souder út. Ik ha 't sels sjoen. Hy liet de soldaetsjes om 'e tafel hinne marsjeare. Dêrnei gongen se wer ta de hurdplaet yn. Hy brûkte de bibel om...
nl.verhalenbank.34482
Tsjoensters hâlde der popkes op nei, dêr pripkje se mei nuddels yn. Deselde dy't se bitsjoend hat krijt dan pine as hja stekt; dy fielt de stekken.
nl.verhalenbank.34478
To Grins kochten Ymke en Auke en Wytse in pakje tabak foar in dûbeltsje. Ymke bitelle de man. Hy lei de sinten op 'e toanbank del. Mar doe't de man se krije soe, leinen der gjin sinten. Ymke sei: "Nou opgepast. Nou sil 'k se jo yn 'e hân dwaen." Hy lei se de man yn 'e hân, mar doe't er him omkearde wie de hân leech. Sokke kueren hied er altyd. De man hat...
nl.verhalenbank.22028
Klaes Tammes fan 'e Godloaze Singel liet eintsjes ta de hurddobbe útkomme.
nl.verhalenbank.22159
Kei (myn man) en ik kamen froeger in bulte by âlde Gjetsje. Wy wennen yn har húske en wienen tige iens mei elkoar. Kei foaral. Kei krige altyd kofje en in stik koeke foar har. Dêr wie se tige mâl mei. Ik krige noait hwat. Doe waerd Kei siik. Hy bigong to sukkeljen. Doe sei myn mem tsjin my: "Dû mast Kei duveldrek yn 't festjebûske dwaen." Dat haw ik dien...
nl.verhalenbank.22010
Froeger hienen de measte minsken om ús hinne duveldrek ûnder 'e drompel foar de tsjoensters.
nl.verhalenbank.23423