Guon kinne soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte.
nl.verhalenbank.28122
De swarte spegel hearde by de waarzeggerij. Dan seagen se yn dy spegel. Dan krigen se hwat fan 'e takomst to sjen.
nl.verhalenbank.27958
Yn Moddergat wenne in man, dy koe him yn in wite kat foroarje.
nl.verhalenbank.28099
Seagen se hjir in kat by nacht, dan wie dat in tsjoenster.
nl.verhalenbank.27821
Fan in tsjoenster moat men noait hwat oannimme.
nl.verhalenbank.27954
As der ien bitsjoend wie, dan siet der in krâns yn 't kjessen dêr't dyselde mei de holle op lei. Dy krâns forbrânden se yn 'e dôfpot, dan kaem de tsjoenster foar de doar.
nl.verhalenbank.28101
Wie hjir froeger ien bitsjoend, dan gongen se nei Wopke fan Kûkherne. Sy krigen dan in drankje mei yn 'e bûs. Sy moasten der omtinke, as der ien oankaem, dy moast binammen net passeare oan 'e kant dêr't it drankje siet.
nl.verhalenbank.28095
Yn Peasens wenne in smid, dy hat ris in kear in hynder bislein. Mar de oare deis sieten de hoefizers der alle fjouwer achterstofoar ûnder. Dat hynder wie bitsjoend, 't wie in spookhynder.
nl.verhalenbank.27838
Hja ha hjir in kat alris in reis jown. Sy tochten dat it in tsjoenster wie. En dat wie ek sa, hwant de oare deis wie der in frommes kreupel.
nl.verhalenbank.28100
Aeltsje wenne ek yn Moddergat. It wie in tsjoenster. Sy hie har eigen soan bitsjoend. It bern stoar. Hja hie hiele rare eagen yn 'e kop. Doe't it bern stoar sei se:
Eén uur van onbedachtzaamheid
kan maken dat men jaren schreit.
nl.verhalenbank.27949
Op in moarn bitiid soenen in stik of hwat fiskfroulju der meielkoar op út om fisk to forkeapjen. Doe kommen se by in frommes dat èk mei soe, mar dy wie der noch net ôf. Sy sei: "Ik liz noch op bêd, ik bin der noch net ôf. Mar ik kom jim wol achternei. Wachtsje mar op 'e hoeke op my."
Doe de fiskfroulju dêr kamen, doe wie se dêr al. Sy moat dêr hinne flein...
nl.verhalenbank.28098
Omke hie 't froeger oer ierdmantsje Readburd. Dêr fortelde er fan. Wy moasten as bern yn 'e gong stean gean. As wy lang genôch yn 'e gong stean bleaun wienen, soed er ús roppe en dan kommen de kabouters út 'e hurddobbe wei mei Readburd foarop. Mar hy rôp noait. Wy ha noait hwat sjoen.
nl.verhalenbank.27860
Ik ha wolris heard dat der guon wienen, dy hienen de kweade hân. Dy koenen it fé samar siik meitsje en dan stoaren de dieren op 't lêst.
nl.verhalenbank.27953
Der wienen froeger guon dy koenen de minsken fêstsette.
nl.verhalenbank.27833
Tsjoensters fleane op in biezemstok. Sy kommen troch 't kaeisgat of 't goatsgat yn 'e hûs.
Hwannear't it net bûterje wol hat der in tsjoenster by de tsjerne west. Tsjoensters brûkten toverboeken.
nl.verhalenbank.27832
Mei in spylkaert kinne guon in flesse drank komme litte.
't Moest in swarte boer wêze. De skoppenboer is de duvel, dat is deselde mei de bile.
nl.verhalenbank.28120
Njonken myn omke yn Peasens wenne in man, dy gong foar in tsjoenster troch. Dy man hiet fan Ljujjus (= Livius). Omke fortelde, op in kear stie er fóár by 'e wei mei omke en dy to praten tsjinoer de foardoar.
Omke rint troch 't hûs nei de achterdoar - en dan komt dyselde Ljujjus út it hok wei; doe hied er de geit krekt molken. Doe wist omke dat der twa...
nl.verhalenbank.27950
Hjir wenne yn Moddergat in âld tsjoenster, dêr wienen in protte lju bang foar. It bern dat de tsjoenster foarby gong, moest in krús sette. Dan koe dy tsjoenster it bern neat dwaen.
Wy mochten noait hwat fan in tsjoenster oannimme.
De lju dienen hjir duveldrek ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.28096
Tsjoensters ha popkes. Dêr prippe se yn mei nuddels en spjelden. Dêr pinigje se de minsken mei. Hjir hat froeger ien yn Moddergat wenne, dy koe dat. Dat wie swarte Akke.
nl.verhalenbank.27955
Hjir wie in bern siik. It bern krige medesinen fan dokter. 't Joech neat. Der sieten oare machten achter neffens de âlden. Der wie ien dy lapte dat; in tsjoenster.
Doe gongen se nei de duvelbander ta. Dat wie Wopke fan Kûkherne. Dy sei, se moasten it kjessen fan 't bern iepen snije en dan de krânsen der út helje. Dy moasten opbarnd wurde yn 'e kachel....
nl.verhalenbank.27820