Alle Tet koe in keppel beesten sa oerstjûr meitsje, dat der gjin hûs mear mei to hâlden wie. Men moest har dan hwat yn 'e hannen stopje, dan makke hja se wer rêstich.
nl.verhalenbank.22339
By Reahel is in hynder alris samar yn 'e groun sonken. 't Is wei woarn, sy ha der noait wer hwat fan sjoen.
nl.verhalenbank.33551
De plysjes hienen Imke de Jong al us grypt. Se hâldden him stevich fêst, mar even letter seagen se, dat se de jas yn 'e hân hâldden. Imke wie fuort.
nl.verhalenbank.22322
Ymke de Jong kom ris in kear ergens. Hy hie in man by him. Dy man sei tsjin Ymke: "Hwat ha ik in toarst."
Doe siet dêr in faem to melken.
De man frege har: "Mei 'k hwat molke ha?"
De faem wegere.
Doe draeide de koe him om en sei: "Jow dy man hwat molke."
Dêr woarde de faem sa kjel fan dat hja naeide hurd út.
(Ymke de Jong koe bûksprekke)
nl.verhalenbank.32683
By dyselde boer hat myn wiif har heit arbeider west. It gong dêr altyd raer op dy plaets. Nachts rieden de weinen op 'e telle út har sels hinne en wer. De boer hearde it ratteljen fan 'e weinen en koe der net fan sliepe. Skoanheit wie doe noch jong. Dy slepte yn 'e stâl yn 't bêdsté. Dy stjûrde hy op in nacht nei de telle ta om to sjen. Sels doarst er...
nl.verhalenbank.33537
To Moddergat wenne in tsjoenster dy hie in bern bitsjoend. It bern gûlde altyd. Doe makken se it kessen iepen en doe siet dêr in krâns yn.
nl.verhalenbank.33542
Op 'e hoeke fan 'e Stienzer Hege Dyk (nei Beetgum, Stiens en Froubuorren) wie 't jouns altyd swart fan 'e swarte katten wie 't sizzen altyd. Dy katten spoeken dêr om.
Mar as jy der by kamen wienen alle katten fuort.
nl.verhalenbank.33550
To Burum wenne in boer Jan Melles Kooistra. Dêr wenne in faem by de boer, dat wie Tet. Mei dy faem haw ik forkearing hawn.
Der sloech yn dat hûs nou en dan in klok, dy't der net wie. De faem hie 't my forteld, mar ik woe 't earst net leauwe.
Op in kear sieten wy yn 'e keuken. Doe sloech der in klok twa ûre.
"Hearst it nou wol?" sei Tet.
Ja, doe hearde ik...
nl.verhalenbank.29291
Der hat ris ien nei in duvelbander ta west, dy wie bitsjoend. Doe moest er dêr by dy duvelbander pisje.
Doe helle dy duvelbander in iilkwabbe by him út 'e pot.
Dy hied er útpisse. Hy wie dus foargoed bitsjoend.
nl.verhalenbank.32679
Alle Tet krûpte wol us wei, dan siet se yn 'e tonne. Dan gongen se nei har ta mei in heafoarke. Dan lieten se har bilove, dat se deselden dy't by har kommen op dat stuit noait kwea dwaen soe. Hwant, seinen se, oars soenen se har mei de heafoarke deastekke.
Dat biloofde se dan.
nl.verhalenbank.22340
As de tsjerne bitsjoend wie woe 't net bûterje.
Mem hie der altyd in hekel oan as der ien by de tsjerne kom, hwant it koe us kwea folk wêze.
nl.verhalenbank.21668
Yn Reahel haw ik in âlde buorman hawn, dy hie yn syn jonge jierren boerefeint west yn Droegeham. Hy slepte yn in bêdsté yn 'e stâl. It doogde dêr net, it spûke der. Hy hie mei eigen eagen sjoen dat der op 'e koestâl in ammerke stie to dânsjen.
nl.verhalenbank.33536
Imke de Jong woarde us in kear opsluten yn 'e sel achter doarren mei greate slotten. Mar hy wie der even letter út. Sy founen in papier oan 'e want. Dêr stie op: Hier temt men leeuwen en beren, maar Imke de Jong om de duivel niet.
Der wie net in slot tsjin him bistand.
nl.verhalenbank.22323
Reid Keuning fan Koatstertille koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Hy liet se marsjeare. Hy stjûrde ek wol kaerten fuort om in flesse drank, seinen se.
nl.verhalenbank.20687
Tseard van Dekken wie boer yn Droegeham (earder wied er plysje). Dy fortelde, by him yn 'e skuorre wienen lytse mantsjes. Dy marsjearden dêr hinne en wer.
nl.verhalenbank.22324
Men koe in spylkaert fuortstjûre om in flesse drank to krijen. De flesse drank sweefde dan yn 'e harbarge om. Ien moest dan dy flesse oanpakke, mar net deselde dy't de kaert fuortstjûrd hie. Oars gong dyselde dea.
nl.verhalenbank.22341
Heit en Imke de Jong soenen us in kear nei in hynstespul ta. Dêr wienen in protte minsken.
Der lei in hiele greate balke yn 't midden. Dêr koe in man trochhinne krûpe. Hy bigong oan 'e ein fan 'e balke. Dêr krûpte hy der yn. Op 'e oare ein soe hy der dan wer ta'n út komme.
Doe't er sahwat yn 'e midden wêze moest, hied er lûd jown. "Hwer bin ik nou?" frege...
nl.verhalenbank.21602
Se seinen altyd, in tsjoenster koe har yn in kat foroarje.
As se froeger wite woenen as in siik bern bitsjoend wie, ûndersochten se it kessen. Founen se dêr krânsen yn, dan wie 't bern bitsjoend. Der woarde dan om socht hwa't de tsjoenster wie. De krâns(en) woarde(n) forbrând.
Se dienen faek duveldrek ûnder 'e drompels. Dy't it bern bitsjoend hie koe dan...
nl.verhalenbank.32677
Yn Twizelerheide wenne stammerige Harm. Ik ha sa'n bytsje forkearing hawn mei ien fan syn dochters.
Stammerige Harm hie de kweade hân. Hy handele in bulte yn lytsfé. As er by guon kninen keapje woe en dy minsken woenen se net misse, dan struts hy der even mei de hân oer hinne. Dan koe men der mar fan op oan, dan wienen se de oare moarns dea.
Hy hie noait...
nl.verhalenbank.20686
By uzes thús hienen wy altyd duveldrek ûnder 'e drompel. Ien dy't dêr net oerhinne komme koe, wie in tsjoenster.
Fan in tsjoenster moest men neat oannimme. Iet men hwat fan in tsjoenster op, dan wie de kâns great, dat men bitsjoend wie.
nl.verhalenbank.29554