6,876 datasets found
Dutch Keywords: toverij Narrator Gender: female Place of Narration: Andel
Vroeger was d,r iemand die zee: ,,Ik ben wel is bij ene mens geweest, die 't kon late waaie. Da was in Wijk en Aalburg. Hij zat in huis en liet 't waaie, hij liet zo hard waaie dat de juttepere van den boom viele. De mense ware bang van 'm!
nl.verhalenbank.125530
As men trije kear achterelkoar 'ja' seit, dan is men bitsjoend.
nl.verhalenbank.29747
Hindrik Mulder syn mem to Houtigehage oan 'e wyk wie in tsjoenster. Sjut, de mem fan Siis Veenstra, wie ek in tsjoenster. (Langewyk)
nl.verhalenbank.33326
Op Feanwâldsterwâl, fortelde myn man, mat froeger in sekere Jehannes Meerstra wenne ha, dy koe mear as in oar. Dy koe elkenien samar stean litte, as er dat woe. It is us gebeurd, doe soe ien oer de barte, dy't oer de feart lei. "As ik wol," sei Jehannes, "komstû net oer 't bartsje." Doe koe dyselde der net oer komme.
nl.verhalenbank.22739
De tsjerne wie froeger faek bitsjoend.
nl.verhalenbank.22845
Guon minsken koenen net leve en net stjerre. Sokke minsken wienen bitsjoend.
nl.verhalenbank.22861
By tsjoenderij komt altyd tokrûmele roggebrea to pas.
nl.verhalenbank.12368
Ik staan een heel bult mensen niet. Je kunt 't aan de ogen wel sien of se tsjoenen kennen.
nl.verhalenbank.24295
Jehannes koe de minsken ek stean litte.
nl.verhalenbank.38097
De froulju koed er de rokken ôfsakje litte.
nl.verhalenbank.38099
Minne Ael wenne by de Swâdde. Dat wie in echte tsjoenster. Dêr wienen se allegear binaud foar. Ien dy't se bitsjoene woe, hat ris tsjin har sein: "Smoarge, âlde duvel, dû kryst my net!"
nl.verhalenbank.33680
Tsjoensters komme troch 't slotsgat.
nl.verhalenbank.25811
Hanne Kramer (= Hanne de Vries) wie in tsjoenster. Hy fortelde der wolris hwat oer. Hy sei: "As tsjoensters geane wy meielkoar nei Lieverdeloo, dêr hâlde wy avondmael. Dan binne it Fokke Sjouk en Piters Willemke dy't tafeltsjinje (Fokke Sjouk en Willemke wienen ek tsjoensters fan 'e Westerein). Hanne Kramer koe eintsjes fleane. Dat wisten alle minsken...
nl.verhalenbank.34570
Mei sa'n toverboek koenen se ek wol âlde roeken ta de hurddobbe út komme litte.
nl.verhalenbank.27460
Fonden se in krans in 't kussen dan was dat tsjoensterswerk.
nl.verhalenbank.32623
Alle Tet wie ek in tsjoenster. Us mem hat twa jonges forlern. Dat wie Alle Tet har wurk.
nl.verhalenbank.22031
IJe Wykstra fan Lúxwâld de biruchte moardner, hearde wit hoe faek dingen fan tofoaren, dy't letter gebeurden. Dat wie tsjirmerije.
nl.verhalenbank.37775
As de tsjerne bitsjoend wie woe 't net bûterje. Mem hie der altyd in hekel oan as der ien by de tsjerne kom, hwant it koe us kwea folk wêze.
nl.verhalenbank.21668
Hy koe alle doarren iepen krije. Net in slot, dat tsjin him bistand wie.
nl.verhalenbank.29792
Fan in tsjoenster mat men noait hwat opite. Hwant dan wurdt men sels bitsjoend.
nl.verhalenbank.19451