26,868 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: toverij Place of Narration: Houtigehage
Dy't yn in swarte spegel seach, koe alles sjen, hwat er mar sjen woe. As der ien fuort wie en dy woenen jy graech sjen, dan krigen jy dyselde to sjen. Der wienen ek wol guon dy seagen it net, 't siet him yn 'e soarte fan minsken. As der hwat wei wie, seinen se: "Even yn 'e swarte spegel sjen."
nl.verhalenbank.24300
Antsje Marten sei: "Ik ha de kâlde koarts." Ik sei: "Dan matte jo âlde Piter Scheper komme litte." Alde Piter kom en dy krige Marten by 't skouder en hy sei: "Dû bist de koarts kwyt, ik ha him op 'e beam oerbrocht." Doe skodde de beam krekt as in rusk. De beam hie de koarts fan Marten oerkrige.
nl.verhalenbank.23820
't Gebeurde froeger wol gauris dat der krânsen yn 'e kessens sieten. Deselde dy't dêr slepte wie dan bitsjoend.
nl.verhalenbank.29415
Der binne minsken, dy kinne oare minsken fêstsette. Mar 't is mar tydlik.
nl.verhalenbank.24250
Alde Gjerte Jel en Luts koenen tsjoene. Alde Minke Germ soe de moarns to fiskjen en doe moete hy dy beiden. Se sweefden oer de dauwe hinne.
nl.verhalenbank.23877
Ik ha wolris by sa'n ien west, dy koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Der wienen wol forskate dy't dat koenen. Mar as ik der by wie, koenen se it net. Ik sei dan: "Doch it ris." "Né," seinen se, "wy dogge it net."
nl.verhalenbank.24301
Minse Griper koe mei 't toverboek ek soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte.
nl.verhalenbank.25593
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje. Yn Houtigehage lei in bern yn 't berneweintsje. Dêr kom altyd in swarte kat by dat bern. 't Wie in fremde kat. Doe seinen dy lju: "Soe dat wol goed spul wêze, dat dy kat dêr altyd is?" Sy hienen 't net sein of de kat gong fuort. Hy naeide út en sy ha him noait wer sjoen. Dat gebeurde by ús heit en mem yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.25608
Wy hienen froeger altyd stûperse hoannen - dat binne hoannen sûnder sturt, mei prachtige kleuren - by ús hinnen. Stûperse hoannen keare de tsjoensters, wie 't sizzen altyd. Dêrom hienen wy se ek.
nl.verhalenbank.25860
Minse Griper wie myn âldomke. Syn wiif Griet Snipel wie in suster fan Antsje Snipel, myn beppe. Hy koe mei skoppenboer in flesse drank komme litte.
nl.verhalenbank.25861
As ien in krâns yn 't kessen hie, dan wie dyselde bitsjoend. Se seaden nuddels en spjelden yn in panne, dan kom de tsjoenster by de doar. Neitiid sieten dy nuddels en spjelden yn 'e krânsen.
nl.verhalenbank.25888
Alde Rikele hat wol sein, as syn wiif, âlde Myt nachts fuort wie, dan leinen allinne de yngewanten njonken him op bêd.
nl.verhalenbank.24560
In protte minsken hjir yn 'e Houtigehage hienen duveldrek ûnder 'e drompel lizzen. Dan koenen der gjin tsjoensters yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.25882
Gjerte Jel en Janne Luts wienen mem en dochter. Hja koenen allebeide tsjoene. Sy gongen jouns op 'e biezem sitten en sa fleagen se troch de loft. Guon ha har alris oer de wyk fleanen sjoen.
nl.verhalenbank.25880
Alde Piter Scheper hie buorkerije en wenne op Luchtenveld. Dy koe de minsken stil stean litte. Sy hienen 't net rjocht op Piter stean. Hy koe de minsken de koarts ek ôfnimme.
nl.verhalenbank.25884
Myn âld-omke Jille-om (Jille Pultrum) kom us by in frou, dy hie de koarts. Jille-om sei tsjin har: "Wolle jo de koarts graech kwyt?" (It minske hiet fan Froukje) "Ja seker", sei se. "Skriuw dan op 'e doar: Froukje is net thús." Hja die it en gong fuort. Doe't se wer thús kom, wie de koarts fuort.
nl.verhalenbank.23824
Frânse Hinke fan 'e Rottefalle tsjoende krânsen yn 'e kessens. As sa'n krâns foltoaid wie, stoar dyselde dy der op lei to sliepen. Der siet fan alles yn sa'n krâns. Allegear triedsjes fan dingen dêr't oan naeid of stoppe wurdt.
nl.verhalenbank.25611
Us mem tsjinne froeger by Tamme Hansma op it Wytfean. Dan moest se jouns wolris turven helje út it hok. Op in kear soe se dat wer dwaen, doe seinen dy turven: "My net! My net!" - Mem hat it faek forteld.
nl.verhalenbank.33098
Guon hienen in toverboek. Dat koenen se noait wer kwyt wurde, woarde der sein. Ek guon hienen in toverstokje.
nl.verhalenbank.22036
In tsjoenster mat om 'e sawn jier ien deatsjoene. Oars giet se sels dea.
nl.verhalenbank.25174