Tsjoensters tsjoene in krâns yn 't kessen fan 't bern. As dat it gefal is, is 't bern bitsjoend.
nl.verhalenbank.37804
Der binne guon, as dy by in houn komme, dan is dy houn fornield. Dan is er deadsbinaud. Dan is er net wach mear. As der ien komt, dan rint er fuort. Sokke minsken kinne mear as gewoan.
nl.verhalenbank.24004
Alde Minse Griper wie har man. Dy koe mei bihelp fan skoppenboer in flesse drank komme litte.
nl.verhalenbank.22919
Piter Scheper kom moarns ek wolris by ús, (Sytse de Boer), as wy sieten to kofjedrinken.
As wy dan de kofje nei de mûle ta bringe soenen, siet it kopke oan 't pantsje fêst. (Dit fortelde deselde faem)
nl.verhalenbank.25404
By in tsjoenster mat men neat opite. Dat foroaret yn in pod.
nl.verhalenbank.23505
Ek in kear, doe siet ús buorwyfke by ús. Doe wie Imke de Jong der ek. Doe sei 't minske: "Kom, ik mat der mar op út to boadskipjen."
"As jo boadskipje wolle," sei Imke, "dan matte jo ek sinten ha."
"Dy ha 'k wol", sei 't minske.
"Binne jo dêr wis fan?" sei Imke.
"Jawis", sei se.
"Sjoch dan mar ris", sei Imke.
Hja sjen en sjen en doe sei se: "Och heden, ik...
nl.verhalenbank.25585
Rikele Myt hat wolris in bern bitsjoend. Wy doarsten as bern net by Rikele Myt oer 't hiem.
Myt koe krânsen yn 'e kessens tsjoene. De froulju dy't op 'e Skieding wennen, seagen alle dagen de kessens nei.
nl.verhalenbank.29394
Hy koe de froulju ek samar de klean ôfsakje litte. Dan stienen se neaken op 'e wei.
nl.verhalenbank.19681
Lytse Kees wenne yn Drachtster Kompenije. Guon wienen wol us by him om 'e doarren. Dan seagen se dat er samar in leger soldaten ta de hurddobbe komme liet.
Even letter liet er se der wer ta'n yn gean.
nl.verhalenbank.25583
Minse Griper fan 'e Boelensloane koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte.
nl.verhalenbank.29392
Tryn Snipel fan 'e Boelensloane liet soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme. Dy liet se springe en dânsje.
nl.verhalenbank.22918
Yn Smel-ie wenne Ate Jager, dy koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte, seinen se. Dan bigongen dy soldaetsjes to marsjearen. Ate hie in soan, dy wie ien meter fiif great. Dat wie lytse Anne Jager Wolbikend.
nl.verhalenbank.24005
Jan Durks de Jong fan Aldegea forkocht baggelers yn 't great. Hy hie allerhande folk yn 't wurk. Ek in sekere Ruerd fan Surhústerfean. 't Wie op in saterdei. Hy rekkene mei 't folk ôf. Der waerd ek in buorrel by jown.
Doe sei Ruerd tsjin him: "Der kin wol in grapke ôf, net baes?"
"Dêr ha 'k neat op tsjin", sei Jan Durks.
Doe liet Ruerd soldaetsjes ta de...
nl.verhalenbank.24862
Yn 1931 wie der op 'e Suderhegewei by Drachten in dwaelljocht. De minsken wienen der stjerrend binaud foar. Hindrik Storm hie in ammerke mei molke by him, mar hy kom sûnder molke thús, sa hurd wied er útnaeid. It is net bikend of hjir foartsjirmerij fan west hat.
nl.verhalenbank.19314
As in tsjoenster by jin komt, liz dan in stikje brea of strui hwat rogge foar 't bêd. Rogge en brea is heilich. De tsjoenster kin jin dan neat dwaen.
nl.verhalenbank.23105
Om 'e sawn jier mat in tsjoenster ien deatsjoene.
nl.verhalenbank.27765
Hindrik Pikelhearring fan Grinzer Pein koe mear as oaren. Bearn van der Woude sei altyd: hy is fan 'e duvel. It wienen duvelskunsten dy't Hindrik die.
"Op in kear kom ik by Hindrik wei", fortelde Bearn. "'t Wie op in joune let en tsjuster. Hindrik liet my ta de doar út.
'Kinst dy allinne wol rêdde?' sei er.
'Jawol', sei 'k.
'Pas mar op', sei er.
Doe't ik...
nl.verhalenbank.26057
Ik trof Imke us in kear yn in café yn Amsterdam. 't Wie yn 'e Bloedstraat. Hy wie dêr oan 't fijoelespyljen. It wie doe al in âld man. Ik frege him: "Kinne jo dy kunsten fan froeger noch?"
"As ik woe, noch wòl", sei er.
(Der wenne doe in Meijer yn dat café)
nl.verhalenbank.25588
As jonge wie 'k ris oan 't sinteklazejeijen. Doe kom ik ek by in tsjoenster. Dy joech my in klap. Ik stapte foarút, mar doe rekke ik mei de foet yn har stikkene jurk en doe lei ik samar op 'e rêch foar har. Dat wie in duvelskunst.
nl.verhalenbank.27764
Piters Hindrikje hat de bern fan Wytse Hountsje en Hinke èk bitsjoend.
nl.verhalenbank.33038