18,211 datasets found
Dutch Keywords: toveren Narrator Gender: male Place of Narration: Buitenpost
Der waerd biweard dat er frijmitseler wie.
nl.verhalenbank.38433
Der waerd biweard dat er de minsken stean litte koe.
nl.verhalenbank.38426
Op in kear wie er mei ien fan syn maten op stap. Doe hie er ynienen roppen: "Pyk, pyk!" Doe kamen der allegear hinnepykjes oan, in hiele rige, allegear moai achter elkoar, hyltyd mar mear. "Wolst noch mear piken sjen?" hied er tsjin syn maet sein.
nl.verhalenbank.38421
Hy koe de froulju de rokken útsakje litte. Dat hat er faek genôch dien.
nl.verhalenbank.38430
Jehannes tsiisrinder liet by Doede Postma de soldaetsjes ta de hurddobbe út komme.
nl.verhalenbank.28645
Jehannes gong ek wol nei tsjerke ta. Der wie ien dy frege him ris: "Foldocht it jo hwat?" "Jawol," sei Jehannes, "ik mei sa graech oer sjongen."
nl.verhalenbank.38429
Hy koe de tange by de hurd opspringe litte.
nl.verhalenbank.38420
Hy koe de soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte en dan bigounen se moai to marsjearen. Hy liet se ek wer yn gelid ta de hurddobbe yn gean. Us mem hat it sels sjoen.
nl.verhalenbank.38419
Yn 't Wêst fan Bûtenpost wenne Frits Klunder. Dy syn wiif koe tsjoene. Tiet de Haen hyt se, se leeft nòch. De minsken ha har faek forwiten dat se in tsjoenster wie. Yn 'e Harkema hat se in frommeske bitsjoend.
nl.verhalenbank.30958
Kaem der in sergeant mei dreigeminten by him, dan liet er dy sergeant stiif stean. Dan koe dy net in kant út.
nl.verhalenbank.30966
In tsjoenster mat om 'e sawn jier op syn minst ien dea tsjoene, oars redt de duvel mei har.
nl.verhalenbank.22972
Op in kear kom ik thús fan 't Surhuzumer feest yn 'e nacht. Wy wennen by de Trijesprong. Ik brocht de karre yn 'e hûs. Doe wienen se midden yn 'e nacht mei de moune oan 't smarren. Mar dat hat foartjirmerij west.
nl.verhalenbank.19454
Mei syn tsiishandel doarst Jehannes op alle hiemen to kommen. Der wie net in houn dy't him hwat die.
nl.verhalenbank.38428
Op in nacht leinen Klaes Jippes en 't wiif op bêd, doe fleach der in bol fjûr oer har hinne. Hja hienen in lyts jonkje, dêr wie 't omtrint oan ta west. Hja hienen deabinaud west. Dat hie Jehannes syn wurk ek wer west.
nl.verhalenbank.38423
Hy wist ek altyd krekt hokker lju forlet hienen fan tsiis en hoefolle jild de minsken by har hienen.
nl.verhalenbank.38432
Jehannes hie ek in boatsje, dat wie in soart fan skouke. Dêr hie er in seiltsje op en dêr sylde er mei. Dan siet er yn 'e foarein en hy stjûrde net. Hy hie neat beet, en dochs sylde hy mar raek.
nl.verhalenbank.38425
Myn neef Repke siet ris by Jehannes tsiisrinder yn 'e kroech. Repke hie de klompen útdien. Dy hied er njonken him by de stoel stean. Hy soe nei hûs ta. Doe sei Jehannes tsjin Repke: "Dû giest joun sûnder klompen nei hûs ta." De klompen stienen njonken Repke. Hy soe se oan dwaen, mar hy koe der mei gjin mooglikheit yn komme. Hy is sûnder klompen nei hûs ta...
nl.verhalenbank.28644
Jan Popkes hie in toverboek. Dêr die er syn kunsten mei. Dêr koed er like hurd yn achterút lêze as foarút lêze.
nl.verhalenbank.28646
Jehannes tsiisrinder hie in kroech op Feanwâldsterwâl. Dêr kommen us in kear lju lâns, dy hienen in petroaljefet, dat rollen se foar har út. Doe wienen se oan 'e herberch fan Jehannes ta, doe woe dat fet ynienen net fierder. Doe liet er dy lju stean. Jehannes koe ek duvelskunsten.
nl.verhalenbank.28643
Hy hie in spul kaerten, dêr lei er in kop omkeard oer hinne. Even letter helle hy dy spylkaerten ien ta de jas út.
nl.verhalenbank.30965