Us heit sei altyd: ik wol elkenien net by it fé ha. Der binne guon dy ha 't fé samar siik.
nl.verhalenbank.28522
In tsjoenster kin har yn in swarte kat foroarje.
nl.verhalenbank.21218
Sokken hienen in toverboek. Dêr stienen dy duvelskunsten allegear yn. Sa'n toverboek koenen se noait wer kwyt wurde.
nl.verhalenbank.21556
Reid Keuning fan Koatstertille liet de soldaetsjes oer de flier rinne. Dy kommen út 'e hurddobbe wei.
nl.verhalenbank.28524
Minse Griper wie troud mei Tryn Snipel. Sy wennen hjir oan 'e Spekloane. Minse Griper hie in forboun mei de duvel, waerd der sein en Tryn koe tsjoene. Se kamen ek wol by har om de kaert lizze to litten.
nl.verhalenbank.17329
Tseard van Dekken wie stille plysje yn Droegeham. Dy stuts Imke de gek oan. Doe hat Imke him dânsje litten.
nl.verhalenbank.28293
Imke de Jong woarde yn Ljouwert nei de gefangenis ta brocht.
Sy treauwen him yn 'e sel. Mar wylst it gefangenispersoneel stie to sjen, roan Imke moai ta de poarte út. Der wie net in slot tsjin him bistand.
nl.verhalenbank.27583
Imke koe op twa plakken tagelyk wêze. Hy wie soms op itselde momint by de foardoar en by de achterdoar.
Op in kear, doe't er de kaserne yn Ljouwert forlitten hie, waerd er op itselde tiidstip yn 4 poarten fan 'e stêd sjoen.
nl.verhalenbank.32229
Imke wie ris by in boer achter Ljouwert yn 'e ûngetiid. It wie op in dei dat it reinde en 't wie gjin heawaer.
Dêr stie in greate houtbult op it hiem en de boer sei tsjin Imke: "Dû kinst wol bigjinne to houtsaegjen, dan hast hwat to dwaen."
De boer gong yn 'e hûs. Doe't er efkes letter wer bûten kaem wie alle hout al sage.
nl.verhalenbank.32228
De minsken wienen froeger bang foar in pod. Hwant dat wie in tsjoenster, mienden se. Dy koe har yn in pod foroarje.
nl.verhalenbank.21553
Anne Herder hie in kroechje op it Wytfean. Dêr wie altyd in soad jongfolk út 'e Harkema. Anne Herder koe ek soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte.
nl.verhalenbank.21550
Ymke de Jong koe minsken stil stean litte. Ik ha wol us heard dat er de plysje fan de Ham (Ts. v. Dekken) op Hamster merke stil stean litten hat.
nl.verhalenbank.21545
Minse Griper fan 'e Boelensloane koe in regimint soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Ek âlde roeken, ek wol oare dieren.
Minse Griper uit Boelenslaan kan een regiment soldaatjes, roeken of andere dieren uit de haardkuil laten komen.
tovenaar, soldaat (maken), roek (maken), regiment, verschijnen, toveren
Minse Griper, Boelenslaan, Boelensloane
nl.verhalenbank.27276
Guon ha in toverboek. Alde Ritske Aeltsje hie ek ien, seinen se. Dy koe tsjoene. As se oan 'e iene kant fan 'e wyk stie to praten, wie se in sekonde letter oan 'e oare kant, sûnder dat der in brêge wie.
Gjerte Iebel koe ek tsjoene.
nl.verhalenbank.21891
Achter ús mem yn 'e Harkema wennet in minske, dat is de frou fan Piter Rauwerda. Dat minske hat bitsjoend west. Se hie krânsen yn 't kessen. It wie in frommes fan Bûtenpost, dy't har bitsjoend hat (de frou fan Frits Klunder)
nl.verhalenbank.23936
In tsjoenster foroaret har yn in kat. Sy hat it meastal op lytse bern forsjoen. Dan gûlt sa'n bern de hiele nacht.
In tsjoenster is yn de regel in âld-minske.
nl.verhalenbank.28129
Piter Schepers hat hjir stille plysje west. Dy koe mear as in oar. Op in kear wie der in jonge, dy hie de koarts.
"Hastû de koarts, jonge?" frege der.
"Ja", sei de jonge.
"Woest dy wol kwyt?"
"Jawol", sei de jonge.
"Nou dan moat dizze bjintepolle dyn koarts mar ha. Hy krige de bjintepôlle, en sloech earst mei de hân tsjin 'e jonge oan, doe tsjin 'e...
nl.verhalenbank.17656
Doe't ik soldaet wie kom ik us yn Sint-Anne. Dêr siet ik yn 'e herberch. Doe kom dêr ien yn, dy hie in pakje kaerten by him. Hy liet it ús sjen. Doe frege er: "As ik dizze kaerten tsjin 'e muorre oan smyt, hokker mat der dan tsjin oan sitten bliuwe?"
Dat soe hartenboer mar wurde. Hy smiet de kaerten tsjin 'e muorre oan en hartenboer bleau sitten.
"Krij...
nl.verhalenbank.27582
Minse Griper wie duvelbanner. Dy koe jin stilstean litte. Jouns stjûrde er in spylkaert út: Skoppenboer. Dan liet er in flesse drank komme, mar dy mocht er sels net oankrije.
Sibe Bos fortelde 't my. Dy hie der by west.
"Nou matte jimme dy flesse even oankrije", hied er sein.
De flesse sweefde yn 'e keamer om. Net ien doarst it to dwaen. Doe woarde Minse...
nl.verhalenbank.24702
Mem (dat wie Thomas Klare, Klare van der Heide, in bikende kaertlizter) tsjinne yn Drachten. Minse Griper sei: "Klare, sil 'k strak mar us in grapke mei dy ha?" "Né," sei Tryn, dat matst net dwaen." Mar hy die 't àl. Mem wie oan 't Dwarsfeartster houtsje ta, doe sakken har de rokken ôf. Dat died er ek mei it toverboek.
nl.verhalenbank.17646