1,581 datasets found
Dutch Keywords: toveren
Fan in tsjoenster mat men noait hwat opite. Hwant dan wurdt men sels bitsjoend.
nl.verhalenbank.19451
Alde Piters Willemke wie in tsjoenster. Nachts reizge se op 'e biezemstok troch de loft. Hja foroare har soms yn in swarte kat.
nl.verhalenbank.36673
Om 'e sawn jier matte de tsjoensters ien deatsjoene, oars geane se der sels oan.
nl.verhalenbank.19928
In soan fan Imke de Jong hat tagelyk mei my ûnder tsjinst west. Imke wie koopman. Ien fan 'e mannen ûnder tsjinst sei us in kear: "Nou bin ik myn boekje kwyt." (Hy kom werom fan 'e stêd) Imke syn soan sei tsjin ien fan 'e mannen: "Dû hast syn boekje yn 'e bûs." En doe wie dat ek sa.
nl.verhalenbank.22997
As der ien bitsjoend wie gongen se nei de duvelbanner. Dat wie òf greate Wopke fan Kûkherne òf Alle Jager fan Burgumerheide.
nl.verhalenbank.36470
Edzer Brúntsje koe ek soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dan bigongen se moai to exersearen.
nl.verhalenbank.27545
As hjir froeger bern bitsjoend wienen, gongen se mei de mûtskes nei de duvelbander ta. Dat wie meastal Willem Everts. Dy wenne ergens yn 'e Trynwâlden.
nl.verhalenbank.18206
Yn Twizelerheide wenne in âld man dy bitsjoende it fé. Ik wie ris by Hindrik Veenstra útfanhûs. Hindrik-om wie der op út. Aeltsjemuoi en de soan Piter wienen thús. Doe sei Piter: "Der komt in âld man hjirhinne." Aeltsjemuoi seach. Doe sei se: "Piter, doch gau it slot op 'e doar fan 't hok." Dêr siet it fé yn. De âld man sei: "Is Hindrik ek thús? 'k Wol 't...
nl.verhalenbank.36266
Ruerd v. d. Veen wie myn pake. Se seinen, hy hie in toverboek. Hy koe der soldaetsjes mei ta de hurddobbe útkomme litte, woarde der biweard.
nl.verhalenbank.19521
Guon hjir yn 'e Pein lieten de spylkaerten dounsje. Mar 't wie de duvel dy't dounse. Dy siet der yn.
nl.verhalenbank.27546
Mike Ruerd fan 'e Harkema liet soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme.
nl.verhalenbank.33296
Familie van 'n heks kon muizen maken zonder staarten.
nl.verhalenbank.46392
Tsjoensters matte om 'e sawn jier ien deatsjoene.
nl.verhalenbank.25190
Der binne guon, dy kinne de spylkaerten dounsje litte. Dan dounsje se allegear trochinoar. Op it lêst misse der twa. Dat is ien fan 'e hearen en de frou fan in boer. Dy binne der togearre tuskenút knypt.
nl.verhalenbank.25557
I. De duivel 3. Kan hij ook wel de gestalte van een dier aannemen? Zo ja, van welk (bok, kater, hond, spin, vlieg enz.)? Vroeger werd er wel verteld dat zekere vrouw van de duivel bezeten was en zich in een kat veranderen kon en dan de mensen betoveren kon.
nl.verhalenbank.127334
Ik sei tsjin Jan Koe (= Jan de Meer): "Jou jirpels komme net op, Jan." "Né," sei Jan, "se binne bitsjoend, ik ha se fan ien dy't tsjoene kin."
nl.verhalenbank.23872
Froeger wienen der guon, dy koenen soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte.
nl.verhalenbank.24112
Mike Ruerd koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dy liet er oer de flier marsjeare.
nl.verhalenbank.29350
Ymke de Jong koe de minsken stiif stean litte.
nl.verhalenbank.20638
Mike Ruerd fan 'e Harkema koe de katten prate litte. Dan hied er in kat op 'e earm. En dy joech alle antwurden op syn fragen. Sytse Jager (_) hat it sels heard. Dy hat it my forteld.
nl.verhalenbank.27792