Yn Twizelerheide wenne in âld man dy bitsjoende it fé. Ik wie ris by Hindrik Veenstra útfanhûs. Hindrik-om wie der op út. Aeltsjemuoi en de soan Piter wienen thús. Doe sei Piter: "Der komt in âld man hjirhinne."
Aeltsjemuoi seach. Doe sei se: "Piter, doch gau it slot op 'e doar fan 't hok." Dêr siet it fé yn.
De âld man sei: "Is Hindrik ek thús? 'k Wol 't...
nl.verhalenbank.36266
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.32927
Alde Klaes Skeltes Tryn koe fleane.
nl.verhalenbank.12238
By ús mem en dy is 't âldste jonkje stoarn. Se woenen wol ha dat er bitsjoend wie. Letter woarde der wer ien fan 'e jonges siik. Doe tocht mem: Nou wol 'k der op tiid by wêze. Hja toarnde 't kessen iepen en rôp: "Dêr ha 'k him al!"
Doe hie se in krâns yn 'e hannen. Dy ha se forbrând en 't bern is wer better woarn.
nl.verhalenbank.36234
Jehannes wie tsiiskoopman. Dêrom neamden se him faek Jehannes tsyske. Hy koe ek soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte.
nl.verhalenbank.21121
Evert tsyske (= E. Bergsma) wie skeper op 'e Sumarreheide. Op in kear wie er mei syn skiep op 'e hoeke fan 'e Hearrewei en de heidewei. Doe sei Piter Poes: Ho.
Evert koe net in stap mear forsette en de skiep al likemin.
nl.verhalenbank.32058
Alde Jehannes Ketellapper wenne op 'e Sumarreheide. Syn wiif Jantsje koe in hiel bataljon soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte.
Ik ha 't sels sjoen. Sy die dat om 'e bern binaud to meitsjen. Wy naeiden altyd hurd út as se ús dêr mei drige. Sy koe mear as in oar.
nl.verhalenbank.12237
It gebeurde wol dat, hwannear't it jongfolk by elkoar wie, ien fan har klaveraes fuortstjûrde om in flesfol drank werom to krijen.
nl.verhalenbank.20257
Skoanheit handele yn lytsfé. Hy kom us by minsken op 'e Tike mei hinnen.
Goed soun? frege er oan 'e man. En 't wiif ek?
Né, 't wiif leit op bêd.
Is se dan siik?
Né, mar de geest dy sweeft, dy is der op út. As se aenst wer thúskomt en sy set thé, dan matte jo net drinke, hear.
Ik sil wol wizer wêze, sei skoanheit.
Hy seach mar gau, dat er fuortkom, hwant...
nl.verhalenbank.12232
De tovenaars en de tovenaressen, dêr leau ik oan.
Yn 'e tiid fan sawn jier matte se ien deatsjoend ha.
Gebeurt dat net, dan gean se der sels oan.
nl.verhalenbank.12250
Op 'e Tike wie in jonge bitsjoend. Se hellen Piter Poes der by. Dy makke mei de lodde in goatsje om it strjitsje hinne by de foardoar. Doe die er dêr hwat yn 'e groun, dat er mei modder bistoppe.
nl.verhalenbank.12249
Piter Poes seach mear as in oar. Hy wie by minsken yn 'e kost. It hûs dêr't se yn wennen, moest fortimmere wurde. Piter Poes sei: "Der matte ek noch sinten yn sitte." En wrachtich, der kom in partij jild út it ûleboerd wei.
nl.verhalenbank.25625
De froulju wienen bang foar Jehannes Meerstra. Hwant as er it dwaen woe, liet er de froulju samar de klean útsakje. Dan stienen se neaken op 'e wei.
nl.verhalenbank.21119
Der wie in âld man - 't sil yn 'e buert fan Drachten west ha, tink ik - dy hie fé op 'e stâl stean, mar dat fé wie allegear bitsjoend. De kij woenen gjin drinken en gjin fretten ha en 't wienen allegear skarminkels, sa meger wienen se. By dyselde man gong alle dagen in drip bloed troch de souder hinne en dy foel altyd yn 't kopke dat op 'e tafel stie en...
nl.verhalenbank.36258
Piter Poes wie de duvelbander fan Sumarreheide.
As jonges rôpen wy him achternei:
Piter Poes
mei de hannen yn 'e boes,
it himd op 'e teannen,
dêr komt Piter Poes oanfleanen.
Ik wie us mei in stik of hwat oare jonges op 'e Pasterijelânnen yn Sumarreheide. Ien fan myn maten sei sa: "Men sjocht Piter Poes tsjintwurdich noait." Hy hie 't net sein, of dêr...
nl.verhalenbank.12229
Piter Poes koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Hy wie duvelbander. Hy koe de minsken ek stean litte. Dan sei er: "Ik lit jimme stean."
Bargen koed er bitsjoene. As er by de bargen kom, woarden se siik. Hy moest se ek wer better meitsje.
As er op it lân oan 't wurk wie, sei er soms: "Der komt aenst wer ien by my om rie." Dan koe men der mar fan...
nl.verhalenbank.24639
By it Weidumerhout troffen heit en syn twa maten ris trije moaije wite dames. Dy kommen der oanstappen. Heit en syn maten soenen to kanaelslatten. Sy seinen tsjin elkoar: Dêr wolle wy elk ien fan ha.
Mar doe't se tichterby kommen, wienen de dames sa mar fuort as wie 't loft.
nl.verhalenbank.12223
Op Skûlenboarch sochten âlde froulju froeger alle triedsjes en toukes op, dat de tsjoensters se mar net bisette koenen foar de krânsen.
nl.verhalenbank.12236
Ien fan 'e Tike hat my forteld:
Ik (dit wie âlde Jan Potskipper syn wiif) stie op 'e reed. Ik rôp Pije en Hoeke, myn beide jonges, hwant wy masten ite. Der wie net in minske to sjen yn gjin fjilden noch wegen. Doe stie ynienen âlde Tryn achter my, mei in lekken om har hinne.
Ik woarde danige kjel en sei: "Dû âlde duvel, dû bist net gong, dû bist flein."
nl.verhalenbank.12234
Lju mei in bibelske namme kin in tsjoenster gjin fet op krije. Us heit wie in Paulus. Ik bin út 'e skrift, sei er, my dogge se neat.
nl.verhalenbank.12235