Ik staan een heel bult mensen niet. Je kunt 't aan de ogen wel sien of se tsjoenen kennen.
nl.verhalenbank.24295
Guon ha in toverboek. Dat ha se fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.25195
Tsjoensters matte om 'e sawn jier ien deatsjoene.
nl.verhalenbank.25190
Ik siet yn 'e forkearing. Om sahwat halwei twaën kaem ik by de faem wei. Doe trof ik trije froulju en in man byinoar. De keardel smookte en hie in swart mûlstik yn 'e mûle.
Ik sei: Goeije morgen.
Mar se seinen neat werom. It wie by de Swadde. Se stienen drok to riddenearen. Ik koe se wol. It wienen bern fan 'e tsjoenster, dy't troch de strôtte sketten...
nl.verhalenbank.16057
Der wienen minsken dy koenen roeken ta de hurddobbe út komme litte.
nl.verhalenbank.29943
Se kennen ook bomen siek maken. So'n boom begint dan te kwinen en gaat op 't laatst dood.
nl.verhalenbank.24283
Tsjoensters kinne melke út ruskepôllen. Dêr helje se wol in ammerfol molke út.
nl.verhalenbank.25371
In tsjoenster foroare har faek yn in kat.
As se sa'n kat in mep joegen hie de tsjoenster de oare deis in blessuer oan har.
nl.verhalenbank.33022
Skoanmem wenne yn in hiel lyts arbeidershúske.
Doe't se stoar kaem de kiste yn 'e keamer to stean.
De deis dat se bigroeven wurde soe, kaem Oene-om - dat wie har boer - der ek yn. Hy giet de keamersdoar binnen en dan giet er earst alle 4 hoeken fan 'e keamer lâns, en bliuwt dan by de kiste stean.
Hy mompele hwat en makke hwat biwegings mei de hannen. "Dy...
nl.verhalenbank.32345
Der hat hjir yn 'e buert in man wenne, dy hie, doe't er noch feint wie, forkearing mei in faem. Dy faem, dat wie in tsjoenster. It gebeurde wol, as er by har siet, dat har stoel ynienen leech wie. Dan wie hja der op út to tsjoenen. Dan bleau se in ûre of ek wol langer wei. In skoft letter siet se der wer.
De feint hat it op 't lêst útmakke, hy woe net mei...
nl.verhalenbank.29819
Der binne minsken, dy stjûre Skoppenboer fuort en dan krije se in flesfol jenever werom. It gebeurt meastal yn kroegen.
nl.verhalenbank.29546
Skoppenboer wie de duvel. Dêr koe men in flesse drank mei krije. 't Earste romerfol moest men oer 't linker skouder fuortsmite. Dat wie èk foar de duvel.
nl.verhalenbank.22688
Stammerige Harm hat my wol jild to lien oanbean. Mar ik woe syn jild net ha. Hy hong jouns in lege ponge oan 'e doar, de nachts die de duvel der jild yn.
nl.verhalenbank.22693
Stammerige Harm wenne oan 't Wyldpaed by de Swâdde. Hy gong foar in tsjoenster troch. Hy koe him yn in kat foroarje, seinen se. Soune dieren makke er siik. Hy hie in wikseldaelder.
nl.verhalenbank.22683
To Koatstertille wenne in man, dat wie Reid Keuning. Hy wie heal man en heal frou. Mar hy koe fan alles. Hy liet soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme. Dy bigongen dan moai to marsjearen.
nl.verhalenbank.22694
By de Swâdde yn Sweagerbosk wenne âlde Lammert, dy koe roeken ta de hurddobbe út komme litte. Se gongen der even letter ek wer ta'n yn. Hy hat der de bynamme Lammert Roek fan krigen. Syn bern waerden letter altyd de Roeken neamd.
nl.verhalenbank.29548
As men trije krúskes op 'e wei set, kin de tsjoenster jin net pakke.
Men mat noait trije kear achterelkoar 'ja' sizze op hwat in tsjoenster jin freget, hwant dan hat se jin yn 'e macht.
Hat men in koarste roggebrea yn 'e bûse, dan kin gjin tsjoenster fet op jin krije.
nl.verhalenbank.24062
Yn Kollumersweach wenne Harm v.d. Berg. Dy hie in sike jonge, dy't bitsjoend wie. Op in kear kom der in fremde swarte kat by harren op it hiem. Harm skeat op dy kat en rekke him.
De oare deis wie Liuwe Ael, in âld tsjoenster, dy't oan 't Wyldpaed wenne, kreupel.
nl.verhalenbank.24061
Stammerige Harm koe tsjoene. Syn mem wenne oan 't Wyldpaed, dy hie in winkeltsje. Dêr wie in swart buordtsje yn dat winkeltsje, dêr stie mei wite letters op:
Hendrikje van Assen,
ik woon hier aan de weg.
Wat heb ik meer te wensen:
de zegen van de Heer
en nering van de mensen.
nl.verhalenbank.24074
Japik Kooistra fan Sweagerfean hie bargen yn 't hok. Boate Griet wie in lyts wyfke, dat tsjoene koe. Dy wenne njonken Japik Kooistra. Sy kom us op in moarn by him yn 't bargehok. Doe striek se de baerch oer de rêch. Doe woe de baerch noait wer frette.
nl.verhalenbank.24078