923 datasets found
Dutch Keywords: tovenaarster Place of Narration: Opende
De tsjoensters gongen by de boeren lâns en as der hynders op 'e stâllen stienen, gongen se dêr hinne en gongen dêr op sitten. Sy makken flechten yn 'e moannen, dy woenen der noait wer út. Dy moesten se der út snije. De tsjoensters kommen altyd by nacht.
nl.verhalenbank.25540
Alle Tet fan 'e Harkema wie de tsjoenster. Dat wie algemien bikend. Hja wie soms blau en plakkerich om 'e holle. Dan hie se wer opdonders hawn fan 'e kweade, sei 't folk.
nl.verhalenbank.23440
Alle Tet wie ek in tsjoenster. Dy wie soms bot blau om 'e holle. Doomny kom op in kear by har, doe sei er: "Hwat binne jo blau om 'e holle." "Ja," sei Tet, "ik stomp my altyd oan 'e bêdsdoarkes." Mar 't wie de kweade, dy't har soms op 'e hûd joech.
nl.verhalenbank.19455
As jo hwat fan in tsjoenster opite, matte jo 't lêste hapke stean litte, dan kinne se jo net krije. In tsjoenster kin jo ek net krije as jo hyltyd mar tinke: "Dû krijst my net!"
nl.verhalenbank.23905
Doe't ik sa'n jonge wie en wy noch op 'e Hamster Ikkers wennen hienen wy jouns in bulte lêst fan katten om 't hûs hinne. Wy doarsten der soms alle trije net iens út to pisjen. De katten fleagen by ús doarren op en by omke en dy's krektgelyk. Op in joun doe leinen wy al op bêd. Doe gong it der wer sa oanwei mei de katten, dat heit fljocht fan bêd ôf en hy...
nl.verhalenbank.21645
Sytske mei de bult wie der ek us yn kom, doe siet har buchel ûnder 'e spinreagen. Doe wie se troch 't dak hinne kom. It wie in âld tsjoenster.
nl.verhalenbank.20567
Marij dy hat har eigen bern Bet bitsjoend. Marij stuts harsels nou en dan yn 'e side. As se dat die, dan raesde Bet it út fan 'e pine.
nl.verhalenbank.21335
As men op in tsjoenster sjit, is 't krekt as sjit men op in leech petroaljefet. Men kin in tsjoenster allinne mar reitsje, as men rogge yn 't gewear hat.
nl.verhalenbank.20956
Abe Nauta wenne yn 'e Harkema op 'e Klontsjebuorren. Syn mem rekke us bitsjoend. Hja hienen noait oan tsjoenen leauwe wold, mar doe rekke ien fan 'e manlju nei Wopke fan Kûkherne. Wopke joech guod en sei: "Ast aenst thúskomst, dan silst in âld wiif tichte by jim hûs tsjinkomme. Dy is oan 't priksykjen. Dy hat it dien." Wrachtsjes, hwa wie by 't hûs oan 't...
nl.verhalenbank.23442
It is hjir wol gebeurd, dat minsken bihekst wienen. Dan waerd it kessen iepenmakke. Dêr siet dan in moai fûgeltsje yn. Dat waerd der úthelle en opbarnd. Dan waerd de 'pasjint' wer better. Doe't ik noch tige jong wie fortelden âlde minsken sokke dingen wol. Letter net mear.
nl.verhalenbank.20605
Wy mochten froeger net hwat oannimme fan âlde Antsje Pod. Hwant krige men in apel fan har en men lei dy yn 'e dôfpot, dan foroare dy apel yn in pod.
nl.verhalenbank.29344
Neist myn hûs op in stik lân hat in hûske stien, dêr wennen in mem en in dochter. Durke Hylk hiet it minske. Hja koe tsjoene. De dochter wie gebucheld. Myn heit en in broer fan my gongen op in joun in kear in sânreed del. Dy wie ôffrede fan in stik lân dêrnjonken mei wol seis lagen skerpe tried boppe elkoar. Doe kom Hylk it lân del en gong lyk op 'e tried...
nl.verhalenbank.19330
Us mem en dy ha fan bern oan altyd lapkes mei duveldrek op 't boarst hawn en doe't wy noch fan dy bern wienen droegen wy dat ek. Dat wie der allinne om dat de tsjoensters ús net yn 'e macht krije koenen.
nl.verhalenbank.21390
Oerpake Jehannes, dêr't ik nei neamd bin, hat sjoen dat in frommes yn in readbaeijen ûnderrok op 'e biezem troch de loft fleach yn Mouneein. Dat wie him net út 'e holle wei to praten.
nl.verhalenbank.20930
't Wienen hjir froeger allegear tsjoensters. Om út to meitsjen hwa't ien bitsjoend hie, makken se hjir wol gebrûk fan in Krúskekaei en in bibel. Se leinen de kaei op in bipaelde tekst yn 'e bibel. As se de wiere namme fan 'e tsjoenster neamden, dan bigong de kaei to draeijen. Dat is hjir al us in kear gebeurd by minsken oan 'e Lytse Loane. "Tsjallings...
nl.verhalenbank.24149
Doe't Tet stoar wie se blau en slop. 't Wie in echte tsjoenster. Hja hie in dochter Joukje, dy hie har forstân net goed. Wy ha Joukje in kear bot op 'e hûd jown doe't wy fan 't wjudsterlân werom kommen. Omdat Tet ús bern bitsjoend hie. Mar doe kom Tet der oanfleanen. Sy wie razend en rôp: "'k Sil nei de plysje ta!"
nl.verhalenbank.23431
In oare tsjoenster wie Doetse Griet (frou Bergsma), dy't tichte by ús wenne. Ik kaem dêr in soad, hwant ik boarte faek mei Germ, har soan. Op in kear wienen Germ en ik oan 't fiskjen. Doe fangden wy in dikke blij. In ein fierderop wenne in jonkje fan ús âlderdom. Dat wie Frâns, dy wie siik. Wy seinen: "Dy blij dy moat Frâns ha." Doe gongen wy mei dy fisk...
nl.verhalenbank.20716
Alde Minderts Feik wenne yn 'e Bosk yn 'e Harkema. Sy koe gewaer wurde hwa't in tsjoenster wie. Sy hie in popke en dêr stuts se mei spjelden yn. Dan neamde se de namme fan ien. De oare deis frege se dyselde of se de foarige jouns ek pine hawn hie. Wie dat it gefal, dan wie 't in tsjoenster.
nl.verhalenbank.21150
Us mem fortelde, hja hie us in apel krige fan Alle Tet. Mem biet der yn. Doe sei Hindriks Janke (dy't mei de helm geboaren wie) tsjin har: "Saek, Saek, dat mast noait wèr dwaen. Hiest ek wol yn in pod bite kind!" Dan hie mem forgiftige west en yn 'e macht fan 'e tsjoenster.
nl.verhalenbank.28160
Der wenne yn Kollumersweach in tsjoenster, dat wie âlde Tjitte Minke. Dy rearde by de lju yn 't fretten fan 'e bargen om. Dan wienen dy bargen bitsjoend. Hienen dy lju duveldrek yn 'e sketten, dan krige hja gjin macht oer de bargen.
nl.verhalenbank.28148