It gebeurde froeger us dat Wytse de Wind bitsjoend rekke. Doe moest er in pod yn 't skelkje ha en dy by him drage, krekt salang oant dy fordroege wie.
Alle Tet hie him bitsjoend.
nl.verhalenbank.21132
Alde Fije Antsje wie in tsjoenster. Mar Fije woe dêr gjin praet fan hearre. Dy sei: "Ik kin tsjoene, mar Antsje net."
nl.verhalenbank.19650
Alde Antsje Eggat (skelnamme) wenne by de Bouwetilster brêge yn 'e Harkema. Dat wie in tsjoenster. Sy foroare har samar yn in kat, seinen se. As bern wienen wy fjûrbinaud foar har.
Alle Tet wie ek in tsjoenster. Dy koe har ek yn in kat foroarje. Hja wenne op 'e bulten.
nl.verhalenbank.27796
Greate Jel wenne oan 'e Houtigehaechster wyk. It wie in tsjoenster. Hja hobbele yn 'e nacht mei in oanret skelkje foar op 'e planken om. Guon ha har dêr wol sjoen.
nl.verhalenbank.25619
As Alle Tet der oan kom setten wy as bern altyd in krús op 'e wei mei de klomp. Wy tochten, dat se dêr net oerhinne komme koe.
nl.verhalenbank.21643
Tsjoensters foroaren har yn katten. Krige sa'n kat in opdonder, dan krige de tsjoenster in seare earm of skonk.
nl.verhalenbank.36667
Yn 'e Westerein hienen de minsken froeger allegear duveldrek ûnder 'e drompel. Dat dienen se om gjin tsjoensters yn 'e hûs to krijen. Sy hellen it út 'e apteek.
nl.verhalenbank.21535
Dy't strimen yn 'e foarholle ha, binne tsjoensters, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.23727
Alde Sytse Hil fan Sumarreheide hie altiten in rest katten om 'e doar. It gong dêr altyd op in razen en oangean. Dy katten, dat wienen har kammeraetskes.
nl.verhalenbank.23119
Alde Baeije fan Sumarreheide roan mei de bolkoer. Sy seinen dat it in tsjoenster wie.
nl.verhalenbank.23118
Alde Tet fan 'e Bulten yn 'e Harkema wie in tsjoenster.
Sy koe har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.29347
Yn 'e Haerlemmer steech wenne Roele Antsje (de frou fan Roel van der Veen). Hja gong foar in tjoenster troch. Nachts hie se de boppedoar op in toutsje, krekt lang genôch, dat der in kat troch koe. Dat wie foar har sels, hwant hja foroare har faek yn in kat, nei't se seinen.
nl.verhalenbank.20808
Alde Tsjerke Bet har mem Marij (Douwe' Marij) wie in tsjoenster. Doe't se in lyk wie, bleau se slap. krekt sa slop as in spouns. Sy hat noait stiif west lyk as in gewoan minske. Dat is mei alle tsjoensters it gefal.
nl.verhalenbank.21334
Alde Frearke Fogel fan 'e Harkema wie in tsjoenster.
Doe't se har biklaeije soenen, founen se allinne mar in pânse. Doe ha se dy mar yn 'e kiste dien.
nl.verhalenbank.19456
Yn Bakkefean wenne in frou dy gong foar in tsjoenster troch. Dêr wienen se allegear sa'n bytsje skruten foar. Sy hie forskillende minsken bitsjoend, nei't se seinen.
Heit kom in kear by har en doe sei er: "Ik woe dat se my ek bitsjoene koenen." Mar doe sei se: "Jo leauwe der net oan. Dêrtroch kinne se jo ek net bitsjoene."
nl.verhalenbank.21179
Freark Visser op 'e Broek wie frachtrider. Syn frou wie in tsjoenster.
Wy hienen trije hynders. Freark Visser nom de hjouwer foar dy hynders mei út Dokkum.
Myn broer Harm helle de hjouwer jouns let noch wol us by Freark wei.
It wie al in kear of hwat gebeurd, dan seach er yn 't tsjuster in frommeske nei 't hinnehok tagean. Dat wie gjin goed spul.
Meester...
nl.verhalenbank.25646
Tsjoensters kinne har soms yn hazzen foroarje. Mar meast yn blauwe katten.
nl.verhalenbank.23035
Ik haw wol ris heard, nim fan in tsjoenster noait hwat oan, dan kin se jo ek net bitsjoene.
nl.verhalenbank.23803
Tsjoensters hâlde geregeld forgaderingen. Dat dienen âlde Ot en Tet en Hindrik en sokken èk. Dan psalmsongen se meielkoar. Ot wie ek faek allinne oan 't psalmsjongen.
nl.verhalenbank.21392
Duveldrek is fan 'e geastlike kant. Leit der duveldrek ûnder 'e drompel, dan kin der net in tsjoenster oer komme.
Docht se 't al, dan is 't har dea.
nl.verhalenbank.23793