Wibe Kloetstra syn beppe Ymk wie in tsjoenster. Sy wenne op Burgumerheide. Wy hienen in skiep, dat hie se bitsjoend. It beest wie alhielendal wyld en fleach by de muorren op. Doe ha wy Alle (fan Burgumerheide) komme litten en dy hat hwat guod op it sket dien, dêr't it skiep troch moest en doe wie 't samar genezen.
nl.verhalenbank.18099
Tsjoensters moakten kronen in 't kussen. As se die forbrandden dan was de olle heks dood.
nl.verhalenbank.27322
As in frou froeger to licht fan gewicht wie, dan seagen se har foar in tsjoenster oan. Dan wie se mei de boaze geast behept.
nl.verhalenbank.25723
As in tsjoenster der yn 'e nacht op út giet, dan lit se har pânse op bêd achter. Dêr leit har man dan njonken.
nl.verhalenbank.24154
Tsjoensters kinne oeral trochkomme om by in oar yn 'e hûs to kommen. Mar sy geane meast troch in hounegat.
nl.verhalenbank.23148
Yn Aldegea hienen se faek duveldrek ûnder 'e drompels om 'e tsjoensters to kearen.
nl.verhalenbank.21198
Gjerte Jel en Janne Luts wienen mem en dochter. Hja koenen allebeide tsjoene. Sy gongen jouns op 'e biezem sitten en sa fleagen se troch de loft. Guon ha har alris oer de wyk fleanen sjoen.
nl.verhalenbank.25880
As in âld minske froeger in doek om 'e holle hie dan gong se foar in tsjoenster troch.
nl.verhalenbank.23417
Op 'e Omloop ûnder Surhústerfean is froeger ris in bern bitsjoend woarn. Dat bern rekke dea. De namme fan 'e tsjoenster wol my net tobinnen sjitte.
nl.verhalenbank.24185
Tsjoensters foroarje har yn katten. As katten hâlde se forgaderingen. Dan psalmsjonge se.
nl.verhalenbank.20731
Stammerige Harm woarde ek wol neamd Ekse Harm (= Hekse Harm?). Hy koe tsjoene en foroare him soms yn in kat. Minne Ael, dy't by de Swôdde wenne, wie ek in tsjoenster.
nl.verhalenbank.23776
Ik haw in muoike hawn yn Drachtster Kompenije. 't Wie in Jantsje Bekkema. Dy har mem Marij koe tsjoene, seinen se. Hja tsjoende krânsen yn 'e kessens.
nl.verhalenbank.23842
De tsjoensters komme as katten byelkoar. Sy hâlde dan in forgadering en psalmsjonge.
nl.verhalenbank.21072
As wy in tsjoenster seagen froeger, setten wy gau in krús op 'e wei. Dan koe se der net lâns komme.
nl.verhalenbank.19538
Tsjoensters gean der yn 'e nacht op út. Alde Fogel die dat ek. Sy seinen, dan liet se de pânse op bêd achter.
nl.verhalenbank.23909
Tsjoensters hâlde der popkes fan lapeguod op nei. Dêr stekke se dan mei spjelden of nuddels yn om minsken to pinigjen.
nl.verhalenbank.19461
As Rikele Myt har man nachts wekker woarde, wie 't krekt as der in pânse njonken him op bêd lei. Dan wie Myt der op út to tsjoenen.
nl.verhalenbank.25987
Alle Tet, dat wie swarte Piter syn mem. Hja wenne op 'e Bulten en wie in tsjoenster. Us heit woe dat net oan.
Mar doe kom er ris op in nacht thús om in ûre of tolve. Hy wie mei hynder en wein. Doe seach er dêr hwat by de hoeke fan 'e dyk. It wie krekt in hoopke fodden. Hy tocht: dêr wol 'k mear fan wite.
Ho! sei er tsjin 't hynder. Doe wie dat de holle...
nl.verhalenbank.32949
As jo fan in tsjoenster hwat oannimme en dat ite jo op, dan kin se jo bitsjoene.
nl.verhalenbank.23878
As in tsjoenster by jin komt, liz dan in stikje brea of strui hwat rogge foar 't bêd. Rogge en brea is heilich. De tsjoenster kin jin dan neat dwaen.
nl.verhalenbank.23105