Us heit hat us nei Grinslân west to takkebinen yn 'e buert fan Tolbert. Dêr wie allegear bosk. Hy slepte nachts by de boer yn 't strie op 'e koustâl. Mar dat strie, dat waerd stadichoan ûnder him weiskuord. Op it lêst hied er net in strieke mear ûnder him. Doe tocht er, dat sil de houn wol dwaen, mar dat wie sa net. Hy seach us goed om him hinne en doe...
nl.verhalenbank.19676
Tsjoensters kinne prachtich sjonge.
Op in nacht siet ik by Wibe Postma yn 'e apelbeam.
Dêr wienen sawn tsjoensters: seis froulju en ien man. Guon dêrfan koe 'k wol. 't Wie in hiel tsjoensterslaech.
Wylst ik dêr sa yn dy beam siet hearde ik nei it sjongen. It klonk moai yn 'e nacht.
Sy kommen op 'e apelbeam yn, dêr't ik yn siet. Dêr siet in swart skiep...
nl.verhalenbank.27771
Der wennen hjir minsken, dy hienen in jonkje. Dat wie altyd nijsgjirrich. It gûlde oan ien stik wei troch en it groeide suver neat. Op in kear kom mem (Klare) by dy minsken to kaertlizzen. Dat wie fanwege dat jonkje. Doe sei mem: "Hjir is in forkeard frommes op 'e buert. Dat bern kin net groeije, omdat dat frommes him yn 'e macht hat.
It bern is troch...
nl.verhalenbank.19305