Hil Mud wenne op 'e Sumarre Tike. Dy gong ek foar in tsjoenster troch. Dy mat ek wol bern bitsjoend ha.
nl.verhalenbank.21182
Yn Aldegea hienen se faek duveldrek ûnder 'e drompels om 'e tsjoensters to kearen.
nl.verhalenbank.21198
Hindrikje de tsjoenster wenne op 'e Tike ûnder Nyegea. It forhael gong dat se wol us bern bitsjoende. Wy gongen as bern yn in bôge om har hinne, as se foar 't ljocht kom. Der wie ús goed yndruid dat wy net in apel of sa fan har oannimme mochten.
nl.verhalenbank.21181
Pake en beppe wennen yn Sumar. It wienen Joan Jelkes Hoekstra en Grytsje Gjalts Haarsma. Hja hienen in feint, dy moest ris op in kear nei in boerinne ta mei bûter yn 'e koer. Doe't er wer thúskom hied er de koer fol woartels hawn, dy hied er fan 'e frou krige. Mar dy frou hie de namme dat se tsjoene koe, dat beppe warskôge de feint en sei: "Tink der om en...
nl.verhalenbank.32917
Myn frou har mem wenne as faem by in boer yn Wjelsryp (dicht bij Franeker). Doe gebeurde it op in kear dat se gjin bûter meitsje koenen. Doe gongen se nei Greate Wopke, de duvelbander ta.
Wopke sei: "Jimme matte in tsiis ûnder 'e parse wei krije en dy yn in hantsjettel mei wetter dwaen. As it wetter siedt, dan komt de dieder wol.
De faem siet achter de...
nl.verhalenbank.32918
Antsje Fiter roan mei in kuorke mei snypsnaren. Dêr sieten ek fiters yn. Dêr hie se de bynamme fiter fan.
Hja wie in tsjoenster. As der ergens in poppe geboaren wie, mocht hja der net yn. Hja hat by guon krânsen yn 'e kessens tsjoend.
nl.verhalenbank.21362
Achter Burgum wennen minsken, dy hienen in bern en dat rekke bitsjoend. Sy gongen nei de duvelbander ta en dy sei, it wie in âld wiif dy't it dien hie. Sy moesten it kessen mar ris neisjen en de krânsen dy't der yn sieten forbrânne. Sy moesten der foar soargje, dat alles goed ticht wie, de kaeisgatten en de skoarstiens ek, en de doarren op slot.
Der siet...
nl.verhalenbank.25637
De tsjoensters gongen soms nei Spanje ta nei de wynkelder.
nl.verhalenbank.21068
Rikele Myt biwearde, duveldrek moest fan in tsjoenster komme, oars holp it net.
Rikele Myt hie in freeslik gesicht.
nl.verhalenbank.27543
Dêr't sawn froulju yn in húshâlding binne, is ien fan dy froulju in tsjoenster. Sy hoeve net op elkoar to folgjen.
nl.verhalenbank.25547
Fan in tsjoenster mat men noait hwat opite. Hwant dan wurdt men sels bitsjoend.
nl.verhalenbank.19451
Hwat men fan in tsjoenster opyt, kin yn in pod foroarje.
nl.verhalenbank.18101
In tsjoenster kin har yn in swarte kat foroarje.
nl.verhalenbank.21218
Tsjoensters foroaren har yn katten. Sa kamen se by de minsken yn 't bûthús en harken hwat der to rêdden wie.
nl.verhalenbank.21027
Tsjoensters kinne troch 't kaeisgat hinne komme.
Dêrom hienen in protte minsken yn 'e Harkema oan 'e binnenkant in lipke foar 't kaeisgat. Dan koenen se der net troch.
nl.verhalenbank.21546
Om tsjoensters to kearen brûkten se duveldrek.
nl.verhalenbank.23773
Toverboeken hite ek wol duvelboeken. De tsjoensters hienen sa'n boek.
nl.verhalenbank.19411
De jonges setten soms in krús op it paed, dan koe Griet der net oerkomme, mienden se.
nl.verhalenbank.20718
In tsjoenster koe troch 't kaeisgat yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.23428
As der in kat by jin kom, as men ûnderweis wie, en dêr kommen noch mear katten by, dan wienen dat tsjoensters.
nl.verhalenbank.19507