Myn skoanheit wie ris in kear to Drachten op 'e merk.
Doe wie Ymke de Jong dêr ek.
"Ymke stie njonken my", sa fortelde skoanheit. Der wie in koardedounser op 'e merk en dêr stienen wy nei to sjen.
Doe sei Ymke tsjin my: "Sil ik him dêr ris ôfdonderje litte?" En doe hat er dat dien. De koardedounser kaem op 'e groun del.
Doe gong dy koardedounser nei Ymke...
nl.verhalenbank.36932
Taeke, dy't by de Blaudobbe wenne stjûrde Skoppenboer fuort en krige in flesse drank werom.
nl.verhalenbank.24692
Minse Griper liet soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme.
nl.verhalenbank.24693
Hepke Nút wenne ûnder Feansterheide. It wie in tsjoenster.
nl.verhalenbank.27491
Imke de Jong krûpte op 'e merken samar troch in peal hinne.
nl.verhalenbank.25586
Alde Minse Griper wie har man. Dy koe mei bihelp fan skoppenboer in flesse drank komme litte.
nl.verhalenbank.22919
Piter Scheper kom moarns ek wolris by ús, (Sytse de Boer), as wy sieten to kofjedrinken.
As wy dan de kofje nei de mûle ta bringe soenen, siet it kopke oan 't pantsje fêst. (Dit fortelde deselde faem)
nl.verhalenbank.25404
Fan in faem hearde ik - deselde faem dy't by Sytse de Boer tsjinne en in pleachbeest njonken har hawn hat - dat Sytse de Boer wenne njonken Piter Scheper.
"As ik fuort woe," sei se, "dan wie Piter der soms samar yn kom en dan sei er tsjin my: - Dû kinst wol fuort gean, hwant dû krigest noait fan dyn leven de bûter klear, 't wol net -.
As er dat sein hie,...
nl.verhalenbank.25403
Ek in kear, doe siet ús buorwyfke by ús. Doe wie Imke de Jong der ek. Doe sei 't minske: "Kom, ik mat der mar op út to boadskipjen."
"As jo boadskipje wolle," sei Imke, "dan matte jo ek sinten ha."
"Dy ha 'k wol", sei 't minske.
"Binne jo dêr wis fan?" sei Imke.
"Jawis", sei se.
"Sjoch dan mar ris", sei Imke.
Hja sjen en sjen en doe sei se: "Och heden, ik...
nl.verhalenbank.25585
Hy koe de froulju ek samar de klean ôfsakje litte. Dan stienen se neaken op 'e wei.
nl.verhalenbank.19681
Lytse Kees wenne yn Drachtster Kompenije. Guon wienen wol us by him om 'e doarren. Dan seagen se dat er samar in leger soldaten ta de hurddobbe komme liet.
Even letter liet er se der wer ta'n yn gean.
nl.verhalenbank.25583
Minse Griper fan 'e Boelensloane koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte.
nl.verhalenbank.29392
Yn Smel-ie wenne Ate Jager, dy koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte, seinen se. Dan bigongen dy soldaetsjes to marsjearen. Ate hie in soan, dy wie ien meter fiif great. Dat wie lytse Anne Jager Wolbikend.
nl.verhalenbank.24005
Jan Durks de Jong fan Aldegea forkocht baggelers yn 't great. Hy hie allerhande folk yn 't wurk. Ek in sekere Ruerd fan Surhústerfean. 't Wie op in saterdei. Hy rekkene mei 't folk ôf. Der waerd ek in buorrel by jown.
Doe sei Ruerd tsjin him: "Der kin wol in grapke ôf, net baes?"
"Dêr ha 'k neat op tsjin", sei Jan Durks.
Doe liet Ruerd soldaetsjes ta de...
nl.verhalenbank.24862
Ik trof Imke us in kear yn in café yn Amsterdam. 't Wie yn 'e Bloedstraat. Hy wie dêr oan 't fijoelespyljen. It wie doe al in âld man. Ik frege him: "Kinne jo dy kunsten fan froeger noch?"
"As ik woe, noch wòl", sei er.
(Der wenne doe in Meijer yn dat café)
nl.verhalenbank.25588
Kij Jager wie ek in tsjoender.
nl.verhalenbank.16528
Imke de Jong kaem stéfêst op Drachtstermerke.
Op in kear hied er kaerten yn 'e hân. Yn 'e foarm fan in koker hied er se yn 'e fûst.
Doe sei er: "Skoppenboer, kom der út!" De kaert stoude wit hoe fier fuort út syn hân wei.
Sa kommandearde hy de iene kaert nei de oare. Allegearre gehoarsamen en fleagen ien foar ien in ein fuort.
nl.verhalenbank.25591
Hjir yn Drachten wie us in faem, dy hat him útlake.
Doe hat er dy faem ûnder 't dânsjen bifalle litten.
It bern is har ûnder 'e rokken weifallen.
nl.verhalenbank.25590
Us Hindrikom wenne yn Twizelerheide. Hy hie dêr in winkel en ek wol bargen. Hy hie op in kear biggen by de mot. Tichteby wenne in âld man, dy koe tsjoene. Dy mocht graech bargen lije, mar Hindrikom syn jonge jage dy âld man fuort.
Hwant de jonge wie bang dat de biggen oars bitsjoend woarden. Dy âld man hie de kweade hân. Dêrtroch wienen se bang foar him.
nl.verhalenbank.33319
Op in kear wie der op Drachtster merke in soarte fan gûchelder, dat wie in man, dy krûpte samar troch in grouwe balke hinne. Alle minsken koenen dat klear sjen. Mar Piter Scheper wie der ek by. Dy krige de stok en sloech dêr mei nei dy man, mar net yn 'e balke, mar der bûten. "As ik it goed ha," sei er, "dan sitstû dêr." En dat wie ek sa, hwant de keardel...
nl.verhalenbank.19679