Boardzer Bruining, hjir fan'e Loane, kin faek fan tofoaren sizze dat der in sterfgefal komt.
nl.verhalenbank.28128
Frou Pander seach altyd fan tofoaren as der guon dea gean soenen.
nl.verhalenbank.17030
Piter Scheper nom de minsken de koarts ôf. Dat wie gjin smoesje. Hy brocht de koarts op in beam oer. Dy beam gong dan letter dea.
nl.verhalenbank.27581
It gebeurt wol, dat ien net stjerre kin. Dan hat er hwat oan dat se op snein makke ha. Dan matte se dêr in knip yn dwaen, earder kin er net stjerre.
nl.verhalenbank.37848
Bloedplakken dy't troch moart foroarsake waerden komme altyd wer tofoarskyn, as men se útwiske hat.
nl.verhalenbank.25487
Ien dy't op syn stjerbêd hwat oan hat, dat op snein naeid is, kin net stjerre, sizze se. Dan mat der in knip yn dien wurde.
nl.verhalenbank.21418
As in houn spûkgûlt komt der ien to forstjerren. Lammert wie in jonge fan Wolter Veenstra. Dy is forstoarn. Fóár syn dea hat de houn wol trije nachten spûkgûld. Doe't Lammert stoar wie't spûkgûlen oer.
Yn Oerisel yn Oudleusen dêr hearde in frou de houn fan 'e buorlju spûkgûlen. Se hie der alhiel gjin erch yn dat dat ergens op doelde. Mar de oare deis...
nl.verhalenbank.17579
Frijmitselers binne kûgelfrij. Dy binne oan 'e duvel forkocht en ha noait forlet fan jild. Mar sy stjerre in rare dea.
nl.verhalenbank.36207
Frijmitselders binne kûgelfrij. Sy binne mei de duvel anneks. Om 'e sawn jier mat der in frijmitselder stjerre.
nl.verhalenbank.21551
Ien dy't tige siik wie en op stjerren lei koe soms net stjerre. Dan moesten se hinnegean en knip even yn ider kledingstikje, dan koe dyselde rêstich fuortgean.
nl.verhalenbank.25301
Thomas en Clare wennen op 'e Houtigehage. Sy hienen in jonge, dy hiet fan Folkert. Dy jonge wie sa'n fjirtsjin jier âld.
Op in joun seagen se dat der in kiste ta 't hûs yndroegen woarde. Doe soenen se yn 'e kiste sjen, mar doe hie dy kiste ek wer fuort west.
Koarte tiid dêrnei stoar Folkert. It hie foartjirmerije west.
nl.verhalenbank.27265
As men fan fisken droomt, komt der in deaden yn 'e famylje.
nl.verhalenbank.19601
As ien net stjerre koe dienen se in knip yn 't himd, of se skuorden it in eintsje op.
nl.verhalenbank.32242
Yn Grins hienen jy in swarte spegel. As jo dêr yn seagen en jo wienen noch net troud, dan seagen jo dêryn dejinge, mei hwa't jo trouwe soenen. As jo net trouwe soenen, dan krigen jo in deakiste to sjen.
nl.verhalenbank.27277
Wy mochten froeger de neils net ôfknippe op snein. Mem sei, as wy dat dienen, dan moesten wy yn 't hjirneimels al dy stikjes neil wer opsykje.
nl.verhalenbank.28527
Spûkgûlen fan in houn tsjut ek op in sterfgefal.
nl.verhalenbank.32232
As ien net goed bihandele wurdt en hy komt to forstjerren dan krijt er gjin rêst en dan dwelmet er om en komt werom by de minsken dy't him min bihandele ha.
nl.verhalenbank.28520
Yn Drachtster Kompenije wienen 't froeger allegear bartsjes. Dêr wenne yn dy tiid in man, dy moast der nachts wit hoe faek ôf, dan moast er lykstaesjes sjen. Dan roan er de feart del oer al dy bartsjes hinne. As er it dan sjoen hie gong er wer op hûs ta. Hy wist altyd krekt hwa't der stjerre soe. 't Kom grif út. Even letter stoar deselde dan, dêr't hy de...
nl.verhalenbank.36046
Us mem sei altyd as der in houn oan 't spûkgûlen wie koe men der mar fan op oan dat der in deaden op 'e buert kom. Der binne nòch in hiele protte lju dy't dat leauwe.
nl.verhalenbank.28084
To Hurdegaryp hat in hekke stien, dy gong nachts tolve ûre altyd iepen. Der wurdt wol sein dat dêr de baron in feint deaslein hat. Hy die dat mei it hoofdstel fan in hynder, krekt op it plak dêr't dy hekke letter kom. Doe ha se dêr letter in tichtsluting makke. Dat wie in gewoane peal mei in ketting der oan. Dy peal siet oerdwars. Mar hy wie de oare...
nl.verhalenbank.26106