7,200 datasets found
Dutch Keywords: sterven Narrator Gender: female Place of Narration: Kootstertille
Doe't myn skoanmem stoar, is der op 't selde momint by ús in wite knyn stoarn.
nl.verhalenbank.29562
Doe't ik yn Westergeast wenne, hearde ik dêr altyd dúdlik de klok lieden. Dan wist ik altyd krekt as der wer ien stjerre soe. Dat hearde ik oan it lieden.
nl.verhalenbank.21440
As in houn spûkgûlde, wie der meast in wike of trije letter in sterfgefal.
nl.verhalenbank.29557
As der ien trije drippen bloed út 'e noas falle, dan giet er dea.
nl.verhalenbank.21604
As der eksters by in hûs kamen, dan kom der in sterfgefal yn 'e buert. De eksters binne dan de boardskippers.
nl.verhalenbank.29561
Ik haw in kammeraedtske hawn, dat wie Sjoeke. Dy wenne yn 'e Westerein. Har âlde mem kom by har yn to wenjen. Dy hie aerdich hwat sinten, mar dy rekken op. Doe wie Sjoeke hounsk tsjin 't âld-minske. Op in kear gong se mei de feint to reedriden. Hja lei har mem achter de bêdsdoarkes del. Doe't se werom kommen fan it riden wie har mem dea. Letter wie 't dêr...
nl.verhalenbank.21669
As ik yn Westergeast by myn dochter útfanhûzje, en de klok fan 'e toer let, dan gebeurt it faek dat ik siz: Hark, nou wurdt der fan 'e wike ien op 't hôf brocht. It mist my noait. Ik hear it oan 'e klank fan 'e klok. Hjir yn 'e Koaten hear ik it trouwens krekt like goed. It sit him net yn 'e klok, hwant in oar heart it net. It sit him yn my sels. Ik haw...
nl.verhalenbank.27974
Sa'n trije jier lyn kom âlde Antsje fan 'e Twizelerheide yn 'e hûs (sjoch B65-168 en 169), doe stie der in deakiste by har oer 'e flier. Antsje tocht: hoe kin dit? Sy skrok der tige fan. In skoftsje letter, doe wie de kiste wer fuort. Hja koe 't har net begripe hwat dat bitsjutte moest. In troude dochter fan har, dy't net sa jong mear wie, rekke siik. By...
nl.verhalenbank.27977
Rin noait by nacht midden op 'e wei, seinen se froeger altyd, hwant jo kinne dan oan kant set wurde troch in lykstaesje.
nl.verhalenbank.29556
As in houn deads spûkgûlt, giet der ien dea. Dat giet altyd troch. Koartlyn is 't hjir noch gebeurd. Mar de houn mat dan echt spûkgûle. Yn Westergeast wennet myn dochter. De buorlju dêr hienen in houn. As der ien op 't hôf kom, gûlde dy houn altyd de jouns fan tofoaren. Dêr hienen de lju sa'n hekel oan, dat sy ha him forkocht.
nl.verhalenbank.21597
Us mem sei soms, as se de klok lieden hearde: "Hwat let de klok wer raer. Der komt wer in deaden."
nl.verhalenbank.29691
Ik haw in dochter wenjen yn Westergeast. Dêr wie ik us. Doe gongen ik en myn dochter togearre dêr op stap nei it café, dêr't de heit en de broer fan myn skoanmem wennen. Doe't wy dêr in skoft sitten hienen wie 't al aerdich let, sahwat alve ûre. Doe soenen wy dan mar wer fuort. Myn dochter sei: "Mem mat my mar yn 'e earm nimme, hwant it is nochal hwat...
nl.verhalenbank.21434
Ik ha in skoftsje yn Westergeast by myn dochter wenne. Sjoerd syn mem wie tige siik. Sy rekke deamin nei 't sikenhûs ta. Elkenien forwachte dat se stjerre soe. Mar ik sei tsjin Sjoerd: "Jimme mem komt wer." "Gjin sprake fan," sei er, "dat kin ommers net. Sy leit op 't stjerren." Ik sei noch us: "Sy komt wer, sy rêdt it." In fjirtsjin dagen letter koe 't...
nl.verhalenbank.21436
Wy ha dat fan mem har heit. Dy wie ek sa. Wy wennen flak by 't tsjerkhôf yn 'e Falom. As de klokken letten, dan sei er: "Hark". "Hwat is der, pake?" fregen we. "Binnen trije dagen komt der wer in deaden op 't tsjerkhôf", sei er. En dat gong altyd troch.
nl.verhalenbank.21584
Bindert Reitsma hat de bank yn Twizel. Dy wie tige min. De minsken tochten dat er it net helje soe. En dat tocht ik sels ek. Doe kom ûnforwacht syn buorman to forstjerren troch in autoûngelok. Ik sei: "Nou giet Bindert net dea." "Hoedat sa net?" sei myn soan. Ik sei: "Ik haw dêr in bigraffenis sjoen. Ik ha miend dat it dy fan Bindert wie, mar it wie dy...
nl.verhalenbank.21585
Ik haw in pear jier lyn bot siik west. De bern makken har ûngerust oer my. Sy kommen hast alle dagen. Ik sei: "Bern, jim hoeve net safolle to kommen, hear, hwant it is myn tiid noch net. Dan wist ik it wol."
nl.verhalenbank.21586
Yn 'e Falom by de brêge stiet in herberch. Dêr gong it jouns faek op in kaertspyljen. Dan gong it der soms bot oan wei en der woarden faek grouwe wurden brûkt. Der siet us in kear in Dokkumer. Dy flokte sa bot, dat ien sei tsjin him: "Jonge, ast joun nou us mei de duvel yn oanraking komste, hwat dan?" "Dêr jow ik neat om", sei er. Mar dy jouns hat de...
nl.verhalenbank.21589
Myn suster lei mei t.b.c. hjir njonken. Hja wie tige min. Op in moarn kaem ik by har. Doe sei se tsjin my: "It is sa fremd, ik hear hyltyd dat se oan 't timmerjen binne." Fuort dêrnei is se stoarn. Hja hat it timmerjen oan har eigen kiste heard.
nl.verhalenbank.29702
Doe't ús mem stoar krige se de skjirre en de nuddel, dy't brûkt wienen by it meitsjen fan har bierklean, mei yn 'e kiste. En noch folle mear. Ek twa boarstrokken.
nl.verhalenbank.29567
Bontsje Keke moest der nachts altyd út. Dan wie 't krekt as sieten se him achter. Dan moest er in lykstaesje sjen.
nl.verhalenbank.29558