Frou Pander seach altyd fan tofoaren as der guon dea gean soenen.
nl.verhalenbank.17030
As in lyk in snein oer stiet, is der binnen 6 wiken yn dyselde famylje wer in lyk.
nl.verhalenbank.12388
Ek spûkgûlden de hounen fantofoaren.
nl.verhalenbank.21018
Myn beppe wie deamin, hja lei op stjerren. Mar sy koe net stjerre. Doe sei muoike: "Hat se ek hwat oan dat op snein naeid is?"
nl.verhalenbank.36835
Wy hawwe 't meimakke hjir dat der ien op stjerren lei. Mar dyselde koe net stjerre, it hong der hyltyd mar tsjin oan.
Doe frege der ien: "Hat er ek hwat oan, dat op snein naeid is?" Doe die bliken, hy hie in oerbaitsje oan, dêr wienen de knopen fan op snein oanset.
"Snij dy der mar ôf", sei dyselde.
Sy hienen 't net dien of de man wie rêst.
nl.verhalenbank.34588
Tsjoensters matte om 'e sawn jier ien deatsjoene, oars matte se sels stjerre.
nl.verhalenbank.37863
Vroeger had je van die bedden met holle stangen, witgeverfd. Als je zo'n stang beetpakte en je voelde er een trilling door gaan, dan wist je dat je in bed zou sterven.
nl.verhalenbank.50580
Ritske Vellink fortelde oan ien dy wenne op it streekje:
"Hjir by W. komt in sterfgefal." Even letter stoar dêr in famke. Dat hie er in pear dagen foarút al sjoen. 't Wie yn Ikkerwâld.
nl.verhalenbank.24007
Minsken dy't op har stjerbêd lizze en hwat oan ha, dat op snein naeid is, kinne net ta stjerren komme.
nl.verhalenbank.38604
Guon sjogge fantofoaren in bigraffenis. Doe't der ris ien stoarn [wie] yn 'e Pein, sei Bearn v.d. Woude: "'k Ha 't tiden fan tofoaren al sjoen." Bearn moest nachts fan bêd ôf om lykstaesjes to sjen.
nl.verhalenbank.27136
± 30 jier lyn is hjir ien by de brêge fordronken. Kees hiet er. Syn suster Teatske sei: ik bin net lichtgelovich, mar myn mem hat hjir ris in kear hwat forteld, doe sei se tsjin my: "Hjir sil neiby yn 'e Westerein ien fordrinke."
Dy drinkeling is har eigen soan woarn.
nl.verhalenbank.36563
Hier in de parochie meneer ik, omdat ik dat weet van vroeger thuis hè, en van en mijn tante zei dat altijd, eh hadden ze altijd zo’n uitdrukking voor: ‘Een zondags liek slaat de week nie kwiet’, zeien ze altijd hè, en dan kwam d’r dus altijd nog die en mijn tante zei altijd zo iemand die eh zondags boven de aarde staat die neemt een reisgezel mee, dus dan...
nl.verhalenbank.128306
Wanneer er op het platteland iemand stierf, die een zondag over moest blijven staan, voordat ie begraven werd, dan ging er dezelfde week in de buurt nòg iemand dood.
nl.verhalenbank.33394
Om 'e sawn jier mat de tsjoenster ien deatsjoene, oars giet se der sels oan.
nl.verhalenbank.22070
Us beppe wie mei de helm geboaren. Dy wist altyd krekt as der ien deagean soe. Dan seach se de bigraffenis al fan tofoaren. Dy't mei de helm geboaren binne matte der nachts út.
nl.verhalenbank.36818
Hinse Jehannes de Boer moest wolris it tsjerkhôf yn de Pein foarby. As er dêr wie, sei er: "Ik mat ek even mei myn broer prate." Dat wie Abele. Dy lei dêr op it tsjerkhôf.
nl.verhalenbank.33790
Knipt men op snein de neils ôf, dan mat men dy letter, as men dea is, allegear wer opsykje.
nl.verhalenbank.30323
In tsjoenster mat om 'e sawn jier ien deatsjoene, oars giet se sels dea.
nl.verhalenbank.22295
As ien op syn deadsbêd net ta stjerren komme koe, woarde der frege: "Soed er ek klean oan ha, dy't op snein makke woarn binne?" Dan moesten dy útdien wurde.
nl.verhalenbank.16093
Op 'e Godloas singel spûket it. Dêr is ris in man formoarde. Sûnt spûket er dêr.
nl.verhalenbank.36619