As jo op 't stjerren lizze en foartiid yn 'e hemel komme, foardat jo dea binne, dan lit it stjerren ek net lang mear op him wachtsje.
Ast forkeard giet, dan stjerre jo der samar hinne.
nl.verhalenbank.24177
As in houn spûkgûlet, komt der binnen trije dagen in deaden.
nl.verhalenbank.27154
Guon sjogge fantofoaren in bigraffenis. Doe't der ris ien stoarn [wie] yn 'e Pein, sei Bearn v.d. Woude: "'k Ha 't tiden fan tofoaren al sjoen." Bearn moest nachts fan bêd ôf om lykstaesjes to sjen.
nl.verhalenbank.27136
Keapet men in skearmes of in seine of in sichte ofsa dat west hat fan ien dy't al dea is, dan is sok ark neat mear wurdich.
nl.verhalenbank.27884
De bijen sjong yn 'e krystnacht.
As de bijker forstjert forset men de kuorren.
nl.verhalenbank.27032
Bleeker fan Surhústerfean hie in âld houn. Dy spûkgûlde altyd as der in minske stjerre soe. Nachts seach dat beest it blykber.
nl.verhalenbank.31915
Tsjoensters kinne har yn alle dieren foroarje. Sy kinne guon deatsjoene.
nl.verhalenbank.24128
Hjir wie in dobbe, en dêr woarde altyd fan sein, dat dêr noch ris in fanke yn fordrinke soe - ien hie dat ris sjoen -, mar dat is net útkom.
nl.verhalenbank.26897
Noait midden op 'e wei rinne jouns. Genôch yn 'e Pein, dy't troch in lykstaesje oan kant rêge woarden.
nl.verhalenbank.27155
Ien dy't hwat oan hat op it stjerbêd, dat op snein makke is, sa'n ien kin net op snein stjerre. Dy stjert op moandei.
nl.verhalenbank.23456
Jierren lyn is der yn de Pein in frou stoarn. De man hie har foar har stjerren hwat biloofd, mar dy bilofte kom er net nei. Doe kom dat minske letter hyltyd by him. Doe hat dy man de doomny der by helle en dy kom fan har to witen hwat se bigearde. De man hat dien hwat hja fan him forlangde en doe hat se dêr letter noait wer west.
nl.verhalenbank.27156
Hjir wenne in man, dat wie Douwe Stavasius. As der ien dea gong, dan moest er dat sjen. As der ien tige siik wie, dan kom er by 't glês. Dan seach er fan dyselde de hiele lykstoet. Sa'n ien stoar dan faek al gau.
Hy moest it sjen. 't Kom altyd nei hwat er seach.
nl.verhalenbank.26992
Alde Jehannes Wyts fan Boelensloane wie ek in tsjoenster.
Har dochter woun in bern oer. Doe kom dat bern by Wyts yn. Mar dat bern woarde siik en 't gong dea. Wyts hie 't bern deatsjoend.
nl.verhalenbank.38005
Tsjoensters moakten kronen in 't kussen. As se die forbrandden dan was de olle heks dood.
nl.verhalenbank.27322
Minsken dy't op stjerren lizze, mar net stjerre kinne, ha faek hwat oan dat op in snein naeid is. Men mat dat dan stikken knippe, dan is 't samar dien.
nl.verhalenbank.38020
Yn in dûbelde keamer hjir njonken wenne in âld minske, dat lei op stjerren. Mar hja kòe noait stjerre. Dat kom, hja hie hwat oan, dat op snein naeid wie. Dat dienen se har út. Doe blaesde se samar de siken út.
nl.verhalenbank.25942
Yn 'e Pein wenne in man, dy wie mei de helm geboaren.
Dat wie Douwe Stavasius. As der ien slim siik wie gong men wol nei him ta. Dan fregen se him of er ek hwat sjoen hie. Dan kommen se to witen as de dea neiby wie of net. Hwant hy liet altyd wol hwat út. Sei er: "Gean mar rêstich nei hûs", dan bitsjutte dat [dat] der foarlopich gjin gefaer wie en hy neat...
nl.verhalenbank.27993
As in houn spûkgûlt, komt der meastal in sterfgefal. Net altyd.
nl.verhalenbank.24130
As der ergens yn in hûs ien himsels fan kant brochte, dan doogde it letter op sa'n plak net mear. Dan wie der hwat, dan spûke it dêr. De geast fan 'e forstoarne woarde dêr soms sjoen. Sa'n spoekhûs wie min to forkeapjen.
nl.verhalenbank.27995
Minsken, dy't klean oan ha op har stjerbêd, dy't op snein makke woarn binne, kinne net stjerre, sizze se.
nl.verhalenbank.24133