Fan 'e frijmetselders mat der alle jierren ien dea.
nl.verhalenbank.35933
As in fûgel it paedtsje fan in hûs lâns komt, dan bitsjut dat, dat der in deaden komt.
nl.verhalenbank.21864
As der in gewicht fan 'e klok foel bitsjutte dat dat der yn 't koart in deaden komme soe.
nl.verhalenbank.28377
't Gebeurt wol ris, dat ien net stjerre kin. Dan hat er yn 'e regel klean oan, dy't op snein makke woarn binne. Dy matte dan earst út.
nl.verhalenbank.29322
Moosi en Sjampi kommen to Smilde, dêr seagen se de televisy-mêst.
Sjampi sei tsjin Moosi: "Doarstû dêr wol boppe fan ôf to springen?"
"Né," sei Moosi, "mar ik doar der wol by op to klimmen."
"Dat mast net dwaen," sei Sjampi, "hwant ast foelste, dan wiest kroandea."
"Welné," sei Moosi, "dat foel hwat ta. As ik foel, dan stuite ik earst wol trije kear."
nl.verhalenbank.33635
Inkelde bloeddrippen (3) dy't falle, jowe in deaden yn 'e famylje.
nl.verhalenbank.21806
As der yn 'e nacht eksters op 'e naed fan 't hûs omskatterje, dan komt der yn dat hûs gauachtich in deaden.
nl.verhalenbank.20494
Foar it Jan Koartslân wienen se ek altyd hwat skruten. Dêr hat in man him ophinge en sy sizze ek wol dat de duvel him dêr de holle omdraeid hat.
nl.verhalenbank.32809
Ik wie goed twintich jier. It gebeurde op it Swartkrús yn 1883. Ik hie om boadskippen west.
Ik stapte oer de hekke en sette earst it doekje mei boadskippen del.
Doe seach ik in deakiste mei in wyt ding foar de hekke stean. It wie tusken Swartkrús en Jistrum.
Even letter bigong it wite ding to sweven, doe letter de kiste ek. (it wie in wyt ding as in...
nl.verhalenbank.21915
By de Hegewei to Aldegea binne twa âlde minsken yndertiid formoarde woarn. It wienen Dolstra's dy't it dienen, in heit en in soan. De iene hiet fan Lammert. De hannen fan deselden dy't formoarde woarden stienen op 'e muorren. It bloed woe der mei gjin mooglikheid wer ôf. 't Is altyd op 'e muorren sitten bleaun. Us heit hat plysje west yn Aldegea, dy hat...
nl.verhalenbank.12516
Yn hiel âlde tiden gebeurde it, dat de ierde skuorde troch in ierdbeving. Der moest in minskeoffer brocht wurde oan 'e fjûrgeast, dy't ûnder 'e skuor húsmanne. Dan joech er him wer del. Oars kom der noch mear ûnheil oer it lân. Mar der wie net in minske to finen, dy't dêr syn leven ta opofferje woe.
Doe kom der in ruter oan riden. In tige knap jongfeint...
nl.verhalenbank.20071
Yn Twizel, tichte by de âld-tsjerke stiet in plaets, dêr is ris ien formoarde woarn troch in sekere Rispens. Dêr is bloed yn 'e planken fan 'e flier rekke en dat bloed kinne se dêr noait wer wei krije.
nl.verhalenbank.29323
Wy hienen in âld buorfrou, dat wie Minke. Dy wie siik. Op in kear sei heit: "Hear dy katûle ris roppen. It komt net goed mei Minke." Heit krige gelyk. Minke is al gau dêrnei stoarn.
nl.verhalenbank.28376
Trije jonge bazen woenen us in grap útheve mei Hinse Jehannes. Hja nommen wetter mei fan fé. Dêr dienen se wetter fan harsels troch en sa brochten se de flesse by Hinse.
Hinse biseach it wetter en frege doe, of hja ek wisten hwa syn wetter der lêst yn kom wie, hwant dy leefde net lang mear.
nl.verhalenbank.21797
Op 'e Leijen wie ien oan 't riden. Doe hearde hy in lûd út in wek wei kommen. "De tijd is verschenen, de man is er niet." woarde der sein. Even letter kom der ien oan riden op redens. Dy ried lyk op it wek ta en is fordronken.
nl.verhalenbank.20073
Ien fan Burdaerd reizge mei 't trekskip nei syn wurk ta. Op in kear hearde hy achter him in freeslik gejammer. Mar der wie neat to sjen. Mar in wike letter rekke de soan fan in fékoopman by 't skip del en fordronk. Doe hearde er krekt deselde lûden.
nl.verhalenbank.21829
Ien hie op snein goudene rinkjes yn 'e earen krige.
Doe koe er net ta stjerren komme, doe 't er op it stjerbêd lei. Men nom him de rinkjes út 'e earen en fuort dêrnei stoar de man.
nl.verhalenbank.20075
Siger Veenstra wie forstoarn, in tige roungeare man. Syn lyk lei yn 't fet. Skoanheit (Piter Claus fan Boelensloane) sei: "Dêr wol 'k noch us hinne." Hy roan troch in loantsje en wie allinne. Ynienen komt him ien op side.
"Joun" seit skoanheit.
Mar dyselde seit neat werom.
"Kinstû neat sizze?"
De oare seit nòch neat.
"Dû bist in bok", seit skoanheit.
Op...
nl.verhalenbank.20087
Soms woarde der achter 't bihang kloppe. Dan kom der in deaden yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.28394
In tsjoenster tsjoende by de bern in krâns yn 't kessen. As dy krâns klear wie, dan wie 't bern ek dea.
As de lju in krâns yn 't kessen founen, reizgen se nei Wopke ta, dat wie de dûvelbander fan Kûkherne. Dy joech de lju dan guod mei. De krâns moest opbrând wurde.
nl.verhalenbank.29315