To Hurdegaryp is in hekke foar Bennema-state, dêr't dokter Bontekoe wenne hat; dy hekke koenen se noait ticht hâlde. Myn man ried dêr faek mei de bargewein lâns nei Ljouwert ta. Doe ha se in kear bisocht him ticht to hâlden, mar hy gong wol wer iepen, sa fêst koenen se him net sette. Hja ha dêr letter noait wer by west.
nl.verhalenbank.30069
Op in sneintojoun kom ik mei myn kammeraetske hjir oer in brechje, dêr't se fan seinen dat dêr altyd wearwolven tahâldden. Dy jouns ha wy tige dúdlik kôgjen heard, mar wy ha neat sjoen.
nl.verhalenbank.30077
To Feankleaster, by de beide slotten, dêr spoeket it. Guon ha dêr wite wiven spoekjen sjoen. By de daem hingje soms sokke wiven mei de earms oer de hekke hinne.
nl.verhalenbank.20537
By de boer Biesterveld yn Uthuzen wie ek in spûkskuorre. Dêr ha wy ek wol slept. Ik en myn man wienen doe noch net troud.
Myn man en syn maet sliepten njonken elkoar. Hja hienen har horloazjes op in joun by elkoar lein yn 'e pet fan myn man.
De oare deis koenen se de kettings fan 'e horloazjes net wer útelkoar krije.
nl.verhalenbank.30091
Yn Feankleaster by de wite hekke fan 'e Muontsewei dêr spûke it. Dêr doarste froeger mennichien net lâns.
Hwat der krekt spûke, wit ik net.
nl.verhalenbank.32131
Op it Skier spoeken twa famkes, dy wienen hielendal yn 't wyt. Om ien ûre yn 'e nacht wienen se warber. In man hat se dêr sjoen, hy hat it my sels forteld.
Der mat hjir ek in wite juffer spoeke ha.
nl.verhalenbank.30078
Antsje sei ek, dat it spoeke dêr by ús op it reedtsje. Hja hie in hiele greate houn op it hiem sjoen, mei in sturt as in biezem.
nl.verhalenbank.20540
By de Skilige Piip sit in kiste mei jild yn 'e groun, sizze se. Dat hat it jild west fan in hear en dy hear wenne by syn libben yn in moai slot, dat dêr stien hat.
As de minsken prebearren dy kiste mei jild út 'e groun to heljen, sonk er altyd djipper ta de groun yn.
nl.verhalenbank.29773
Ringer syn mem wenne yn Muntsjesyl, achter Kollum. Dy fortelde, tichte by har stie in hûs, dêr wenne in frou yn mei dochters. Dêr gong it der soms alderheislikst oan wei. Sy hienen dêr takkebosken op 'e souder, dy woarden soms samar yn 't achterhûs smiten. Soms woarde der ek mei toffels en skuon omsmiten. Mar sy woarden noait ien gewaer. It wiene...
nl.verhalenbank.20545
Yn Twizelerheide hat men it Spoekeloantsje. Dêr waerd ek wolris in pleachbeest sjoen.
nl.verhalenbank.29714
By de Boppewei spoeken twa famkes by nacht, mei reade doekjes om 'e hals. Dy famkes binne yndertiid formoarde woarn en koenen de rêst net fine. Guon doarsten dêr by nacht net lâns. Der wienen wol keaplju, dy ha dy famkes dêr troffen as se dêr nachts mei de bargewein lâns kamen. Dan wie 't in hiele toer de hynders dêr troch to krijen.
nl.verhalenbank.30073
Yn Beerta hienen jy in spûkskuorre. Ik ha dêr wol slept, as wy dêr mei de keppel oan 't wurk wienen. Midden yn 'e golle mochten wy net komme. Dêr wie in kûle. Midden yn 'e nacht gong dêr samar in ljochtsje op. As dêr minsken hinne gongen, dan sonken se yn in djip gat. Dan sonken se yn 'e groun en men kaem se noait wer to sjen.
De boer dy't dêr wenne, hie...
nl.verhalenbank.30090
To Hurdegaryp, by 't hûs fan dokter Bontekoe, stie in hekke, dy wie altyd iepen. Dy koenen se net ticht hâlde. Guon ha dêr wolris de wacht by hâlden. It doogde net mei dy hekke.
nl.verhalenbank.29813
To Hurdegaryp wie in hekke, dy't net ticht bliuwe woe.
Dy gong altyd út himsels wer iepen.
nl.verhalenbank.29725
Ek spûke der yn 'e Westerein in rolle fyfskaft. Dy rolle oer de wei.
nl.verhalenbank.29709
To Hurdegaryp, op Bennema-state stienen de hekken altyd iepen. Dy koenen se noait ticht hâlde.
nl.verhalenbank.31993
To Hurdegaryp, by Bennema-state wie in hekke. As se dy jouns ticht dienen, wie er de oare moarns wer iepen.
Hoe't dat koe, hat noait ien witten.
nl.verhalenbank.32146
By 't Skilich Pypke sit in kiste mei jild yn 'e groun. Dy kinne se noait omheechhelje, hwant as se de kiste mei de lodde oanreitsje, sakket er djipper.
In menearke is dêr yn 'e buert formoarde woarn. Dy spûket dêr altyd noch om, nei't se sizze.
nl.verhalenbank.30079
Dy't by de spoarbrêge tusken Kûkherne en de Westerein jouns siet to fiskjen, dy hearde nachts om tolwe ûre hwat oer de brêge kommen. Dat wie poemp-poemp-poemp-poemp. Jy koenen in skaed sjen, mear net.
't Gebeurde alle jounen om deselde tiid.
nl.verhalenbank.24571
Hjir yn 'e Westerein, oan 'e oare kant it spoar, dêr stie in hûs, dêr wie 't net plús. Dêr spûke it yn by nacht. Dan hearden se rare gelûden. En sy seagen ek wolris hwat.
nl.verhalenbank.29720