5,251 datasets found
Dutch Keywords: spookplaats Narrator Gender: female
Dêr't nou de garages fan De Bruin binne, dêr wie froeger in spoekedaem. Dêr doochde it net. Guon ha dêr wolris hwat sjoen. (Nou komt dêr in fuotbalterrein.)
nl.verhalenbank.32013
By it Tykster brechje (it brechje op 'e Tike is der nou net mear) spûke it. 't Wie dêr net suver, seinen se. In bulte wienen dêr bang.
nl.verhalenbank.29620
By Bearne-daem gong 't ek altyd op in spoekjen. Dêr wienen de minsken altyd bang.
nl.verhalenbank.37783
By de dikke beam roan in paed lâns, dêr koe men oerdwars gean. Dêr spoeke it altyd.
nl.verhalenbank.22711
By de dikke ikene beam oan 'e Ryksloane spoeke it altyd.
nl.verhalenbank.24340
Op it Inia-loantsje spoeke it altyd. Der roan hwat. Dat bigoun al op it plak, dêr't nou Slofstra wennet.
nl.verhalenbank.22797
To Kollumersweach, tichte by de skoalle, spoeke yn 't boskje in wyfke. Dêr wienen wy ek bang foar.
nl.verhalenbank.24889
Bij de bonte brug in Dokkum stond een huis, daar spookte het altyd in.
nl.verhalenbank.32626
Yn 'e Westerein dêr stie in hûs, dêr mochten wy net komme. Dêr spûke 't yn. Mar ik ha 't spûk noait sjoen.
nl.verhalenbank.29568
Yn Hurdegaryp, by dokter Bontekoe wie in hekke, dy't net tichtbliuwe woe. Dat is yn hiel Fryslân bikend.
nl.verhalenbank.29623
Oan 'e Spoekloane by de Dwarsfeart doogde it net. Soms gebeurde it, dat de hounekarre in hiel ein optild waerd en troch de loft gyng.
nl.verhalenbank.11536
To Hurdegaryp is in hekke foar Bennema-state, dêr't dokter Bontekoe wenne hat; dy hekke koenen se noait ticht hâlde. Myn man ried dêr faek mei de bargewein lâns nei Ljouwert ta. Doe ha se in kear bisocht him ticht to hâlden, mar hy gong wol wer iepen, sa fêst koenen se him net sette. Hja ha dêr letter noait wer by west.
nl.verhalenbank.30069
To Hurdegaryp stiet in villa, in wite villa, dêr't in dokter yn wenne hat. Dêr is in hekke by dy villa, dy giet altyd fansels iepen. Reade Haite syn folk ha yn dy villa wenne.
nl.verhalenbank.22280
Piter Alka plichte wol gau us by ús to kommen. Hy fortelde, dat by de grouwe beam (betonwei) dêr siet nachts ien to jildtellen. 't Wie in spoek. As men de egen der even ôf hie, dan wie 't ek samar ynienen fuort.
nl.verhalenbank.22253
Op 'e Miedwei spoeket altyd in wyfke mei in greate paraplu. Dêr wienen wy as bern bang foar.
nl.verhalenbank.24888
To Hurdegaryp wie in hiem mei in hekke. Dat wie by dokter Bontekoe. Dy hekke gong yn 'e nacht altyd fansels samar iepen.
nl.verhalenbank.24900
To Hurdegaryp stie froeger in hekke, dy't altyd fan sels iepen gong.
nl.verhalenbank.29559
By Iesumesyl leit de Guozzepôlle. De sédyk makket dêr in ring nei Dokkumer Nijesilen. Op dat ein is in putting (=wetter). Dêr wie altyd in keardel oan 't reedriden likegoed by 't simmer as by 't winter. Men hearde him altyd omdraeijen. Dan sette er de streken yn 't iis. Dat gong sa hyltyd mar hinne en wer. 't Wie in spoek fansels.
nl.verhalenbank.32761
By 't Tiltsje tusken Eastemar en Sumar spûken om 12 ûre yn 'e nacht altyd wite wiven.
nl.verhalenbank.31040
Yn Sigerswâld (ûnder Garyp) wie in dobbe yn 'e kampen foar Siger Hoekstra. Pim fan Syberens Baeije seach altyd in âld-minske út dy dobbe kommen. Dy woarde ek sa wer wei.
nl.verhalenbank.22789