Frijmitselders matte de dodenrit meitsje, en dat is net bêst.
As men yn sa'n klub sit mat men wol wite dat der om 'e sawn jier ien dea mat. Dêr wurdt om lotte.
nl.verhalenbank.22994
Ik wie sa'n oardeljier lyn by de Kilometerwei ûnder Aldegea. Dêr stie 'k to sjen nei it terrein fan it ierdgas. Wylst ik dêr stie hie 'k hiel sterk it gefoel dat dêr ien fordronk. Ik sei: "Ik mat hjir wei, ik kin hjir net bliuwe." Ik wist net hwa en hwat dêr fordrinke soe.
Nou in healjier lyn is Riemmer Benedictus dêr op 't selde plak fordronken.
Dat hat...
nl.verhalenbank.22980
Us mem fortelde dat, doe't se noch faem wie, doe kom der us in feint by har yn Aldegea. Dy sei: "Sil ik us soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte?"
Doe hied er dat dien en dy soldaetsjes bigounen moai to marsjearen.
nl.verhalenbank.22770
Yn 't east fan Garyp spoeke by nacht ek altyd in dikke houn om. Dêr wienen de lju bang foar.
nl.verhalenbank.23095
Us Auke moest moarns altyd nei de boer ta. Dy wenne yn 'e Westerein fan Garyp. As er dan de tsjerke foarby moest, seach er dêr altyd twa minsken sitten op 'e tsjerketrappen. Dy bleauwen dêr sitten, hwant as er omseach sieten se dêr nòch. Dat wienen spoeken.
nl.verhalenbank.23042
Op 'e Houtsjepaden yn 'e Sumarreheide wienen froeger us in pear murdejagers. 't Wie yn 'e nacht. Doe't se by in wâl wienen, tochten se: "Hea, dêr is noch in ljocht." Sy woenen der hinne, mar sy koenen noait by dat ljocht komme. Sy prebearren 't fan alle kanten, mar sy bleauwen wol fjouwer kampen fan dat ljocht ôf.
Ien fan dy murdejagers, dat wie Binne...
nl.verhalenbank.23040
Op in snein-to-joun siet ik mei myn âlden en ús heit syn broer by de tafel to iten. 't Wie sahwat sawn ûre.
Doe wie 't ynienen allegear lawaei. Der woarde timmere en mei planken en stiennen smiten. Wy hearden 't allegear hiel dúdlik en woarden der kjel fan.
Doe't wy nei 't bûthús gongen om to sjen, stienen de kij allegearre oerein, dy hienen 't èk heard,...
nl.verhalenbank.23097
It is al hiel lang lyn, doe wenne ik op 'e kooi ûnder Garyp. 't Wie yn 'e nacht. Ik lei op bêd en hie lyk as altyd de kleden iepen. Doe seach ik samar ynienen hiel dúdlik in wei, dêr't auto's lâns tuften. Der wie doe hielendal noch net in wei.
Mar dy wei is der kom: de Bolderenwei, en dêr tuffe nou alle dagen de auto's lâns. Dit ha 'k sels sjoen en dat...
nl.verhalenbank.21333
De dûmny fan Garyp moest us in kear nei Wurdum ta. Rypke Paulusma, de âlde fuorman moest him yn 't rydtúch der hinne bringe. Rypke hat it my sels forteld. Doe't se oan 'e twadde Stûkloane ta wienen, woarde it hiele spul - rydtúch mei hynder en al - samar oan kant set yn 'e berm. Rypke wist net mear hwat kant er út moest en dûmny like min. Sa bot wienen dy...
nl.verhalenbank.17118
Sterke Hearke trof us in kear in koopman. Sy fornommen dat se beide like sterk wienen. Sy gongen nei in herberch ta. Dêr bistelden se hwat.
Der sieten in stik of seis, sawn man to swetsen en sy bespotten Hearke en de koopman.
Earst seinen dy neat, mar doe't it oer de skroeven gong, sei de koopman tsjin Hearke: "Giestû even yn 'e doar stean?"
"Ja", sei...
nl.verhalenbank.22772
Troch bimiddeling fan skoppenboer kin men in flesse jenever komme litte. Dat is jenever fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.22996
Mem hie in muoike, dat wie Hiltsje Alles Adema. Hja wie troud mei Hidde van Houten, in timmerman to Grins.
Hiltsjemoai forstoar yn 1883 en kom yn Garyp ûnder 'e ierde. Us mem wie doe swier fan myn jongere broer Tseard. Mar sy woe by de biïerdiging fan Hiltsjemoai yn Garyp wêze en sy hat der ek hinne west.
Mar doe't Tseard geboaren woarde, wie dy alhiel...
nl.verhalenbank.22982
Frijmitselders binne ûnbigryplike wezens. Sy kinne sweve en ha noait jildkrapte. De duvel hat se yn 'e macht.
nl.verhalenbank.22799
Twa arbeiders soenen op in moarn om fjouwer ûre nei de boer ta. De iene wie myn broer Riemmer de Vries. Sy kommen fan Sumarreheide. Sy roannen de Griene Loane del. Sy moesten op 'e ein dêrfan wêze. Doe seagen se in âld minske, dy kom dwars oer 't lân hinne. 't Wie krekt as sweefde se. Sy seagen dat se oer de Griene Loane hinnesweefde, dwars-oer, en doe...
nl.verhalenbank.23108
Hienen guon forlet fan drank, dan stjûrden se klaverboer der op út. Dan kaem der even letter in drankflesse oansweven. Deselde dy't de kaert fuortstjûrd hie mocht de flesse net oannimme.
nl.verhalenbank.31530
As de tsjerne bitsjoend wie hellen se Piter Poes der by. Piter Poes wie de duvelbander fan Sumarreheide.
nl.verhalenbank.23120
Wy mochten as bern net op in pod traepje, hwant dan kaem der tonger, seinen se.
nl.verhalenbank.31524
Myn âldste suster hie nou fiif en sauntich jier west. Hja wenne njonken it café fan Kielstra.
Heit en dy hienen in krêbbe yn 't bêdsté, dêr sliepte ús Pytsje yn. Altyd om deselde tiid yn 'e nacht, tusken ien en twa ûre, bigoun it bern forskrikkelik to jammerjen en to razen. Se koenen har noait stil krije, sa angstich en sa binaud wie 't bern.
Doe kom âlde...
nl.verhalenbank.21092
Us heit fortelde, der hie op 'e Tike in minske wenne, dy hie by har libben bigeard, as se ienkear dea wie, dan woe se mei in wyt-mûtse op yn 'e kiste lizze. Har folk hie har dat biloofd, mar der letter noait wer om tocht. Hja woarde sûnder wyt-mûtse op biïerdige.
Mar in dei of hwat letter, doe't de lju al op bêd leinen, woarde der by harren kloppe. Doe't...
nl.verhalenbank.21093
De tonger slacht samar troch 't kaeisgat fan 'e doar.
nl.verhalenbank.31525