915 datasets found
Dutch Keywords: spookplaats Place of Narration: Sumar
By it Tykster brechje (it brechje op 'e Tike is der nou net mear) spûke it. 't Wie dêr net suver, seinen se. In bulte wienen dêr bang.
nl.verhalenbank.29620
By Bearne-daem gong 't ek altyd op in spoekjen. Dêr wienen de minsken altyd bang.
nl.verhalenbank.37783
It Spûkeloantsje rint fan 'e herfoarme tsjerke fan 'e Kompenije nei Luchtenfeld. De namme is nou Klamersreed. Dêr spûket it, is de hiting.
nl.verhalenbank.31949
By de Krúswei spoeke in neakene keardel.
nl.verhalenbank.27292
By de dikke beam roan in paed lâns, dêr koe men oerdwars gean. Dêr spoeke it altyd.
nl.verhalenbank.22711
Yn 'e Hamsherne spoeke altyd in hynstekop.
nl.verhalenbank.25321
Der wie yn Aldegea ek in boskje mei nutebeammen yn 'e buert fan in sekere Ritsma. Dêr spoeke it ek.
nl.verhalenbank.22701
Oan 'e Oaljemounesingel to Kollum spûke it ek. Guon wienen dêr bang.
nl.verhalenbank.32253
Op 'e Skilige Piip by Feanwâlden wie 't net plús. De minsken waerden dêr bang, it spûke dêr.
nl.verhalenbank.32327
Yn Feankleaster by de wite hekke fan 'e Muontsewei dêr spûke it. Dêr doarste froeger mennichien net lâns. Hwat der krekt spûke, wit ik net.
nl.verhalenbank.32131
Achter it hûs dêr't wy nou yn wenje hat froeger in âld wâldspultsje stien, yn myn jongestiid wie dat wakkere boufallich. It spûke dêr. De minsken dy't dêr wennen hearden nachts gauris hwat yn 'e hynstestâl, hoewol dy leech stie. Ek hearden se de posten op 'e skerne yn biweging gean.
nl.verhalenbank.31942
By de dikke ikene beam oan 'e Ryksloane spoeke it altyd.
nl.verhalenbank.24340
By de grouwe beam oan 'e betonwei spoeket it frijhwat.
nl.verhalenbank.22246
By de wite hekke by de Puntbosk to Burgumerheide spoeke it.
nl.verhalenbank.16492
By de grouwe ikebeam yn 'e Harkema spoeke it altyd.
nl.verhalenbank.26246
Op it Inia-loantsje spoeke it altyd. Der roan hwat. Dat bigoun al op it plak, dêr't nou Slofstra wennet.
nl.verhalenbank.22797
By 't Langerek (sahwat by de Avek) ûnder Surhústerfean spoeke in bigge.
nl.verhalenbank.27214
Op 'e Pasterijelânnen yn 'e Sumarreheide spoeke it altyd bot.
nl.verhalenbank.20247
Yn Sumarreheide spoeke it op it plak dêr't Abraham van der Leest wenne hat.
nl.verhalenbank.20242
Achter yn 'e Twizeler Mieden is it faker as ien kear gebeurd dat der in bernewein oanriden kom, sûnder dat der ien wie dy't him skoude. Hy is Knjillis Sytses twa kear tomjitte kom, fortelde er.
nl.verhalenbank.22758