Yn 'e bocht fan 'e Pasterijelannen, op 'e hoeke, yn Sumarreheide spoeken altyd trije hearen om. Dy sieten dêr mei papieren yn 'e hannen.
nl.verhalenbank.24515
Der brânde op in plak yn Hústerheide ek altyd in fjûr by nacht.
nl.verhalenbank.20277
By de Skilige Piip by Feanwâlden spoeke in wite juffer.
nl.verhalenbank.20270
By de boskjes by de pleats fan Jelke Algra spûke it. Ien krige dêr ris in rare stomp tsjin 't skouder oan, doe't er dêr lâns fytste. En doch wie der neat to sjen.
nl.verhalenbank.31807
Op Hústerheide (ûnder Burgum) dêr spoeke soms ien om mei in great wyt ding op 'e holle. Dat gong nou us omheech en dan wer omleech. Forskate lju ha it sjoen.
nl.verhalenbank.20276
By âlde dokter de Boer yn Hurdegaryp - de foargonger fan dokter Bontekoe gongen de sluten hekken nachts út har sels wer iepen.
nl.verhalenbank.20263
Op 'e Pasterije-lânnen to Sumarreheide wie 't ek lang net plús. Der is us ien mei de petroaljekarre lâns kom. Hy woarde mei karre en hounen en al samar optild en oer de dyk smiten.
nl.verhalenbank.20279
Oan 'e greate Ryksstrjitwei by de Stateheide-reed (Burgumerheide) roan nachts in swarte juffer om mei toffels oan.
nl.verhalenbank.20334
Yn Garyp wie in paedstje fan Brandsma's plaets nei de Inia-wei. Oer de sleat lei in greate wylgemûs. Dêr spûke it altyd. Dy beam wie trochsage troch de duvel. It iene stik siet in bult takken op dy't dêr oan groeiden, it waerd altyd neamd Bucheltsje-hout. Dy't oer dat houtsje stapte by nacht waerd yn 'e sleat reage. Dêr doarst men by nacht net lâns.
nl.verhalenbank.32068
Yn 'e Sumarreheide spoeke in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.24523
Op it Pasterije-lân spûke it dat it hwat die. Sa roun dêr ek in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Dêr makken se hjir op 'e heide de bern faek bang mei.
nl.verhalenbank.31490
Myn heit wie trije jier, doe forlear hy syn âlden al. Hy woarde greatbrocht by âlde Abraham van der Leest, syn omke. Froeger gongen se to meanen mei de Earnewarren. Dan moesten se de Prikwei del. Dêr moesten se dan neigersmeane. Heit en Abraham wienen togearre. "Jonge," sei Abraham tsjin heit, "wy koenen wol hwat blêdreid ôfmeane yn dy sleatskant. Dan...
nl.verhalenbank.24514
Op 'e Sumarreheide roun in fôle mei in brijpot om 'e nekke en ek op 't Lútsensloantsje ûnder Garyp.
nl.verhalenbank.31640
Yn Earnewâld wie op in moarn bitiid in man bûtendoar, 't wie noch skymrich. Doe seach er in fanke foar him op rinnen. Hy seach dat se yn 't wetter, flak foar him, weiwaerd. Doe't hy der by kaem, wie se der net. Hwer't se bleau wie him in riedsel.
nl.verhalenbank.31790
Op 'e Lútsensloane dy't op 'e Easterein yn Garyp útkomt, roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Dêr waerden wy as bern bang foar makke.
nl.verhalenbank.32067
Yn Rottum (in lyts plakje yn Grinslân) stie in spoekskuorre. Dêr gong it yn 'e nacht altyd op in klopjen en timmerjen. Yn dy skuorre koenen nachts gjin minsken forkeare.
nl.verhalenbank.20261
By de Simmerdyk oan 'e Klaes Piersreed (Burgumerheide) roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Der siet gjin sleef yn 'e brijpot.
nl.verhalenbank.20333
Diuwke by Nacht spûke nei har dea yn Garyp fan 'e buorren nei Sumar. Der binne genôch dy't har sjoen ha. Dit is wrachtich wier.
nl.verhalenbank.32481
Yn Garyp, tusken de Sumarrehoeke en it eigenlike doarp spoeke altyd in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.20278
Yn 'e plaets fan Theunis Oostenbrug op Burgumerheide roannen nachts in pear famkes it bûthús op en del en dy kuijeren dêr sa'n hiele nacht hân yn hân hinne en wer. Der waerd wol biweard dat ien fan dy famkes dêr yndertiid formoarde woarn is.
nl.verhalenbank.20335