Yn Grinslân, yn 'e buert fan Middelstum stie in pleats, dêr spoeke it yn 'e skuorre. Dêr woe net ien yn sliepe.
nl.verhalenbank.17342
Piter Schulp, postkantoarhâlder yn Surhústerfean hat itselde dêr bileefd.
Ek Miente van der Sluis, dy't letter plysje yn Grins wie.
Ek Meint Pamma, dy't op 'e Skieding wennet, by de Parkster Skoalle.
nl.verhalenbank.17331
Heit hie nei de faem ta west yn Surhústerfean. Doe't er by 't Blauhûs wie, sahwat by de plaets fan Poppinga, oan 'e wei nei Boelensloane, kaem der him in swart ding tomjitte, dat him foarbysweefde. It bleau by him yn 'e buert. It wie in great swart ding. Hwàt it wie koed er net sjen. Heit hat it faek forteld.
nl.verhalenbank.17330
Hindrik Kooistra fan Boelensloane soe nei de boer ta, dy wenne op it Fean. Doe't er sahwat oan 't Blauhûs ta wie, oan 'e oare kant Sierd Pool, gong der ien njonken him yn 't wyt, dy sweefde sahwat. Hindrik sei "Morgen", mar dyselde hie neat werom sein. Doe waerd Hindrik bang en makke hurd dat er by de boer kaem. Dat wie Wytse van der Lei, dy fortelde hy...
nl.verhalenbank.17326
Hy is dêr ek in kear lâns kaem, dat wie ek by 't Blauhûs, doe wrinzgen de hynders hiel bot en sy roannen sa hurd troch 't lân, krekt as wienen se sljocht. De beesten wienen deabinaud. It wie dúdlik dat de dieren hwat seagen dat net doogde.
nl.verhalenbank.17327
Op 'e Langewyk roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.17134
Fan 'e Boelensloane nei 't Blauhûs ta spûke in houn.
nl.verhalenbank.25655
Oan 'e Trije Roede spoeke it ek. It is sahwat op Bearnedam. (skieding Boelensloane - Surhústerfean)
nl.verhalenbank.21403
Op 'e Goudberg roan in neaken bern om. Dat spoeke dêr. Boardzer Bruining hat it sjoen, biweart er.
nl.verhalenbank.21414
De spoeken komme út 'e ruskepôllen wei.
nl.verhalenbank.28142
Ek spûke dêr in houn ûnder in damke. Hy bleau dêr altyd en blafte soms.
nl.verhalenbank.28136
Ik wie ris in kear op 't Wytfean mei myn beide maten. Wy gongen skeanoer en doe troch in droege sleat. Myn beide maten wienen der al troch. Doe't ik der troch soe gong der in gedaente deun foar my lâns. It wie hwat dat sweefde. Noait ha 'k witen hwat dat wie.
nl.verhalenbank.28324
Alde Ritske van der Meer hat my ris forteld, der wie him ris in keardel yn 'e mjitte kaem mei in hege hoed op en in lyts hountsje by him. Dy gong flak foar him stean en woe net út it sté gean. It wie in skynsel. Ritske wie hurd útnaeid.
nl.verhalenbank.17332
By 't Spûkeloantsje oan 'e Folgersterwei wie froeger in hountsje, dat kom by de minsken dy't dêr lâns gongen en dat roan stiif tsjin harren oan, oan 'e side, ûnder 'e earm lâns. Dat koenen se net wer kwyt wurde. It wie in pleachbeest.
nl.verhalenbank.28138
Yn Grinslân wienen boereskuorren, dy doogden net. Dêr spûke it. Dat wie faek wol bikend. De minsken kommen net yn sa'n skuorre to sliepen, mar krigen in oar ûnderdak.
nl.verhalenbank.36204
Tusken Blauhûs en de Boelensloane spoeket in swarte houn. Ik haw him wolris sjoen.
nl.verhalenbank.17632
Op 'e Mûzegroppewei, seinen se altyd, rint in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.28165
Oan 'e Fjouwer Roede is in loantsje, dêr spoeke jouns en nachts altyd in swarte kat. Skoanheit wie dêr deabinaud foar en doarst foar gjin noch safolle jouns of nachts yn dat loantsje komme.
nl.verhalenbank.21560
Tusken Blauhûs en de boereplaets fan Pool (dat is de kant út nei Boelensloane) roan nachts altyd in grouwe houn. Dy spoeke dêr.
nl.verhalenbank.21401
Tichte by de Liuwepoel yn 'e Harkema wenne in sekere Alma. Ik leau dat it in Fokke Alma wie. Ien fan 'e Langewyk - in neef fan my - gong dêr ris hinne to jounpraten. Doe sei dy Alma tsjin him: "Och God, man, doarre jo hjir del? Dêr is altyd in neaken fanke, dy komt út 'e poel wei."
nl.verhalenbank.28141