Klaes Wybenga hie forkearing mei in faem, dy wenne op 'e Frijstêd. Doe't er dêr foar de earste kear hinne gong seinen de minsken tsjin him, hy moest foarsichtich wêze, hwant dêr roan in strûpt hynder. Mar Klaes swearde by heech en by leech dat it him neat skele koe.
Op in snein-to-joun soed er wer ris nei de faem ta, doe seach er dêr it strûpte hynder...
nl.verhalenbank.33426
Op 'e Koopmanswei yn 'e Westerein spûke nachts altyd in houn.
nl.verhalenbank.23775
Yn 'e Westerein oan 'e Langereed wie in plak, dêr moest men by nacht net lâns, seinen se, hwant dêr spoeken altyd twa berntsjes.
Op 'e Langeloane spûke it ek.
nl.verhalenbank.23769
Kij wie yn Dútslân oan 't wurk. Ik wie allinne thús en doe soe 'k op in joun nei Kij syn mem ta. 't Wie donker, mar ik koe wol sjen. Ik hie in line achter hûs spand. De iene linepeal stie foar de reed oer. Doe't ik dêr oan ta wie stie dêr in minske, alhiel yn 't wyt. Ik bin werom gong yn 'e hûs.
De oare moarns bin 'k nei Kij syn beppe ta gong. Dy sei, ik...
nl.verhalenbank.33514
Wy ha yn 'e Falom wenne yn 't hûs fan âlde Knjillis. Doe't ik dêr hinne soe, seinen de minsken: "Dû mast dêr net hinnegean hwant it spokket dêr."
Dêr ware alle nachten in frou om yn dat hûs, mei in bûnte skelk foar. 't Wie âlde Knjillis syn wiif. Knjillis wie froeger skipper. Doe't dy stoar binne wy yn dat hûs kom.
nl.verhalenbank.33425
Yn 'e buert fan Burgum wie in lânne, dêr spokke it altyd yn. Jochum bargekoopman kaem dy kant út wei. Dy fortelde it ús. Hy sei, syn heit wie dy lânne us yn gong. Dy woe der mear fan witte. Hy seach it spoek en spriek it oan. Hy sei:
"Bist fan God, spreek. Zijt ge van de satan, wijk."
It spoek wie útnaeid en 't hie dêr noait wer west.
nl.verhalenbank.22154
Ast' bûten komste en der komt dy in swart ding op side, dan is dat forkeard.
As 't yn 't wyt is, is 't goed.
nl.verhalenbank.22153
Oan 'e West-kant fan 't spoar yn 'e Westerein spoeken twa famkes mei reade skelkjes foar.
nl.verhalenbank.23418
Myn mem hie in suster, dat wie myn muoike. As dy nachts nei de plé ta gong kom der altyd in neaken popke by har opkrûpen en gong by har op 'e skoat sitten. De plé stie bûtendoar.
Sjoukjemoai wie oars net sa gau fan 'e wize, mar ien kear ha se har dêr weihelle, doe wie se biwusteloas delfallen.
Doe fortelde se ús heit en mem fan dat popke.
Dat berntsje wie...
nl.verhalenbank.33435
Der sieten ris twa Westereinders op in joun yn in boatsje in eintsje fan 't spoar ôf op 'e Swemmer. Doe seagen se dat dêr op it spoar in ding hinne en wer roan.
It wie in wyt ding, dat gong by de brêge del en kom flak by de boat yn 't wetter. Doe soenen se der op slaen mei de rym (= spaan), mar doe wie 't ding fuort.
(in swager fan my wie ien fan dy beide...
nl.verhalenbank.23768
Doe't ik yn Kloosterburen by de boer wenne, wie dêr nachts faek 'voorbereiding'. Dan koe 'k net sliepe. Dan gong de tsjerne sa'n hiele nacht troch, wylst der net ien by wie. Hwant oeral is nachts 'voorbereiding' fan.
nl.verhalenbank.20102
Der woarde altyd sein yn 'e Westerein: Om tolve ûre nachts moest men net oer de spoarbrêge, hwant dan spoeke it dêr. Dan wie dêr in wyt ding warber, dat forskeidene minsken dêr wol sjoen ha. It wie krekt as sweefde it. En it hearde dan krekt as woarde der mei stientsjes smiten.
It jongfolk gong altyd it spoar del nei Feanwâldstermerke ta. Mar werom...
nl.verhalenbank.23766
Ik wie boerefaem. Ik siet to melken yn 'e stâl. Doe miende ik dat ik in fûgel fleanen seach.
Nei melken gongen wy to kofjedrinken. Ik sei tsjin 'e boer: "Ik fortrou my joun net." Hwant ik moest yn 'e tsjernherne sliepe. Dat wie myn plak. "Ik doar dêr joun net to sliepen", sei 'k.
"Hwerom net?" frege de boer.
"It leit my sa by, dat der ien yn 'e hûs is",...
nl.verhalenbank.22005
In neef fan ús hie in húshâldster. Hy hat har skandalich bihandele. Doe't it minske âld waerd, wie se der al hielendal oer. 't Wie in stumper.
As hy by 't winter fuort gong moest it sloof yn 'e kjeld sitte. Dan boun er earst in tou om 'e kachel hinne, hwant hy sei, 't wie net fortroud dat sy mei de kachel om gong.
Letter, doe't se stoarn wie, koed er har...
nl.verhalenbank.22123
A[l]de Tsearde Antsje fortelde my ris, der hienen twa âlde mantsjes west. De iene hie de oare biloofd, dat deselde dy't it earst stoar, dy soe de oare in teken bringe hoe't it dêr wie. As er goed yn 'e hemel kom wie of yn 'e hel.
Doe wie de iene stoarn.
In skoft letter soe de oare to praten. Hy hie allinne op 'e wei west en doe hie der ynienen ien njonken...
nl.verhalenbank.33515
Klaes Kamstra hat syn frou tige min bihandele. Hy hat har wol sa bot slein dat se ûnder 'e blauwe plakken siet. En hy hat har wol oan 't hier út it bêd wei sleept.
Doe kaem se to forstjerren.
Alle jounen as hy fan 'e trein kaem fan 't wurk, dan moest er it tsjerkhôf foarby en dan fleach der elke kear in wyt ding út it graef wei nei de tsjerke-hikke ta....
nl.verhalenbank.22122
Tusken 'e ryksstrietwei en Twizelerheide spoeken wite juffers.
nl.verhalenbank.27389
't Spoeke eins oeral wol yn Twizelerheide. Slim wie 't ek oan 'e sânwei nei Twizel ta. Dat wie in ûre geans (nou Nije wei).
Guon hienen dêr lêst fan in pleachbeest hawn. Forskeidene jonge minsken doarsten dêr nachts net lâns.
nl.verhalenbank.27377
Op 'e Nije Wei tusken Twizel en Twizelerheide roun in strûpte fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.34474
Oan 'e Hillebrandsreed dêr spoeke it altyd. De iene hie dit der sjoen, in oaren-ien dat, mar in soad minsken doarsten der by joun en by nacht net lâns. Dêr wie ek faek in ljochtsje sjoen woarn. Ek woarden dêr nachts lykstaesjes sjoen.
nl.verhalenbank.27376