2,628 datasets found
Dutch Keywords: spokerij Place of Narration: Buitenpost
Tusken Surhuzum en Stiensgea is in pypke, tichte by de Grifformearde tsjerke. By dat pypke spoeke it altyd. Froeger hat him dêr ien ophong. Dêr komt it fan.
nl.verhalenbank.26213
In broer fan my en lytse Mounsma roannen us om fjouwer ûre hinne by 't winter oer de Godloaze singel. Alles stie ûnder wetter, allinne op 'e singel wie 't droech. Doe sei de iene tsjin 'e oare: "Dêr komt ien oan!" Hja seagen him dúdlik oankommen, hy kom almar tichterby. Mar doe't er omtrint oan har ta wie, wied er samar ynienen fuort. En doch koed er net...
nl.verhalenbank.20062
By de wite hekke by de Puntbosk to Burgumerheide spoeke it.
nl.verhalenbank.16492
Yn it Wêst fan Bûtenpost yn 'e leantsjes oan wearskanten de marechausseekaserne roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.16516
Foaroan yn 'e Westerein, tichte by Twizelerheide, wennen Anne en Hiltsje. Anne brûkte in soad drank en kom hiel faek smoardronken thús. Hy bihandele Hiltsje as in houn. Doe kom Hiltsje to forstjerren. Ynpleats fan in grêfstien sette Anne in âld kynsenskoer op 't graef, dêr't de boom út miste. Mar doe kom Hiltsje elke joun by him to spûkjen. Op it lêst...
nl.verhalenbank.16511
Yn 'e Folgeren wie in hekke, dêr stie nachts in fôlle mei in brijpot om 'e hals by.
nl.verhalenbank.16505
Gabe de Haan wie de styfheit fan myn man. Hy libbet noch en is nou 93 jier. Earen wenne hy oan 'e Wâlddyk ûnder Aldwâld. Op in joun soed er mei syn frou to praten. Doe sei syn frou ynienen: "Sjoch, der komt in keardel oan." 't Wie helder ljochtmoanne waer en Gabe seach de man ek tige dúdlik. Se wienen sahwat tagelyk by de brêge, dy fremde keardel en Gabe...
nl.verhalenbank.36134
Op it Spûkereedtsje, dêr ek yn 'e buert, dêr spûke ek altyd in grouwe houn, seinen se.
nl.verhalenbank.22953
In pleachbeest sit yn 'e nacht achter de minsken oan. Guon yn 'e Westerein hienen dêr wol ris lêst fan.
nl.verhalenbank.36310
Marten Wagenaar en Hindrik de Graaf fan Eastemar gongen der us togearre op in nacht op út mei de bijewein. Soks moest altyd yn 'e nacht gebeure, hwant de oerdeis swermen de bijen út. Sy kommen op 'e Swarte Wei. Doe't se al hast op 'e ein fan dy wei wienen, komt dêr ynienen in sniewite sjeas oanriden mei in sniewyt hynder der foar. De beide mannen wurde...
nl.verhalenbank.16501
Oan 't reedtsje achter de marechaussé-kaserne to Bûtenpost spûket in fôlle mei in brijpot, is 't sizzen altyd.
nl.verhalenbank.36148
Oan 'e Tiemewei ûnder Rinsumageast spûke nachts in grouwe houn.
nl.verhalenbank.20060
Us pake is us in kear tusken Warfstermoune en Muntsjesyl samar yn 't lân optild woarn en in ein fierder yn 'e sleat delset. 't Wie heit syn heit. Hy hie nei in boereplaets west. Hy hat it faek forteld.
nl.verhalenbank.22858
Har âlden wennen yn Kollumerpomp. Sy hienen wol gauris arbeiders en feinten, dy't spoekforhalen fortelden. Sa sei der ris ien: Oan 'e Oosterboereweg ûnder Kollum stie it Godhûs. Dat wie in arbeidershúske. Dêr stienen in hynstepoat en in bokkepoat. Kaem dêr ien om alve ûre yn 'e joun lâns, dan waerd der in stim heard dy't sei: "Ho, niet verder." Dat wie de...
nl.verhalenbank.16519
Myn man en syn neef ha ris op in joun ta de ierdbeijen sitten by 'de laatste Stuver'. Doe stienen se op 'e brêge. Doe kom der in dier oer de wei, dat wie roetswart en sa great as in heale kou. In keal wie der neat by en 't hie de gedaente fan in houn. Wylst hja der nei stienen to sjen seach it beest ynienen myn man en syn neef oan. Doe woarden se sa...
nl.verhalenbank.36136
Yn Hurdegaryp stiet in hûs, dêr is in hekke by, dy stiet altyd iepen. Dogge se him ticht, dan giet er fansels wer iepen.
nl.verhalenbank.22964
Wy ha wenne yn 'e Twizeler mieden yn in âld hûs, dat der nou net mear stiet. Dat hat froeger in stil kroechje west. Us âldste jonge wie fjouwer jier, dy woarde op in kear yn 'e nacht wekker. Hy siet rjochtop yn bêd en rôp: "Heit, hjir sit in hiel âlde pake by de tafel to roken!" Dat wie myn âlde heit, dy't doe al jierren wei wie. Us jonge wie net de...
nl.verhalenbank.36133
To Hurdegaryp de hekke, dy't fansels iepen giet.
nl.verhalenbank.20023
Tusken 't Bomkleaster en Readskuorre lizze allegear plankjes tusken de stikken lân. Dêr doogde it lang net. Dêr koe eins net ien lâns gean of hy bileefde hwat. Dêr spoeke in frommes, dat moest frij paed ha.
nl.verhalenbank.19477
Tusken de grouwe beam en de hoeke fan 'e Krúswei yn 'e Harkema spoeke altyd in dikke houn, sa great as in keal.
nl.verhalenbank.19485