18,277 datasets found
Dutch Keywords: spokerij Narrator Gender: male Place of Narration: Moddergat
De reddingboat is hjir kaem nei de ramp fan 1883. De minsken yn Wierum hienen him dêr ha wold. Mar dat wie net gebeurd. Dêr kaem it fan dat it dêr yn it boathús noait plús wie. Sy hearden der allerhande lûden yn. Dêr tsjinoer wenne in âlde fiskerman, dat wie Monte Ley. Sy sochten wjirms oan 'e hoeken - dat wie 't wurk fan 'e froulju, de wjirmdolsters - en...
nl.verhalenbank.27851
Tusken Ljussens en Peasens roan in strûpte fôlle oer de wei, woarde altyd sein.
nl.verhalenbank.27856
Hjir wienen froeger wite wiven.
nl.verhalenbank.27827
Yn Peasens wenne in smid, dy hat ris in kear in hynder bislein. Mar de oare deis sieten de hoefizers der alle fjouwer achterstofoar ûnder. Dat hynder wie bitsjoend, 't wie in spookhynder.
nl.verhalenbank.27838
Froeger hienen se hjir in reddingsboat. Dy lei yn in boathûs. Sa nou en dan wie der in bouns yn dat boathûs. Guon hearden dat. Dan seinen se: "'t Spookt ek wer yn 'e reddingboat. De boat moat der yn 't koart wer op út." It woarde as foartsjirmerij biskôge.
nl.verhalenbank.27814
Myn heit en mem en mem har mem hienen op bisite west nei Nes. Sy kamen fan Nes ôf to gean werom nei Moddergat ta. 't Wie moai ljochtmoanne waer. Mem seach in persoan, sy sei tsjin beppe: "Mem, wy moatte de skelk even oer 't earizer dwaen." Beppe seach neat. Sy sei: "Hwerom?" Mem sei: "Och, der binne wolris murdejeijers yn 't fjild by nacht. Men wit noait...
nl.verhalenbank.27853
In omke fan my wie hjir stille plysje yn Moddergat. It spoke oan 't eintsje reed dat nei de dyk ta giet, tichte by de herfoarme tsjerke. De minsken woarden dêr mei stiennen en mei modder smiten, dy't dêr nachts lâns kamen. Doe waerd dat by de plysje oerbrocht. Omke gong der achteroan mei ien fan 'e ryksplysjes. Tusken 'e tsjerke en 't reedtsje wenne de...
nl.verhalenbank.27857
Froeger roan der yn Peasens in paed oer 't tsjerkhôf. Dêr moasten by nacht al ris guon oer. Doe seagen se op in plak op 't tsjerkhôf hwat forwegen, dat wie dan wer swart en dan wer wyt. Sy doarsten der net lâns. Net ien doarst der hinne om to sjen. Sy hienen dêr al in moai skoft stien, doe seinen se: "Wy moatte de deagraver mar ris freegje of dy der hinne...
nl.verhalenbank.27944
Yn Moddergat wie in keardel dy wie tige earm. Dy foun in lyk, dat oanspield wie. Dat lyk hie in pear nije learzens oan. Dy luts er fan 'e skonken fan dat lyk en hy naem se mei nei hûs. Mar sûnt dy dei kloppe der jouns altyd ien by him op it rút, dy sei: "Ik moat myn learzens wer ha. Ik moat myn learzens wer ha." Doe hat er dy learzens wer nei 't selde...
nl.verhalenbank.28113
De nachtmerje kaem troch 't slotsgat. 't Wie in frommes. Men moest hinnegean en set de toffels omkeard foar 't bêd.
nl.verhalenbank.28102
Ien hjirwei kaem ris in kear út 'e herberch. Underweis nei hûs ta woard er samar fan 'e wei ôf yn 'e sleat smiten. Hy sei: "Bliksem, doch dat noch ris." Doe gebeurde 't wer. "Noch ris", sei er. En wer woarde er yn 'e feart smiten. Mar doe doarst er it net wer to freegjen, hwant doe wist er dat it de duvel wie.
nl.verhalenbank.28116
To Wierum wenne in feint, dy die 't altyd mâl. Hy spotte en flokte dat it net mear moai wie. Hy wie ek faek dronken. Op in joun kaem er by minsken yn 'e hûs. Dêr woed er graech ûnderdak ha foar de nacht. Hy kaem yn 't bûthús to lizzen op strie. Doe't se de oare moarns by him kamen, hied er de holle omkeard op 'e romp. De duvel hie him de nekke omdraeid.
nl.verhalenbank.28117
Hie men lêst fan langskonken, dan hong men in fleartokke foar 't bêd.
nl.verhalenbank.28103
Heit sei, hy kom ris in kear fan Nes op in joun. Der wie in oare man by him, dy moast nei Wierum ta. Doe hie dy man ynienen tsjin heit sein: "Jo moatte oan kant gean." Heit gong oan kant. Even letter sei er: "'t Is foarby, kom mar wer op 'e wei." Dy man woe net sizze hwa't it wie dy't stoarn wie. Op in pleats tichte by it plak dêr't se oan kant gien...
nl.verhalenbank.28115
As der ien bitsjoend wie, dan siet der in krâns yn 't kjessen dêr't dyselde mei de holle op lei. Dy krâns forbrânden se yn 'e dôfpot, dan kaem de tsjoenster foar de doar.
nl.verhalenbank.28101
Frijmitselders wienen kûgelfrij.
nl.verhalenbank.27959
De swarte spegel hearde by de waarzeggerij. Dan seagen se yn dy spegel. Dan krigen se hwat fan 'e takomst to sjen.
nl.verhalenbank.27958
Yn Den Haech hat men de Bloedpoarte. Dêr sit in keamer yn, dêr is it donker. Dêr binne de muorren hielendal mei nammen biskreaun. Guon fan dy nammen koenen se der noait wer ôfkrije. Dy nammen wienen mei bloed skreaun.
nl.verhalenbank.27964
Hja ha hjir in kat alris in reis jown. Sy tochten dat it in tsjoenster wie. En dat wie ek sa, hwant de oare deis wie der in frommes kreupel.
nl.verhalenbank.28100
Yn Moddergat wenne in frou, dy wie mei de helm geboaren. Dy wist altyd hwa't der stjerre soe. Nachts gong se fan bêd ôf om de lykstaesjes to sjen.
nl.verhalenbank.28114