18,652 datasets found
Dutch Keywords: spokerij Narrator Gender: male Place of Narration: Harkema
It spoeke altyd op 'e Skoukepaden ûnder Droegeham.
nl.verhalenbank.20835
Dêr't nou it nije tsjerkhôf is, dêr spoeken altyd twa wite froulju.
nl.verhalenbank.17391
Yn Surhústerfean, tichte by it Blauhûs, roan in barchje om, dat dêr spoeke. Dêr doarst net ien lâns.
nl.verhalenbank.20126
Op 'e Krúswei doogde it net. Dêr spoeke it. In bulte minsken doarsten dêr by jountiid net lâns.
nl.verhalenbank.23952
Oan 'e feartswâl nei 't Fean ta spûke in baerch. Dêr wienen se allegear bang foar.
nl.verhalenbank.16876
Op 'e Lytse wei spoeke altyd in hynder.
nl.verhalenbank.21139
To Hurdegaryp wie in hekke dy't altyd fansels wer iepen gong. Guon út 'e Harkema rieden destiids mei de hounekarre oer Hurdegaryp nei Ljouwert ta. Se stieken dan yn Hurdegaryp oan yn ''t Swaentsje', dan hienen de hounen even lins. Se sprieken ôf, ien foar ien soe de hekke ticht dwaen. Dat dienen se ek. As der ien yn ''t Swaentsje' kom, sei er tsjin syn...
nl.verhalenbank.16962
Op 'e Krúswei yn 'e Harkema spoeken wite wiven.
nl.verhalenbank.19522
It nuvere wie dat Tsearde Jouke Tseard (Tseard Postma) sahwat op itselde plak krekt sa'n moeting hie. Dy moest èk nei de boer ta. Hy doarst der letter net mear allinne lâns. Rikele gong tonei altyd mei him.
nl.verhalenbank.20128
In bile mei noait yn in houtblok sitten bliuwe, oars bigjint it to kappen yn 'e nacht.
nl.verhalenbank.16902
Men mocht foar de nacht net in nuddel en tried yn it guod sitte litte, dêr't men mei oan 't naeijen wie.
nl.verhalenbank.16900
Sy ha my wolris forteld, op it Langpaed spoeke in mot mei biggen.
nl.verhalenbank.25771
Tichte by de Krúswei yn 'e Harkema spoeke in gleone man om, dy seach der krekt út as in koallefjûr.
nl.verhalenbank.25745
Yn Eastemar, oan 'e Mûzegroppewei, roan in fôlle mei in brijpanne om 'e hals.
nl.verhalenbank.33651
Hylke Tjipke kom by Tsjits op in snein-to-joun. Sy wienen togearre bûtendoar, doe kom der in fanke oan kuijerjen. Doe't it fanke Hylke en Tsjits dêr stean seach, gong se werom. "Bistû dêr, Tryn?" frege Hylke, hwant hy miende dat it syn suster wie. Mar it fanke sei neat en kuijere fierder. Tjipke gong har nei. Sy roan it hûs foarby en gong de kant fan de...
nl.verhalenbank.16879
Op it Langpaed, by de Harkema, spoeke in baerch mei biggen.
nl.verhalenbank.25519
Der woarde earen wol sein dat der by Harm Laanstra yn 'e Harkema op it hiem in grouwe bolstien lei. Deis lei er stil. Mar yn 'e nacht, tsjin in ûre of alve bigong dy stien to roljen. Dan rolle er de wei in hiel ein út.
nl.verhalenbank.28566
Hjir yn 'e omkriten spoeke nachts ek in baerch om. Dy baerch waerd ek altyd fansels wer wei. De minsken wienen der tige bang foar.
nl.verhalenbank.19351
De kopkes mochten foar de nacht net los fan inoar stean, mar ynelkoar set op 'e tafel. Oars gong it yn 'e nacht op in thédrinken.
nl.verhalenbank.16898
Timmerlju meije it ark net lizze litte sa't it leit, as hja foar dy deis ophâlde. Hja matte it oppakke, oars giet it yn 'e nacht op in timmerjen.
nl.verhalenbank.16901