Op 'e Hearrewei roan nachts altyd in swart frommes om.
It wie in spoek. In protte doarsten de Hearrewei by nacht net del, sa bang wienen se dêr foar.
nl.verhalenbank.32599
To Hurdegaryp by Bennema-state wie in hekke, dy koenen se net ticht hâlde. Dy gong altyd út himsels wer iepen.
nl.verhalenbank.32610
By de Headammen seagen de lju altyd in fôlle mei in brijpot om 'e hals, mar ek wolris by Earnewâld.
nl.verhalenbank.29458
Oan 'e oare kant de Hegewei - tusken de Hegewei en de Eibertgeasten wie froeger in boskje. Yn dat boskje, seinen se, spûke altyd in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.29473
Ik ha wolris heard, dat hjir op 'e Tike nachts in greate swarte houn tahâldde, dy't by de minsken kom, mar dêr wyt ik it rjochte net fan.
nl.verhalenbank.32600
Ik ha wolris heard fan guon, dy't de deaklean net meikrigen hienen, dat sokken har letter ek wer oppenearren. Dêr woarde dan ek in doomny by helle en dy makke dan dat de saek torjochte kom. Dy spruts de deade oan.
nl.verhalenbank.29466
Ek us in kear op in nacht doe seach er op in sniedún foar syn hûs in greate houn sitten.
Hy hat de duvel ek wol by him foar 't glês stean sjoen.
nl.verhalenbank.23349
By 't Krúswetter lei in fisker mei 't tichtset. Hy wenne mei syn dochter yn in aekje dat der lei. Hy sette wol gauris guon oer. Op in joun doe wie de fisker der op út.
De dochter wie allinne thús. Doe waerd der roppen. Der woe ien oerset wurde. De fiskersdochter roeit der hinne, mar as se by de wâl komt, stiet dêr de Lange Sleatterman.
It fanke woarde sa...
nl.verhalenbank.29476
Se seinen altyd dat der op 'e Tike in fôlle mei in brijpot ûnder 'e hals omroan.
Op it lêste eintsje fan 'e Tike oan 'e wei fan 'e Pein nei Nyegea ta, spûke it ek altyd.
nl.verhalenbank.32647
Yn Sumar wenne in boer, dy hie syn folk (syn heit en mem) min bihandele. Dy boer kom to forstjerren. Mar de erfgenamten fordielden it erfskip net lyk as hy bigeard hie. Hy hie der by sein as se dat net dienen lyk as hy it ha woe, dat er dan wèr kom. En hy kòm wer. Hy koe de rêst net fine. Alle moarnen stie er op 'e achterhússtrjitte as se bigounen to...
nl.verhalenbank.29464
Der binne yn 'e Sumarreheide wolris berntsjes stil wei makke.
Dat wienen dan berntsjes dy't net bigeard woarden. Mar dy berntsjes krigen gjin rêst. Alhiel neaken, sa dânsen se om 'e stile hinne yn 'e skuorre.
nl.verhalenbank.29465
De Lange Sleatterman dat wie in spoek, dat roan by de Saiter lâns: Fan 't Krúswetter ôf oan Earnewâld ta.
De skippers wienen fjûrbinaud foar de Langesleatterman. Dy doarsten dêr noait mei har skip to lizzen.
Sy woenen wol ha dat se dy Langesleatterman dêr formoarde hienen. It wie in fyndoekspoep, sa'n ien dy't mei 't pak roan.
De skippen dy't dêr leinen,...
nl.verhalenbank.29475
Op 'e Deltike hat in âld minske wenne, dat wie de widdou Tiekstra. Dy roan sa bot foaroer, dat sy kom hast mei de holle op 'e groun. Dy hienen in dochter, dy tsjinne yn Grou by de boer. Dat fanke krige dêr forkearing. Mar dat stie de âlden net oan, dy woenen 't net lije dat se mei dy feint trouwe soe. Doe forwachte hja in bern.
Doe doarst se net thús to...
nl.verhalenbank.32639
Hjir foar de skoalle oer wenne Roel Megiel. Hy wenne dêr allinne. Hy hie lân yn 'e hier, dêr boude er alle jierren in hoeke rogge op. Dy tursk er altyd yn in âld pleats op 'e boppelânnen. Mei dat sied bitelle er de lânshier.
Hy hie it sied al by de boer op 'e telle. Dêr soed er it terskje. Mar doe woarde er siik. Hy gong nei de boer ta en sei: "Ik kin net...
nl.verhalenbank.24087
Yn Nyegea op 'e Hegewei dêr binne us in pear âlde minsken formoarde woarn. Letter spûke it dêr. Dan wienen der nachts altyd lûden om 'e doar. 't Iene lûd wie hwat swierder, 't oare hwat lichter. (Dat wienen de lûden fan de beide formoarde âlde minsken.) De minsken dy't op dat spul kommen to wenjen wienen op 't lêst stjerrend binaud. Sy binne der wei gong...
nl.verhalenbank.27867
It barde dat der in frou op 'e Tike kaem to forstjerren.
De soan hie har biloofd, hy soe de boekweit bitelje, dy't hja noch skuldich wie oan in oar. Mar hy die it net. Doe krige it minske gjin rêst. Der folge de soan hyltyd hwat. Dat wie de skime fan syn mem. Hy wie op 't lêst deabinaud. Hy bitelle de boekweit en doe hat er noait wer hwat sjoen.
Doe hied...
nl.verhalenbank.20880
Der binne ek wol gatten yn huzen of yn hagen dy't se noait ticht hâlde kinne.
nl.verhalenbank.24089
As men hwat fan in tsjoenster opiet, dan koarre men slangen en skobben út.
nl.verhalenbank.24102
Tsjoensters kinne har yn allerhanne dieren foroarje. Guon komme troch 't kaeisgat.
nl.verhalenbank.24103
Yn Hurdegaryp stiet in greate homaeije. 't Is in izeren hek. Dat hek stiet altyd op. Myn wiif komt fan Hurdegaryp. Sy gong to naeijen, doe wie 'k noch net mei har troud. Doe praette ik us mei har oer dy homeije.
Dokter Bontekoe wenne dêr yn dat slot.
Sy sei, dy homeije, dy gong altyd fansels iepen. Dy koenen se net ticht hâlde.
Guon hienen de wacht der...
nl.verhalenbank.24088