It doogde dêr net by Jan Kraak. Japik Pander hat dêr us hwat op 't fuottenein lizzen hawn.
nl.verhalenbank.25595
Op it eintsje fan Boelensloane nei it Blauhûs, dêr spoeke it. Dêr roan altyd in dikke swarte houn. Us heit wie skuonmakker, dy hat him dêr wol sjoen. Dy houn roan hinne en wer.
nl.verhalenbank.28039
Wy hienen buorlju, dy leauden sterk oan tsjoenen. De man fortelde ús: 'k Soe op in moarn bitiid mei de Feansterboat fuort. Ik roan oer de Boelensloane. Ik moest in hulzeboskje foarby. Dêr spûket it altyd, 't Wie blêdstil waer, mar dêr bigjint it yn dat boskje samar to rûzjen.
Doe kom der in wyt ding út to foarskyn, krekt in keal. En dat stoude it paed...
nl.verhalenbank.25872
Myn dochter wenne oan 'e Folgerster loane. Moarns as har man fuort wie en hja foel wer yn 'e sliep, dan sprong der gauris hwat by har op bêd op 't fuottenein. As hja dan seach, wie der neat to sjen.
nl.verhalenbank.25616
Us Egbert-om fan Boelensloane wie in man dy woe neat wite fan spûkerij en dy dingen. It wie in bolderblast fan in fint en hy wie foar neat bang.
"As der hwat is, dan woe 'k wolris hwat sjen", sei er altyd.
Mar doe hat er dan ris hwat sjoen op in joun. It wie in swart ding dat him achternei siet. Hy koe net sjen hwat it krekt wie, mar 't hie fjurrige egen...
nl.verhalenbank.29408
By de Skeanpaden ûnder 'e Rottefalle is froeger in berntsje formoarde. Sûnt spoeket it dêr altyd.
nl.verhalenbank.25875
By it hulzeboskje yn 'e Boelensloane spoeke ek altyd in houn.
nl.verhalenbank.25876
Us mem tsjinne froeger by Tamme Hansma op it Wytfean. Dan moest se jouns wolris turven helje út it hok.
Op in kear soe se dat wer dwaen, doe seinen dy turven:
"My net! My net!" - Mem hat it faek forteld.
nl.verhalenbank.33098
Op 'e Boelensloane roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.24654
Alde Jehanne Durkje wenne yn 'e Boelensloane. Der wenne in famke by har, dat wie in beppesizzer. Dat bern hie dêr in min leven.
Op in moarn kom âlde Jehanne Durkje mei 't famke by ús. Sy hie de kroade by har om baggelers op to heljen. Durkje wie kreupel. Doe't de baggelers yn 'e kroade sieten moest Durkje skouwe en 't famke moest lûke mei in tou.
Mar dat...
nl.verhalenbank.29409
Alde Jille Pultrum fan Houtigehage kom us by it heidetsjerkhôf lâns, doe stienen dêr in pear mei redenskleden oan.
"Goeije navend", sei Jille Pultrum.
Mar sy seinen neat werom.
Trije kear sei Jille 'Goeije navend'. Mar sy wienen gelyk stean bleaun. Doe tocht er: "Dit is gjin goed spul. Nou gean 'k mar mar fierder."
nl.verhalenbank.25179
Wy gongen froeger nei de Grinzer klaei ta to wjudden. Dan slepten wy op in greate souder by Jan Kraak to Loppersum yn 'e skuorre. Wy gongen altyd nei dyselde boer ta.
Myn suster Rinsk hat us op 'e souder lein, doe fornom se dat der har in kâld bernehantsje op 't wang lein woarde.
nl.verhalenbank.25594
Heit en dy wienen ris op it Jachtfjild oan 't wurk. Doe seagen se op in stik lân dat de Foeke hiet, in frou út 'e groun kommen. Doe't se 't gesicht der ôf hienen, wie de frou ek wer fuort.
nl.verhalenbank.25867
Op 'e Boelensloane rint in pleachbeest skean oer it lân hinne, it sjocht der út as in dikke swarte houn mei hiele greate egen en earen.
In keppel fammen fan Boelensloane roan us yn 'e rige it paedtsje del dat likernôch by it Blauhûs bigjint en sa de kant út giet nei 't Fean ta. Doe seagen se de wjerwolf. Hy roan flak by har lâns.
nl.verhalenbank.25178
Myn broer kom op in nacht by de faem wei út Apelsgea. Hy ried oer de heide by Fochtelo oer in lyts paedtsje op 'e fyts. Doe kom der ien njonken him, dy like klaeid to wêzen yn side. It rattele en rûze allegear oan him en dyselde treau myn broer oan kant, hyltyd mar fierder en fierder. Op 't lêst hied er hielendal gjin plak mear en rekke er fan 'e fyts. Hy...
nl.verhalenbank.19583
Yn 'e buert fan Houtigehage stie in hûs, dêr doogde 't net yn. De frou hie in kear yn 'e hoeke sitten. Doe wie der hwat by har yn 'e hûs kom, dat wie by har op 'e skelk kom. 't Wie in forstoarn minske.
De frou hie de skelk foarwei dien, doe kom it by har op 'e skoat.
Doe ha se der in doomny by helle. Dy spruts it spoek oan. Hja moest sizze hwat der oan...
nl.verhalenbank.25180
Heit en myn broer wienen us boppe Apelsgea. Sy soenen mei in koe nei Smilde ta. 't Wie tige ier yn 'e moarn. Doe sei myn broer tsjin heit: "Sjoch dy smoarge houn ris mei dat geitsje." Oan 'e oare kant de feart wie in houn, dy't in geitsje tramtearre. Heit kom tichter by de feart om better to sjen. Hy woe nei de oare kant ta om dy houn in klap to jaen. Mar...
nl.verhalenbank.19584
Yn 't singeltsje by Piter Scheper, dêr spoeke it. Dêr doarsten in soad minsken net lâns by jountiid of yn 'e nacht.
nl.verhalenbank.23585
Hjir yn 'e Houtigehage wie froeger in span barten oer de wyk, op dy barten spoeke it altyd.
nl.verhalenbank.23797
Doe't wy noch yn 'e hûs wienen, wienen wy saterdeijouns oan 'e jui. Sneins leinen wy by 't simmer ûnder 'e wichterbeammen.
Wy hienen in houn, dy lei my de kop ûnder 'e earm. Gjin keardel dy't dan by my komme koe, hwant de houn biet him dea.
Op in dei lei 'k sa wer us ûnder 'e beam. Dêr kom myn broer Bouwe oanstappen. Dy smoarde my hast.
Ik sei: "Dû...
nl.verhalenbank.21686