Op it Inia-loantsje spoeke it altyd. Der roan hwat. Dat bigoun al op it plak, dêr't nou Slofstra wennet.
nl.verhalenbank.22797
Hjir yn Garyp hat in bakkerij stien, as se dêr de ovensdoar ticht dienen, dan gong dy altyd fansels wer iepen.
Net ien wist hoe't dat siet. Sy hearden wolris hwat yn 'e nacht. Dat wie dan de ovensdoar.
nl.verhalenbank.22798
Der woarde froeger altyd sein, yn it east fan Garyp roan in fôlle om mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.23094
Yn 't east fan Garyp spoeke by nacht ek altyd in dikke houn om. Dêr wienen de lju bang foar.
nl.verhalenbank.23095
Yn Sigerswâld (ûnder Garyp) wie in dobbe yn 'e kampen foar Siger Hoekstra.
Pim fan Syberens Baeije seach altyd in âld-minske út dy dobbe kommen. Dy woarde ek sa wer wei.
nl.verhalenbank.22789
Skoanheit is in kear oer de hage set op 'e Harsteloane. Hy hat noait ien sjoen dy't him dat lapte.
nl.verhalenbank.32493
Us heit dy sei: "Ik leau net oan spoeken, mar ienkear ha 'k it hawn, doe kom der my in grouwe swarte houn tomjitte. Doe soe ik him goed slaen mei de stok, mar ik sloech der dwars trochhinne (myn heit wie Jelle Harmens Dykstra).
nl.verhalenbank.22792
As se in spûksel tsjin kommen, seinen se: "As't fan 'e Heare is, sprek dan. Ast fan 'e duvel is, stom dan."
nl.verhalenbank.23096
Op 'e Iniaheide ûnder Garyp spoeke it. Dêr wennen twa âlde minsken: Goaitzen Elzinga en syn wyfke. Sy wennen yn in âld húske. Elke joun kom dêr by 't tsjuster in wite hân oer de ûnderdoar hinne.
nl.verhalenbank.21343
Yn Feanhuzen by Garyp roan in fôlle mei in brijkanne om 'e hals.
nl.verhalenbank.22791
It gebeurde op 'e Tike dat der ergens by minsken yn it achterhûs trije neakene berntsjes forskynden. Dat gebeurde herhaeldelik. Dy berntsjes dounsen om 'e stile hinne.
De stumperkes hienen gjin deaklean meikrigen. Dat binne de lju gewaer woarn, dy't dêr doe wennen. Doe ha se op in kear dêr om 't hoekje by de doar foar elk fan 'e berntsjes in stel deaklean...
nl.verhalenbank.21094
Us heit fortelde, der hie op 'e Tike in minske wenne, dy hie by har libben bigeard, as se ienkear dea wie, dan woe se mei in wyt-mûtse op yn 'e kiste lizze. Har folk hie har dat biloofd, mar der letter noait wer om tocht. Hja woarde sûnder wyt-mûtse op biïerdige.
Mar in dei of hwat letter, doe't de lju al op bêd leinen, woarde der by harren kloppe. Doe't...
nl.verhalenbank.21093
Us heit wie in soan fan Teade Hietkamp en Liuwkje de Jong. Se wennen op 'e Tike. 't Wienen arbeidersminsken en sy hienen it och sa krap. Beppe gong wol to kreamheinen om der hwat by to fortsjinjen.
Us Anne-om en heit, dat wienen de beide âldsten.
Dan wienen der ek noch in Jehannes, in Feike en in Goaitsen en letter kom dêr noch in fanke by, dat wie...
nl.verhalenbank.21088
Yn Hurdegaryp by Bennema-state stiet in hekke, dy giet altyd fansels iepen. Dêr binne sels gjin slotten tsjin bistand.
nl.verhalenbank.22987
Op 'e Skilige Piip by Feanwâlden wie 't net plús. De minsken waerden dêr bang, it spûke dêr.
nl.verhalenbank.32327
Op 'e Pasterijelânnen yn 'e Sumarreheide spoeke it altyd bot.
nl.verhalenbank.20247
Yn Sumarreheide spoeke it op it plak dêr't Abraham van der Leest wenne hat.
nl.verhalenbank.20242
By Garyp hat in loantsje west, dat kom út to Feanhuzen.
Dêr spoeke altyd in houn. As jy dêr op sloegen, dan sloech men der dwars trochhinne.
nl.verhalenbank.27813
Ik wie in jonge fan sawntjin jier. Ik lei op bêd. Doe hearde ik de tsjerne gean mei trije pompen, dan wie 't stil. Even letter wer trije pompen, dan wie 't wer stil en sa gong dat mar troch. 't Wie yn 'e nacht. De houn ûnder 'e moune spûkgûlde. Ik lei yn 't bûthús. Ik gong by 't bêd del. Doe koe 'k it noch better hearre. Mar hwat dat west hat, haw ik...
nl.verhalenbank.17109
Oan 'e Akkereed by de Brandsma-wei yn Garyp spoeken wite wiven, seinen se.
nl.verhalenbank.22990