Hjir wie in bern siik. It bern krige medesinen fan dokter. 't Joech neat. Der sieten oare machten achter neffens de âlden. Der wie ien dy lapte dat; in tsjoenster.
Doe gongen se nei de duvelbander ta. Dat wie Wopke fan Kûkherne. Dy sei, se moasten it kjessen fan 't bern iepen snije en dan de krânsen der út helje. Dy moasten opbarnd wurde yn 'e kachel....
nl.verhalenbank.27820
Dy hat yn 'e Swarte spegel sjoen wol sizze: dy hat by de wiersizter west. Yn 'e Swarte spegel seagen jo in frou of in deakiste.
Men koe ek op in oare menier gewaer wurde mei hwa't jy trouwe soenen. Jy moasten dan in aei stikken slaen en yn in beker dwaen. En dan moasten jy klopje en der in rymke by opsizze. Dan koe men yn it kloppe aei it beeld sjen fan...
nl.verhalenbank.27834
Fan in tsjoenster moat men noait hwat oannimme.
nl.verhalenbank.27954
Yn Nes hawwe ris guon fan it jongfolk it heilich avondmaal fierd yn 'e herberch. Dêr wie ek in boer by.
Doe't it ôfroun wie en se op hûs yn gongen, woarde dy boer yn 'e grêft smiten. Hy klaude der út en doe smieten se him der wèr yn. Wol trije, fjouwer kearen is dat gebeurd. Doe wie dy boer foargoed bikaem.
De duvel hie him to pakken hawn.
nl.verhalenbank.28118
As de bern jouns net yn 'e hûs woenen, seinen se: "Pas op Jack de Ripper komt aenst en dy pakt jimme."
Yn Ingelân seinen se: "De Ruiter komt!" (Dat wie yn Wierum)
nl.verhalenbank.28124
Dy't op sé siik wurdt oan board, wurdt oan 'e wâl net wer better. De sé wol gjin sike minsken ha. Sy stjerre wol op sé, mar wurde net wer better.
nl.verhalenbank.28126
Hjir wenne in man, dy hie in baerch. Hy hie ek in ein tou, dêr meat er de baerch mei om 'e bealch hinne, dan koed er birekkenje hoe swier as er wie. Dêr sieten knopen yn. Doe rekke dat tou op in kear wei.
Dyselde man rekke bitsjoend. Syn holkessen waerd iepenmakke en leech helle. Doe siet dêr dat tou yn.
nl.verhalenbank.27956
Hjir yn 'e buert waerden wol wite wiven sjoen, mar sy dienen neat.
nl.verhalenbank.27942
It is hjir ris gebeurd doe ha se sa'n kat in slach op 'e kop jown. De oare deis lei de tsjoenster op bêd mei in blau each.
nl.verhalenbank.27822
Markus Rispens wenne yn Ljussens. Dy hie him oan 'e duvel forkocht. Hy die noait hwat foar de kost. En doch hied er in brein leven. Hy libbe der rejael fan. Hy handele allinne mar in bytsje. Altyd hied er jild om hannen.
Mar hy is in wûndere dea stoarn. Hy is fallen en hat sa de nekke brutsen.
nl.verhalenbank.27836
Yn Nes, in eintsje bûten 't doarp stiet in greate pleats. Dêr wennet nou Willem Feitsma op. Froeger wenne dêr Durk Bolman. De boeren hienen yndertiid in sooske. It wie wenst dat se dêr snein-to-jouns hinne gongen. Durk Bolman foun út, omdat se dy jouns yn 'e fine tsjerke it avondmael hâldden, koenen sy dat ek wolris ûnder elkoar dwaen by Rypma yn 'e...
nl.verhalenbank.27837
Febrewaris wie hjir fan âlds de bisitersmoanne. Dan woarden der feinten en fammen útnoege. De fammen soargen foar thé, de jonges foar molke. Mar der wienen altyd jonge bazen ûnder, dy namen ek noch hwat oars mei en dat wie yn 'e regel drank.
Oare jonge bazen woenen dêr har poarsje ek wol fan ha.
Mar dy wienen net noege. Doe gebeurde 't op in kear dat ien...
nl.verhalenbank.27823
Pake wie deagraver yn Peasens. 't Wie doe in hiele krappe tiid. Hy helle by nacht wolris in hôfdou út 'e Tsjerketoer, dan hienen se wer hwat yn 'e panne.
Guon wisten dat. "Sille wy dy âld keardel ris bang meitsje?" seinen se tsjin elkoar.
Pake moast troch de lytse doar fan 'e tsjerke om yn 'e toer komme to kinnen.
Doe't hy dêr wer ris hinne soe yn 'e...
nl.verhalenbank.27943
As de tsjerne bitsjoend wie woe 't net bûterje. Dan smarden se griene sjippe ûnder 'e boom fan 'e tsjerne. Ek dienen se sjippe oan 'e polsstok.
nl.verhalenbank.27957
Doe't wy froeger op 'e loggers fearen learden wy in ferske:
It liet op 'e loggers. In man fan Makkum hie 't optocht.
De logger- of de distelvaart,
ik zal er nooit van roemen.
Maar tot de nood my dringt
moet ik 't een uitkomst noemen.
Nu ga ik naar beneden
om mijn tijd eens te besteden,
hoe het op zo'n logger gaat.
Dan hoort men naar 't gebed.
Het eten is...
nl.verhalenbank.28127
86.
Mien vader was een liefhebber van kate, en ging saoves altied nao Mi'j van de Rot.Dat wet ie wel, dat was een zuster van mien moeder. Zo op een aovend is mien vader gegaon, en toe kwamme saoves tuus, en toe was e niks te sprèke. Toe zei moeder: "Vader, wat hei?" "Jao", zei e, "ik het niks. Dat zak ow marge wel is vetelle". "Vetel 't now". "Nee dean,...
nl.verhalenbank.22445
Oan 'e Godloas Singel spoeke it altyd. (De Godloas Singel roan fan 'e rykswei ôf by Swartkrús via Kûkherne nei 't Skilige Pypke en dan op Dokkum yn)
nl.verhalenbank.21126
Oan 'e Feinteloane by Feanwâlden spoeke it ek.
nl.verhalenbank.17084
Om 'e Skieding hinne spoeken wol wite wiven. Guon hienen it dêr net op stean.
nl.verhalenbank.38674
Spûkskuorren wienen op 'e Grinzer klaei op 't Hogeland. Dêr doogde it net, men koe net yn sokke skuorren sliepe.
nl.verhalenbank.16979