Sémearminnen koenen moai sjonge. As de skipper ien seach forgong 't skip. Sy lokken de manlju yn sé. Dan fordronken dy.
nl.verhalenbank.27859
As de bern net yn 'e hûs woenen jouns seinen de minsken: "Pas op, gau yn 'e hûs, oars pakke de tsjelwiven dy."
nl.verhalenbank.27858
Omke hie 't froeger oer ierdmantsje Readburd. Dêr fortelde er fan. Wy moasten as bern yn 'e gong stean gean. As wy lang genôch yn 'e gong stean bleaun wienen, soed er ús roppe en dan kommen de kabouters út 'e hurddobbe wei mei Readburd foarop. Mar hy rôp noait. Wy ha noait hwat sjoen.
nl.verhalenbank.27860
It gebeurde wol faek dat 'e tsjernmoune gong yn 'e nacht. Dat wie it wurk fan 'e wurkgeasten.
nl.verhalenbank.27861
In nicht fan myn mem wie op in joun let noch op in paed.
Sy wie sahwat oan it skoallehûs to Moddergat ta, doe woarde se samar ynienen fan 'e wei ôfnaem en yn 'e sleat set. Der hie in lykstaesje west, dy't hja net fornaem hie.
Mem sei altyd: "Rin by nacht noait midden op 'e wei, gean altyd oan 'e kant lâns."
nl.verhalenbank.27849
Ulbe Akke fan Moddergat wie mei de helm geboaren. Dy moest der nachts út. Hja woarde wekker en wie dan alhiel oerstjûr. Dan seach se in lykstaesje. Hja hat ek de lykstaesje sjoen fan 'e buorfrou dy't tsjin har oer wenne.
As hja wer in lykstaesje sjoen hie, wie se de oare deis mâl fan 'e pine yn 'e holle.
nl.verhalenbank.27850
Wy hienen in buorman, dat wie Boate Koopmans. Dy hie in kear in pleachbeest achter him oan sitten. Dat pleachbeest wie him hyltyd mar folge, dat koed er net wer kwyt wurde.
It wie in swart beest mei klapearen en greate gleone eagen. Boate hie sa binaud west, dat hy wie by de minsken yn 'e hûs flein mei de klompen oan.
nl.verhalenbank.27852
In sweager fan my fortelde my, der wennen twa kammeraten yn Wierum. De iene stoar en kaem to Wierum op 't tsjerkhôf.
De oare kammeraet, dy't oerbleau mocht tige graech in slokje. Op in kear gong er dronken nei 't tsjerkhôf ta nei it grêf fan syn kammeraet. Hy wie ek fiskerman en hy sei 't dêr raer op by it grêf: flokke en mâltjirgje.
"Hwerom leistou hjir...
nl.verhalenbank.27855
Oarreheit (dat wie mem har heit) wie net goed by 't spul. Hy rekke siik. Sy tochten, hy kin wolris bitsjoend wêze en doe gong der ien mei syn wetter nei de Wâlden ta, nei de duvelbander.
De duvelbander sei: "Lit my 't wetter mar ris sjen."
Doe't er dat bisjoen hie, sei er: "Ja, ik kin him wol hwat jaen, dan wurdt er wol wer better. Mar dan moat er rare...
nl.verhalenbank.27854
Sy sizze wol: Dû fretst as in wjerwolf, dû kinst net sêd.
nl.verhalenbank.28123
Ik ha wolris heard dat der guon wienen, dy hienen de kweade hân. Dy koenen it fé samar siik meitsje en dan stoaren de dieren op 't lêst.
nl.verhalenbank.27953
Ik hie as jonge altyd it himd achterstofoar oan om net bitsjoend to wurden. En mem warskôge ús: "Tink der om, siz noait trije kear achter elkoar 'ja', ast by in tsjoenster biste, hwant dan hat se dy yn 'e macht."
nl.verhalenbank.27947
Der wienen froeger guon dy koenen de minsken fêstsette.
nl.verhalenbank.27833
Der stiet hjir in garage yn Moddergat. Froeger wie dêr de reddingboat yn. De minsken hearden nachts, as de boat der yn stie, dat se mei de rimen omsmieten.
Dat bitsjutte dat de boat der mei gauwens wer op út farre soe. It is nou in garage.
nl.verhalenbank.28094
Wie hjir froeger ien bitsjoend, dan gongen se nei Wopke fan Kûkherne. Sy krigen dan in drankje mei yn 'e bûs. Sy moasten der omtinke, as der ien oankaem, dy moast binammen net passeare oan 'e kant dêr't it drankje siet.
nl.verhalenbank.28095
Tsjoensters fleane op in biezemstok. Sy kommen troch 't kaeisgat of 't goatsgat yn 'e hûs.
Hwannear't it net bûterje wol hat der in tsjoenster by de tsjerne west. Tsjoensters brûkten toverboeken.
nl.verhalenbank.27832
Greate Pier libbe yn 'e tiid fan 'e Hoekse en Kabeljouske twisten. Hy wenne yn Kimswerd. Op in kear doe socht de fijân him.
Doe wie greate Pier krekt oan 't ploeijen. Sy gongen nei him ta, sy koenen him net.
"Hwer wennet greate Pier?" fregen se him.
"To Kimswerd", sei Pier.
"Hwer leit dat?" fregen se.
Doe tilde er de ploech mei ien hân op en sa hâldde er...
nl.verhalenbank.27826
Se hienen froeger duveldrek yn 'e ein fan 'e gongelstok, foar lulke hounen.
nl.verhalenbank.27946
Om 'e sawn jier moat in tsjoenster op syn minst ien deatsjoene, oars moat se stjerre.
Tsjoensters foroarje har soms yn katten. Sa hâlde se ek forgaderingen ûnder lieding fan ien. Dan sjonge se ek.
nl.verhalenbank.27952
Guon kinne soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte.
nl.verhalenbank.28122