It spoeke altyd op 'e Skoukepaden ûnder Droegeham.
nl.verhalenbank.20835
By de Wopke-poel dêr kuijerje nachts altyd in pear famkes. Dy spoekje dêr om. Alde Tsjip van der Bij hat se wolris sjoen. Hy gong der hinne, mar doe wienen se samar ynienen fuort west.
nl.verhalenbank.23536
Dêr't nou it nije tsjerkhôf is, dêr spoeken altyd twa wite froulju.
nl.verhalenbank.17391
By de dikke beam roan in paed lâns, dêr koe men oerdwars gean. Dêr spoeke it altyd.
nl.verhalenbank.22711
Yn Surhústerfean, tichte by it Blauhûs, roan in barchje om, dat dêr spoeke. Dêr doarst net ien lâns.
nl.verhalenbank.20126
By de dikke ikene beam oan 'e Ryksloane spoeke it altyd.
nl.verhalenbank.24340
Op 'e Krúswei doogde it net. Dêr spoeke it. In bulte minsken doarsten dêr by jountiid net lâns.
nl.verhalenbank.23952
Oan 'e feartswâl nei 't Fean ta spûke in baerch. Dêr wienen se allegear bang foar.
nl.verhalenbank.16876
Op 'e Lytse wei spoeke altyd in hynder.
nl.verhalenbank.21139
To Hurdegaryp wie in hekke dy't altyd fansels wer iepen gong. Guon út 'e Harkema rieden destiids mei de hounekarre oer Hurdegaryp nei Ljouwert ta.
Se stieken dan yn Hurdegaryp oan yn ''t Swaentsje', dan hienen de hounen even lins. Se sprieken ôf, ien foar ien soe de hekke ticht dwaen. Dat dienen se ek. As der ien yn ''t Swaentsje' kom, sei er tsjin syn...
nl.verhalenbank.16962
Myn man syn heit fortelde altyd in bulte fan spûkerij yn 'e buert fan 'e dikke beam oan 'e betonwei yn 'e Harkema.
Dêr seagen se altyd fan alles.
nl.verhalenbank.25804
Op 'e Krúswei yn 'e Harkema spoeken wite wiven.
nl.verhalenbank.19522
Hounen spûkgûle as der guon stjerre sille. Doe't Piter syn mem hast dea wie, stie hjir in dikke, bûnte houn to spûkgûlen. Hoe wy him ek smieten en fuortjeije woenen, hy bleau hjir mar stean en hâldde net op mei spoekgûlen.
nl.verhalenbank.16077
It nuvere wie dat Tsearde Jouke Tseard (Tseard Postma) sahwat op itselde plak krekt sa'n moeting hie. Dy moest èk nei de boer ta. Hy doarst der letter net mear allinne lâns. Rikele gong tonei altyd mei him.
nl.verhalenbank.20128
Us Kees-om fan Twizelerheide wie us mei heit (Wopke v.d. Bos) yn 'e Eastemarre lânnen oan 't murdejeijen. Heit fortelde letter: Der kom ynienen in houn by my, en dy woe net wer by my wei.
Fan binaudens kroep er my tusken de fuotten. (allinne heit syn houn die dat, de oare net)
nl.verhalenbank.16078
In bile mei noait yn in houtblok sitten bliuwe, oars bigjint it to kappen yn 'e nacht.
nl.verhalenbank.16902
To Hurdegaryp is in hekke, dy't altyd fansels iepen giet.
nl.verhalenbank.16082
Men mocht foar de nacht net in nuddel en tried yn it guod sitte litte, dêr't men mei oan 't naeijen wie.
nl.verhalenbank.16900
Sy ha my wolris forteld, op it Langpaed spoeke in mot mei biggen.
nl.verhalenbank.25771
Tichte by de Krúswei yn 'e Harkema spoeke in gleone man om, dy seach der krekt út as in koallefjûr.
nl.verhalenbank.25745