Op 'e Klontsjebuert ûnder de Pein is 't net plûs. Dêr spûket it.
nl.verhalenbank.25983
Dêr't nou de garages fan De Bruin binne, dêr wie froeger in spoekedaem. Dêr doochde it net. Guon ha dêr wolris hwat sjoen. (Nou komt dêr in fuotbalterrein.)
nl.verhalenbank.32013
Op it plak, dêr't ús mem it swarte pleachbeest sjoen hat, seach omke Wibe in kear in swarte fôlle.
nl.verhalenbank.25951
Op 'e Grinzer Klaei wienen spoekskuorren. Der wienen plakken, dêr woarden jy nachts samar omrolle of fuortgoaid.
nl.verhalenbank.27157
Op in jountiid hienen myn man en ik to praten west.
It snijde. Ynienen sei 'k tsjin myn man: "Dû stiest yn 'e brân." It wienen allegearre lytse flamkes op syn klean. Hy sei tsjin my: "Dû èk." Ik siet èk ûnder 'e flamkes.
Mar wy rekken der net troch yn 'e brân. En dy flamkes biweegden har hyltyd mar. Wy wienen by in dobbe, doe't wy it seagen. Troch de...
nl.verhalenbank.16118
Oan 'e Iesterwei achter Doezum rint tusken tolwe en ien yn 'e nacht altyd in bolle mei it ket achter him oan.
nl.verhalenbank.25980
Oan 'e Spoekloane by Drachtster Kompenije sweve wite gedaenten troch de beammen hinne.
nl.verhalenbank.27153
Hjir yn 'e Parken spoeken wite wiven en dat wie ek yn 'e Rottefalle it gefal.
nl.verhalenbank.27145
Mem fortelde, hjir yn 'e Pein hat in huzinge stien mei in gracht der by. Dêr is alris in frommeske formoarde woarn. Sûnt seach men dêr nachts in frou yn 't wyt troch de gracht hinne rinnen. Dat wie dat formoarde frommeske.
nl.verhalenbank.37578
Oan it eintsje wei fan 't Blauhûs nei de Boelensloane roan nachts altyd in fôlle op 'e wei. Dy spûke dêr.
nl.verhalenbank.38012
De kant nei Jistum út spoeket in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.27874
In Doezum het in old café west. In roetswarte frou stond achter in de krimpe fan 't café. Dy spoeke doar.
nl.verhalenbank.26347
Us heit is Ritske Bekkema. Hy wennet oan 'e Bethlehemsreed yn 'e Boelensloane. Hy hie op in joun fuort west. Doe kom der hwat út in sleat wei en dat kearde him.
Datselde is greate Jasper ek alris oerkom.
nl.verhalenbank.25924
Ik ha tsjinne yn Oosterhogebrug boppe Grins, gemeente Noorddyk. As ik nei hûs ta west hie, kom ik dêr ornaris let yn 'e joun wer oan. Meastal wie 't dan wol alve ûre. De boerinne, dy't fan de Jouwer ôfkomstich wie, sei:
"Ik bigryp net, dat jo sa let de dyk noch lâns doarre, hwant hjir rinne nachts altyd twa froulju om. Dy binne hjir froeger deamakke...
nl.verhalenbank.16120
Bij Visvliet is een plaats, doar stoan de deuren altyd los. Die kunnen se nachts niet fasthoudn.
nl.verhalenbank.24410
Dyselde Sjirk wie mei syn soan op in joun op stap.
Doe seach de soan hwat, dat like op in minske. 't Wie yn de Pein. Syn heit frege him: "Rint it of sweeft it?"
"It sweeft", sei de soan.
"Set dan sok", sei Sjirk. En doe gong it op in draf dêr wei.
nl.verhalenbank.31917
Ienkear haw ik in pleachbeest by my hawn. 't Like op in swarte kat. Us mem gong altyd nei de feestjes mei de koekjestromp. Op in kear kom ik mei har werom fan De Pein. 't Wie ljochtmoannewaer. Doe wie der in swart beest achter ús, net greater as in kat. 't Bleau ús hyltyd mar folgjen en 't wie flakbij. Ik skopte der op. Mar 't bleau by ús. In hiel ein hat...
nl.verhalenbank.27146
Der binne bipaalde spookskuorren yn Grinslân. Ik ha wol ien kend, dêr gongen de doarren altyd fansels iepen en dêr rollen de weinen samar op 'e telle hinne en wer.
nl.verhalenbank.27876
Dêr't nou de grifformearde tsjerke yn 'e Rotfalle stiet, wie froeger sânreed. Dêr hat in hekke stien.
Sy hienen Piter Claus forteld dat dêr wolris in man by dy hekke stie. Dy man wie al lang overleden. Piter sei: "Dan woe ik dy man wolris sjen en mei him prate."
Doe kom er op in joun út 'e kerkeraadsforgadering. En doe wìe dat mantsje dêr. En dy wie in...
nl.verhalenbank.25923
Wy wienen fan dy jonge bazen fan in jier of acht, njoggen. Wy hienen in great sângat by 't hûs.
Op in kear wienen wy dêr oan 't boartsjen, doe kom dêr in raer ding by ús yn 't sângat.
Wy roannen om leven en dea.
Heit der hinne om to sjen. Mar der wie neat.
Doe de houn der hinne, dy foun ek neat.
It sângat woarde ús forbean. Mar hwat dat ding west hat ha...
nl.verhalenbank.25710