Op in nacht, doe't wy op bêd leinen, kaem ús petroaljelampe del. It wie in Belgyske brander. Wy woarden ôfgryslikste kjel. Alles wie op 'e tafel delkaem, mar it nuvere wie, der wie neat stikken. It glês wie hiel, de par wie hiel, de ballon wie hiel. Hoe koe dat - hwant de leaden bol, dy't flak boppe it glês hong wie ek delkom. En it fremdste wie, de...
nl.verhalenbank.16997
By dokter Bontekoe yn Hurdegaryp wie in hekke, dy't altyd fansels wer iepengong as men him sluten hie.
nl.verhalenbank.15779
Op in joun wie 'k mei twa fan myn maten op 'e Gossereed. Doe kom der in hiel great swart frommes oan. Wy woarden alle trije kjel fan dat minske. Sy gong deun by ús lâns en sy seach ús hiel raer oan.
Goeije navend, seinen we. Mar sy sei neat werom. En sy wie ynienen samar fuort.
nl.verhalenbank.16053
By de Skilige Piip spûke it. Dêr seagen guon wolris hwat.
nl.verhalenbank.29536
De hekke to Hurdegaryp, dy't altyd fansels iepen gong.
nl.verhalenbank.22689
Op in nacht kom ik de Sije-reed del. Doe tocht ik, hea, dêr komt noch ien oan. It like my ien ta dy't ik wol koe. It wie in hiel great frommes, doe't se njonken my wie, wol de helte greater as ik en alhiel klaeid yn't swart. Ik sei navend, mar sy sei neat werom. Doe't ik even in oare kant út seach, en fuort dêrnei wer nei 't frommes sjen soe, wie se...
nl.verhalenbank.17017
Op in nacht wienen wy oan 't murdejeijen. Doe't wy by 't hûs fan Japik Rins kamen, bigongen de hounen bot to razen en waerden fjûrbinaud. Dêr hat fansels hwat west, mar wy ha noait hwat sjoen.
nl.verhalenbank.17003
To Kollumersweach, tichte by de skoalle, spoeke yn 't boskje in wyfke. Dêr wienen wy ek bang foar.
nl.verhalenbank.24889
It is nou sahwat twa, trije jier lyn. Ik lei mei 't wiif op bêd, dêr op dat bêdsté. Doe kamen der midden yn 'e nacht trije froulju ta 't hûs yn stappen. Griet sei: Ik sjoch se net.
Ik sei: Ik sjoch se wòl. Sy kamen oan 'e koai ta. Ik seach se dúdlik, Griet seach neat. Doe gongen se werom, en even letter wienen se fuort. Dat is trije nachten achter elkoar...
nl.verhalenbank.16996
Alde Fokke fan 't Heideloantsje ried yn in driewieler. Hy is us in kear mei driewieler en al samar omheech tild woarn en kom yn 'e beamkes tolânne.
nl.verhalenbank.22687
Yn Grinslân wienen spûkskuorren, dêr wie 't net feilich. Dêr koe men better net oernachtsje.
nl.verhalenbank.29936
Op itselde paed oan 'e Swadde, dêr't ik yndertiid yn 'e nacht de trije froulju en dy keardel troffen ha, spûket nachts in rolle fyfskaft om. Men koe it noait krije. It lei stil, mar as men der op taroun, om it to pakken, rolle it fuort. Men krige noait in kâns.
nl.verhalenbank.17001
Op in kear wie heit mei syn broer yn Eastemar. It wie by nacht en sy roannen in sânwei lâns.
Doe ha se dêr hwat wapperjen sjoen, dat net gewoan wie. Heit hat it faek forteld.
nl.verhalenbank.15776
Froeger wie dizze wei hjir net, dêr't wy nou oan wenje. Doe moest men it spoar del.
Op in kear soenen heit en dy to sûkerij-dollen. Doe wie er by de oerwei, dêr't nou de flikkerljochten binne.
Dêr hie hwat west, mar heit hie net sjen kind, hwat.
Mar 't wie troch de grindstiennen hinne gien en de grindstiennen hienen der nei stoud.
nl.verhalenbank.29528
Op 'e Miedwei spoeket altyd in wyfke mei in greate paraplu. Dêr wienen wy as bern bang foar.
nl.verhalenbank.24888
To Hurdegaryp wie in hiem mei in hekke. Dat wie by dokter Bontekoe. Dy hekke gong yn 'e nacht altyd fansels samar iepen.
nl.verhalenbank.24900
Oan 'e Wâlddyk ûnder Westergeast, dy kant nei Beintema's hûs op spûke altyd in wite juffer.
nl.verhalenbank.25824
Oan diz' kant Grins is in greate helling. Dêr sloegen se nachts altyd om sûnder dat der ien sjoen waerd.
nl.verhalenbank.25825
To Hurdegaryp, op Bennemastate hat in hekke stien, dy't se mei gjin noch safolle slotten ticht hâlde koenen. Dy gong altyd wer iepen.
nl.verhalenbank.29946
Op 'e Lytse Wâl ûnder Lutjewoude koe net in skip oan 'e wâl lizzen bliuwe. De skippen gongen dêr altyd los. As se it anker útsmieten, dan kom dat altyd werom. 't Gebeurde soms wol trije kear. Dêr woe net in skip fêst bliuwe.
nl.verhalenbank.25839