Op 'e Skilige Piip by Feanwâlden wie 't net plús. De minsken waerden dêr bang, it spûke dêr.
nl.verhalenbank.32327
Op it Inia-loantsje spoeke it altyd. Der roan hwat. Dat bigoun al op it plak, dêr't nou Slofstra wennet.
nl.verhalenbank.22797
Op 'e Pasterijelânnen yn 'e Sumarreheide spoeke it altyd bot.
nl.verhalenbank.20247
Yn Sumarreheide spoeke it op it plak dêr't Abraham van der Leest wenne hat.
nl.verhalenbank.20242
Oan 'e Akkereed by de Brandsma-wei yn Garyp spoeken wite wiven, seinen se.
nl.verhalenbank.22990
To Hurdegaryp is in hekke, dy't fansels iepengiet.
nl.verhalenbank.22697
Yn 'e Sumarreheide dwaelden jouns faek wylde lantearnen om.
nl.verhalenbank.23111
Greate Evert wenne op 'e Sumarreheide. Hy wie altyd warber by tsjustere moanne. Dan stuts er syn lange megere holle fan achteren oer 't skouder fan 'e minsken hinne en dan waerden se deabinaud. 't Wie in spoek.
nl.verhalenbank.31516
Der woarde froeger altyd sein, yn it east fan Garyp roan in fôlle om mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.23094
Yn 't east fan Garyp spoeke by nacht ek altyd in dikke houn om. Dêr wienen de lju bang foar.
nl.verhalenbank.23095
Hjir yn 'e Westerein fan Garyp roan altyd in reabonte houn. Dy roan altyd hinne en wer. Dêr wienen guon bang foar, hwant hy spoeke dêr. Hy roan altyd oan 'e kant fan 'e wei lâns.
De minsken hienen it der faek oer.
nl.verhalenbank.31518
Yn Sigerswâld (ûnder Garyp) wie in dobbe yn 'e kampen foar Siger Hoekstra.
Pim fan Syberens Baeije seach altyd in âld-minske út dy dobbe kommen. Dy woarde ek sa wer wei.
nl.verhalenbank.22789
Yn Sigerswâld (ûnder Garyp) spoeken wite juffers. (Dêr hat foarhinne in kleaster fan wite nonnen west)
nl.verhalenbank.23032
De hekke by it slot fan âlde dokter Bontekoe yn Hurdegaryp stie altyd iepen. Die men him jouns ticht, de oare moarns stie er wer iepen.
Doe wie der us ien, dy sei: "Dat wol 'k us ûndersykje."
Hy die de jouns de hekke ticht en hâldde dêr de wacht by.
"Der mat in rare duvel komme," sei er, "dy't my hjir wer wei krijt en dy't de hekke iepen krijt."
Mar...
nl.verhalenbank.22912
Op 'e Skilige Piip by Feanwâlden spoeke in âld hear mei in grize hege hoed op. Men seit: "Even by de âlde hear de pipe opstekke."
nl.verhalenbank.24623
In muoike fan ús gong us op in kear fan Garyp nei Aldegea oer de barten. Sy hie in kammeraetske by har. Dy barten, dat wie letter in betonbrechje, 't is der nou wei.
Sy wienen der krekt oer hinne, doe woarden se opnom, sûnder dat se der sels erch yn hienen en sa woarden se op in hiel oar plak oer de feart set en stienen se wer oan 'e Gariper kant.
Doe...
nl.verhalenbank.22910
Us heit dy sei: "Ik leau net oan spoeken, mar ienkear ha 'k it hawn, doe kom der my in grouwe swarte houn tomjitte. Doe soe ik him goed slaen mei de stok, mar ik sloech der dwars trochhinne (myn heit wie Jelle Harmens Dykstra).
nl.verhalenbank.22792
Achter Burgum spoeke juffer Lys, dy wie yn 't wyt klaeid. Se die de minsken neat.
nl.verhalenbank.31517
Yn 'e Easterein fan Garyp spûke altyd in herdershoun.
Ik ken wol minsken dy't him dêr sjoen ha.
nl.verhalenbank.20324
Wy wennen mei ús âlden yn in keet oan 'e polderdyk ûnder Aldegea. By twa dammen dêr tichteby spûke it. Ik moest dêr altyd lâns. As ik oan ien fan dy dammen ta wie, dan bigong ik hiel hurd to rinnen, sa'n angst hie 'k dan. Mar ik ha der noait hwat fornom.
nl.verhalenbank.20240