By Bearne-daem gong 't ek altyd op in spoekjen. Dêr wienen de minsken altyd bang.
nl.verhalenbank.37783
Fan 'e Boelensloane nei 't Blauhûs ta spûke in houn.
nl.verhalenbank.25655
Oan 'e Trije Roede spoeke it ek. It is sahwat op Bearnedam. (skieding Boelensloane - Surhústerfean)
nl.verhalenbank.21403
Op alle paedtsjes fan 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema spûke it.
nl.verhalenbank.17601
Yn Grinslân stienen pleatsen, dêr koenen de skuorredoarren nachts net fan ticht bliuwe.
nl.verhalenbank.36099
Yn Hurdegaryp wie in hekke, dy koenen se net sa fêst meitsje dat er ticht bliuwe koe. 't Wie in izeren homeije, hy stie altyd iepen.
nl.verhalenbank.24389
Op 'e Goudberg roan in neaken bern om. Dat spoeke dêr. Boardzer Bruining hat it sjoen, biweart er.
nl.verhalenbank.21414
Der wienen bûthuzen, dêr doogde it net, dêr spûke it, faek op in bipaeld plak. In koe koe dêr noait fêst bliuwe, dy rekke altyd los, samar fansels; dat gebeurde yn 'e nacht. Dat is yn 'e Kompenije wol gebeurd.
nl.verhalenbank.36096
Wy wennen op Readskuorre. Wy koenen de Skeanpaden lâns nei de Hamsterheide, mar dat mochten wy net fan ús mem, hwant it spoeke op 'e houtsjes.
De Achterwei mochten wy ek net del, hwant dêr siet altyd in lyts keardeltsje op 'e leider, seinen se. Dêr spoeke it ek.
nl.verhalenbank.17595
Yn Grinslân wienen boereskuorren, dy doogden net. Dêr spûke it. Dat wie faek wol bikend. De minsken kommen net yn sa'n skuorre to sliepen, mar krigen in oar ûnderdak.
nl.verhalenbank.36204
Tusken Blauhûs en de Boelensloane spoeket in swarte houn. Ik haw him wolris sjoen.
nl.verhalenbank.17632
Oan 'e Fjouwer Roede is in loantsje, dêr spoeke jouns en nachts altyd in swarte kat. Skoanheit wie dêr deabinaud foar en doarst foar gjin noch safolle jouns of nachts yn dat loantsje komme.
nl.verhalenbank.21560
Tusken Blauhûs en de boereplaets fan Pool (dat is de kant út nei Boelensloane) roan nachts altyd in grouwe houn. Dy spoeke dêr.
nl.verhalenbank.21401
Even fierder wie in lyts sydpaedtsje, evenwijdich oan 'e greate wei nei 't Fean ta. Dêr spoeke it ek.
nl.verhalenbank.21402
Oan 'e Folgersterloane is in sydweike, tichte by de Noarderdwarsfeart. Dêr spoeke froeger in grouwe swarte houn.
't Wie in pleachbeest. Dat wie oan 't spoekeloantsje.
nl.verhalenbank.27261
Yn Hurdegaryp is in homeije, dêr giet de hikke altyd samar fansels fan iepen. Net ien wit hoe't dat komt.
nl.verhalenbank.25489
Op 'e Goudberch - tusken de Noarderdwarsfeart en Drachtster Kompenije - spoeke in berntsje. Dat wie dêr froeger formoard woarn, seinen se. Nachts tusken tolve en ien ûre kom it op 'e lappen. Dan bigong it to razen.
nl.verhalenbank.27263
Op Surhústerfean, op 'e hoeke fan Boelensloane stiet in boereplaets, dêr wennet nou Hânsma yn. Dêr wie in doar yn dy plaets, dy koenen se noait ticht hâlde. Al dienen se him noch sa bot op slot de jouns, de oare deis stie er iepen.
nl.verhalenbank.32783
Noait midden op 'e wei rinne, hwant as der hwat is, dan rint men dêr by op en falt men der achter wer by del. Dat jildt foaral foar nachts foar tolven.
nl.verhalenbank.21905
Op Bearne-daem tusken Boelensloane en Surhústerfean spoeke it altyd. Dêr roan geregeld in keardel om yn 'e nacht.
nl.verhalenbank.17678