Yn 't westen fan Aldegea, yn Opperbuorren, wenne in minske, dat hie har lytse bern forlern. Dy lytse bern waerden yn 'e tún bidobbe. Letter spoeken dy bern dêr om.
nl.verhalenbank.11525
Neakene berntsjes
Op Semarreheide hawwe jongelju wenne, dy wienen stienearm. Earst kamen der gjin bern, mar doett se lang om let ien krigen, wie it dea. Doe't se wer ien krigen, kaam dat likemin libben te wrâld. Dat gong sa oan fjouwer kear ta. Dy minsken hienen mei lijen wat kleantsjes byinoarskarrele foar de earste, mar jild om in grêf op it tsjerkhof...
nl.verhalenbank.12183
Foaroan op 'e wei nei Aldegea ta roan froeger altyd in frou mei in wite mûtse op. Dy spoeke dêr.
nl.verhalenbank.15808
Yn Olterterp by 't Godloas Tolhek spoeken altyd twa om. Dat wienen de adfokaten. De minsken koenen dêr gâns hinder fan ha. Doe ha dêr twa boeren hinne west mei in boerewein, mei twa hynders der foar. En dy ha dy beide spoeken op 'e wein set. Doe binne se mei dy spoeken fuortriden. Mar it ried ôfgryslike swier. De hynders koenen it hast net lûke. De boeren...
nl.verhalenbank.11551
Op 'e Sumarreheide spoeken trije neakene froulju mei lang hier. Der wie in man dy moete harren. Hy roan hurd fuort, mar de froulju setten achter him oan en se woannen op him. Doe bigong er noch hurder to rinnen. Doe't er thús wie koed er net mear. Hy foel op in stoel del en it swit stroomde him as wetter by de holle del.
nl.verhalenbank.11550
Der wie in feint, dy swearde en swetste der mar op los. Hy leaude oan God noch syn gebot en dat sei er tsjin elkenien. Tsjin syn maten sei er: "Der bistiet net in God en gjin duvel."
Op in kear kom er mei twa fan syn maten oerien, dat hy soe trije kear op it tsjerkhôf gean en elke kear soed er dêr God en de duvel oanroppe. Dan soenen syn maten sjen kinne...
nl.verhalenbank.15814
De tram oer de Sumarreheide ha wy allegear fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.15812
As jonge seach ik in fjûrbol wol hast sa great as in turfbak. Hy wie boven de ierde en gong nei de groun ta. It wie moai waer en it tongere of wjerljochte alhielendal net.
nl.verhalenbank.15813
Wy wennen yn in hûs yn Aldegea. Dat wie net al hielendal ôfmakke. De achterein moest der noch oan. Jouns hearden wy timmerjen op 'e souder. Mar as wy der hinne gongen wie der net in êo sjen. Letter is 't hûs ôfmakke woarn. Doe is de achterein der oan set. Dat hat it timmerjen west, dat wy earder heard hienen.
nl.verhalenbank.15811
Marten de Boer wie boer to Wergea. Ik wie by him yn 'e ûngetiid ± 1914. Doe fortelde Marten:
Der wie in boer, dy hie in poep yn 't wurk.
Dy poep soe in stik lân foar him ôfmeane. En dêr soe dy poep fansels in bidrach oan jild foar barre.
De oare deis komt de poep by de boer en seit: "Ik heb it stuk land omsniden, boer."
De boer bitelle him.
Mar doe't er...
nl.verhalenbank.15869
Yn it hûs fan Thys Jansma op 'e Tike spoeke it altyd by nacht. Earst wie der in gerattel tusken de klompen en dan waerd der in deakiste by de leider opdroegen. En dat joech altyd in bulte gedinder en gerattel. De minsken gyngen der út to wenjen. Elk wie sûnt bang foar dat hûs.
nl.verhalenbank.11499
't Wie yn 'e tiid dat de minsken nammen krigen.
Doe wie der ien, dy hie noch net in namme. 't Wie in lange fint, hy stuts wol in holle boven de oaren út. Hy sei: "Kom ik ek oan 'e beurt?"
Doe knikte ús leaven Hear, en omdat er oars neat as in holle sjen koe, sei er: "Ja, kop."
Doe miende dy fint dat dat syn namme wie en elkenien neamde him tonei Jakob.
nl.verhalenbank.20204
Doe't de fûgels allegear in namme en fear krigen hienen, hienen se allegear noch in bigear. De iene woe dìt noch ha en de oare dàt. Hwant sy woenen der graech allegearre tige moai útsjen.
Allinne de nachtegael oppenearre him net. Dy hâldde him stil. Dy wie wol tofreden mei syn ienfâldich pakje.
Mar omt er sa tofreden wie krige er 't allermoaiste geskink,...
nl.verhalenbank.20210
Us pake hie hiel slim de twaddedeiskoarts. De iene dei wie 't goed mar de oare deis wied er skjin forlegen. As er it oankommen fielde hâldde der him mei de hannen oan 'e speaken fan 'e stoel fêst, sa forlegen wied er dan. Mar dan duorre it net lang of hy koe 't net mear op 'e stoel úthâlde. Dan rekke er op bêd. Dan switte er en hy trille. Hy seach der och...
nl.verhalenbank.11542
As it net tsjernje woe, hellen de minsken Piter Poes fan Sumarreheide op. Piter Poes gong dan nei de tsjerne ta en lei der it iene of oare yn. Ik tink dat dat duveldrek of sa wie. Dan makke hy de meneuvels fan it tsjernjen. Dêr dreau hy de kwea-geasten der mei út. Hy pisse hjir en dêr del en roan om it hûs hinne.
nl.verhalenbank.11556
Dy't syn mem slacht, falle de hannen ôf.
nl.verhalenbank.12301
Der wienen minsken, dy hienen in bern, dat tsjirme. Sy tochten: Hoe moat dat dochs komme?
Njonken har wennen minsken sûnder bern.
De heit fan it sike berntsje sei: It buorwiif kin ús bern wol ris bitsjoend ha. Dat sei er ek tsjin 'e buorman.
Kin it wêze, sei er, dat dyn wiif ús bern bitsjoend hat?
De buorman woe dêr neat fan wite. Hy sei: Myn wiif is sa...
nl.verhalenbank.11557
Dy't it net sjocht hoeft net oan kant ta goan.
nl.verhalenbank.21655
Doe't Kristus stoar, wie alles stil yn 'e natuer.
Omdat se allegearre treurden. Allinne de popelier ritsele. Sûnt dy tiid kenne de popelieren gjin rêst. Sy matte altyd ritselje, as is 't ek nòch sa stil.
nl.verhalenbank.20211
Petrus is deselde dy't yn 'e hemel op 'e kaeijen passe mat. Hy is de sleutelbewaerder.
Mar op in kear binne him de kaeijen ûntfallen. Se foelen krekt op in plantsje, dêr't moaije blommen oan sieten. Doe krige dat plantsje de namme fan sleutelblom.
nl.verhalenbank.20205